Pauslike Soeaven

(Trochferwiisd fan Pauslike soeaven)

De Pauslike Soeaven (Italjaansk: Zuavi Pontifici) wiene in ynfantery-rezjimint, dat yn 1861 foar de ferdigening fan de Tsjerklike Steat mobilisearre waard. It rezjimint foarme it andert op de ynterne ynstabilens en op de Risorgimento, de beweging dy't Itaalje ferienigje woe. Yn it ramt fan de Risorgimento waard de Tsjerklike Steat bedrige troch oanfallen, dy't laat waarden troch de kening fan Sardynje, Victor Emanuel II, en syn bûnsmaat Giuseppe Garibaldi, in liberaal en nasjonalist dy't de tsjerke fan de steat skiede woe.

Pauslike Soeaven

De Soeaven Douwe en Matthijs Walta út Warkum (1870).
algemiene gegevens
lân Pauslike Steat
ûnderdiel lânmacht
soarte rezjimint
bysûnderheden
haadkertier Rome
sterkte 4.592 (1868)
aktyf 18611870
konflikten
Italjaanske Unôfhinklikheidsoarloggen (Risorgimento)
Fal fan Rome

Ek ynterne swierrichheden foarmen in bedriging foar de Tsjerklike Steat. Yn it revolúsjejier 1848 wiene der opstannen, dy't yn 1849 laten ta de Romeinske Republyk. Frânske troepen holpen doe de paus der wer boppe-op.

Sadwaande rôp paus Pius IX de hiele katolike wrâld op om jonge, noch net troude manlju te stjoeren om as frijwilliger tsjinst te dwaan yn it pauslike rezjimint. Tegearre mei de Switserske Garde foarmen de Soeaven it leger fan de Tsjerklike Steat.

Oarsprong bewurkje seksje

 
De kleuren fan it Soeave-unifoarm wiene blaugriis ofset mei reade bizen (Frère Gaston, Louis en Charles de Villèle)

De Soeaven foarmen fanôf 1831 in Frânsk legerûnderdiel, dat ynearsten bestie út jonge Kabilyske Berbers dy't as helptroepen it Frânske leger yn Algerije ûndersteunden. paus Pius IX hie troch de hiele katolike wrâld in oprop dien om in driigjende ferovering fan Rome tefoarren te kommen. De unifoarmen wiene hast deselde as dy fan de Frânske soeaven, mei dit ferskil dat it tunykjaske en de pofbroek yn blaugriis útfierd wiene mei reade bizen. Op de holle droegen de Pauslike Soeaven in kepy, om't se fûnen dat de fez te islamitysk wie foar de roomske striders.

De Pauslike Soeaven ûntstiene út de Franko-Belgyske tirailleurs, in yn 1860 troch Christophe Léon Louis Juchault de Lamoricière oprjochte ienheid. Sûnt 1 jannewaris 1861 hie it de nije namme Pauslike Soeaven. Dy namme wie betocht troch de Belgyske aarstbiskop François-Xavier de Mérode, yn de tiid fan de Italjaanske ienwurding minister fan Oarloch fan de Tsjerklike Steat.

Gearstalling bewurkje seksje

It rezjimint Zuavi Pontifici ("Soeaven fan de Paus") bestie út katolike frijwilligers dy't ûnder it regear fan paus Pius IX de Tsjerklike Steat tsjin de Risorgimento ferdigenen. It gong om jonge, net-troude, roomske manlju.

It rezjimint telde sa'n 11.000 man, dy't út alle hoeken fan de roomske wrâld ôfkomstich wiene. Yn maaie 1868 telde it rezjimint 4.592 manlju, wêrfan 1.910 Nederlanners (ûnder wa 74 Friezen),[1] 1.301, Frânsen, 686 Belgen, 157 Romeinen, 135 Kanadezen, 101 Ieren, 87 Prusen, 50 Ingelsen, 32 Spanjaarden, 22 Dútsers, 19 Switsers, 14 Amerikanen, 14 Napolitanen, 12 Modenezen, 12 Poalen, 10 Skotten, 7 Eastenrikers, 6 Portegezen, 6 Toskaners, 3 Maltezen en twa Russen. De befelfiering wie yn it Frânsk en de kommandant wie de Switser M. Allet.

Ynset bewurkje seksje

Fan 1861 oant 1866 besochten de soeaven Garibaldi's troepen te ferjeien of ynlânske ûnrêst del te bêdzjen. De fokus by de striid tsjin de Italjanen lei op twa mominten: de Italjaanske kampanje fan 1867 dy't resultearre yn de Slach by Mentana en it ynnimmen fan Rome troch de Italjanen.

Kampanje fan 1867 en de Slach by Mentana bewurkje seksje

 
Soeaven yn de striid op de Montelibretti

Oan 'e ein fan 1866 waarden de Frânske troepen, dy't oant dy tiid de paus holpen hiene, út Rome weiroppen. Yn 1867 ûndernaam Garibaldi in ekspedysje en kaam de Pauslike Soeaven yn Montelibretti en letter ek yn Monterotondo yn 'e mjitte. Yntusken kamen ynwenners fan Rome yn opstân, mar ear't Garibaldi dêr oankaam wist it Pauslike leger dêr it near op te lizzen. Garibaldi wachtte by Rome op noch in opstân, mar dy kaam net mear. Yntusken kamen der ek wer Frânske troepen, dy't by Mentana tegearre mei it pauslike leger mei súkses de troepen fan Garibaldi oanfoelen. Hja fersloegen de Italjanen op 3 novimber 1867.

It ynnimmen fan Rome bewurkje seksje

Op 5 augustus 1870 rôp Frankryk de troepen werom, om't it krekt de kriich ferklearre hie oan Prusen. Doe't nei de Fal fan Sedan op 1 septimber 1870 it Twadde Frânske Keizerryk ynstoartte, hoegde Itaalje net benaud mear te wêzen foar de Frânsen. Rome waard op 20 septimber 1870 troch de Italjanen ynnommen. In dei letter waarden it Soeaveleger opheft en de soldaten nei hûs ta stjoerd.

Ferliezen bewurkje seksje

Fan de frijwilligers dy't by de Pauslike Soeaven tsjinnen ferstoar tusken 1861 en 1870 likernôch 5%.

By de Slach by Mentana ferlearen de Soeaven 144 man, wylst de Frânsen 38 man ferlearen. Dat is folle minder as it ferlies oan Italjaanske kant: Garibaldi's leger telde 1.100 deaden en ferwûnen en ek nochris 800 oant 1.000 Italjanen wiene finzen nommen. Ek by it ynnimmen fan Rome wiene de ferliezen oan de Italjaanske kant (49 man) heger as oan de kant fan de Pauslike Soeaven (19 man).

Fierwei it grutste part fan de Pauslike Soeaven dy't it libben lieten (78%) ferstoaren troch sykten. Wichtich oarsaken wiene goalera, pokken, bûktyfus en malaria. In grut part fan de slachtoffers hie tefoarren komme kind troch in bettere hygiëne (goalera en bûktyfus), faksinaasje (it pokkenfaksin bestie al langere tiid) en fersoarging (malaria).

Nederlân bewurkje seksje

 
De ta oantinken fan de Soeaven boude basilyk fan de H.H. Agata en Barbara
 
Soeavemonumint op it begraafplak fan Sint-Nyk

Nederlanners gyngen earst nei Amsterdam, dêr't it oanmeldpunt wie. Dêrnei sammelen de manlju harren yn Oudenbosch, Noard-Brabân. De pastoar dêr, pastoar Hellemons, dy't de bynamme soeavepastoar hie, joech in soad fan har ûnderdak yn in pensjonaat om dêr de earste oefening mei te meitsjen ear't se nei Rome waarden stjoerd. Dêrnei brocht de trein de manlju nei Marseille.

De soeaven hiene in soad foar de pauslike saak oer, mar hja wiene net genôch yn 'e wol ferve en moasten lang om let bûge foar de Italjaanske oermacht. Soeaven dy't werom kamen rekken harren steatsboargerskip kwyt om't hja in frjemde kriichstsjinst west hiene sûnder tastimming oan kening Willem III te freegjen.

Ta oantinken oan de soeaven bouden de ynwenners fan Oudenbosch ûnder lieding fan pastoar Hellemons de basilyk fan de H.H. Agata en Barbara, in lytse replika fan de Sint-Piter yn Rome, mei in stânbyld fan soeaven op it plein foar de basilyk. Yn de jierren fan it "Rike Roomske Libben", sa healwei de 19e iuw oant de earste helte fan de 20e iuw, teagen in soad âld-striders yn unifoarm mei harren famylje nei Oudenbosch om dêr de heechmissen en prosessys glâns te jaan. De lêste Nederlânske soeaaf ferstoar krekt nei de Twadde Wrâldkriich.

It oantinken oan de soeaven wurdt troch in pear ynwenners noch jimmeroan betocht mei it dragen fan in soeave-unifoarm by tsjerklike fierings. Fierders is der in Soeavemuseum yn Oudenbosch yn it âlde gemeentehûs fan it plak oan de Markt ûnderbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hout, Wiebe van der, Verguisde Friese zouaven krijgen gezicht, yn: de Ljouwerter Krante, 10 augustus 2020, s. 25.

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Pauslijke Zoeaven