Haadmenu iepenje

Patricia Kara (wiere namme: Panagiota Karamouzis, Gryksk: Παναγιώτα Καραμούζη; Chicago, 5 febrewaris 1972) is in Amerikaansk model, aktrise en presintatrise fan Gryksk etnysk komôf.

Patricia Kara
High-contrast-camera-photo.svg model
PatriciaKaraPromo.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Panagiota Karamouzis
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 5 febrewaris 1972
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Flag of Greece.svg Gryksk
wurkpaad
soarte model fotomodel, glamourmodel
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.patriciakara.com

Libben en karriêreBewurkje

Kara waard yn 1972 berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, dêr't se ek opgroeide. Letter ferfear hja foar har wurk earst nei Miami, doe nei New York en úteinlik nei Los Angeles, dêr't hja noch wennet. As model hat Kara posearre foar fotorapportaazjes yn tydskriften lykas Maxim, Forbes, Sports Illustrated, Cosmopolitan, Glamour, Redbook, Bride, Day Spa en oaren, wêrûnder ek ferskate fitnessblêden.

Fierders hat se as model meiwurke oan printe advertinsjes foar û.m. AT&T, FedEx, Venus Swimwear, The Walt Disney Company, Mitshubishi Motors, Lexus, Reebok en Snickers. Ek wie Kara op 'e tillefyzje te sjen yn reklamespotsjes foar û.m. Coors Light, Old Navy, Bally Total Fitness, Kohl's en Ericsson. Yn 2005 waard se útkeazen om ien fan 'e modellen te wêzen dy't de kofferkes mei jild fêsthâlde yn 'e populêre Amerikaanske kwis Deal or No Deal, op 'e stjoerder NBC. Dêrby hie hja kofferke nûmer 9 yn 'e hannen. Yn 'e mande mei har Deal or No Deal-kollega's Leyla Milani en Marisa Petroro die Kara mei oan in ôflevering fan 'e kwis Catch 21 foar bekende Amerikanen, wêrby't se $2.500 foar it goede doel byinoar brochten.

Njonken har modellekarriêre hat Kara ek geregeldwei as presintatrise aktyf west, û.m. by it ferslach fan 'e útrikking fan 'e Golden Globes en ferskate oare galagelegenheden, en as fideojockey ûnder de spring break (foarjiersfakânsje) yn Lake Havasu en Panama City Beach. Fierders wie Kara as aktrise te sjen yn gastrollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder Las Vegas, All of Us, Passions en Beverly Hills, 90210.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.