Peetâlden

(Trochferwiisd fan Peetmuoike)

Peetâlden binne yn in soad kristlike denominaasjes folwoeksenen dy't tsjûge binne fan de doop fan in poppe, en neitiid helpe by de opfieding fan it bern. Fan oarsprong gie it dêrby benammen om 'e opfieding op religieus mêd. It is de bedoeling dat peetâlden har libben lang as in soarte fan mentor by it bern belutsen bliuwe, ek as dat al folwoeksen wurden is. Yn it ferline giene yn guon lannen mei de rol fan peetâlder ferskate wetlike ferplichtings mank. Ek tsjintwurdich noch binne de peetâlden faak ûnder de earsten dy't yn oanmerking komme om 'e fâdij oer it bern te krijen as de biologyske âlden wat oerkomt. In manlike peetâlder is in peetheit,[1][2][3][4] peteheit,[5] petefaar,[6][2][3] peetomke[2][4] of peter,[7] en in froulike peetâlder is in peetmem,[2][4] petemem,[5] peetmuoike[2][3][4] of meter.[8] It bern dat troch de peetâlden 'oannommen' wurdt, is it peetbern,[1][3][4] d.w.s in peetsoan[2][4] as it in jonge is, of in peetdochter[2][4] as it om in famke giet. It ynstitút fan it peetâlder wêzen is it peetâlderskip.

Yn 'e iere tsjerke wie der oer it generaal mar ien peetâlder, mar yn de Iere Midsiuwen waard it gebrûklik om foar ien poppe twa peetâlden oan te wizen, ien fan elts geslacht. Dy praktyk wurdt oer it algemien noch altyd oanholden yn 'e Eastersk-otterdoksy en de Oriïntaalsk-otterdoksy. Yn it Westerske kristendom kamen der lykwols almar mear peetâlden by, in ûntwikkeling dêr't it roomske Konsylje fan Metz yn 888 om 'e nocht it near op besocht te lizzen. Oan it begjin fan 'e fjirtjinde iuw wie it yn Spanje frij gongber om wol tweintich peetâlden foar in poppe oan te wizen. Yn 1240 waard yn Ingelân troch de Synoade fan Worcester beslist dat der tenei trije peetâlden foar eltse poppe oanwiisd wurde soene, twa fan itselde geslacht as de poppe, en ien fan it tsjinstelde geslacht. Dat is yn 'e Anglikaanske Tsjerke oant hjoed de dei ta wizânsje bleaun. Yn 'e sechstjinde iuw besocht de Roomsk-Katolike Tsjerke op it Konsylje fan Trente fannijs om it tal peetâlden yn te damjen, mar de roomske gewoanten oangeande it tal peetâlden ferskille noch altyd neigeraden it lân.

Yn it protestantisme libbet de tradysje fan it peetâlderskip minder as yn 'e oare kristlikse streamings. Nettsjinsteande dat strieden sechstjinde-iuwske tsjerkeherfoarmers as Marten Luther, Huldrych Zwingli en Jehannes Kalvyn allegearre tsjin 'e ynfloed fan de anabaptisten en letter de minnisten, dy't poppedoop ôfskaft hawwe woene. Mei de poppedoop bleau yn 'e wichtichste protestantske streamings, lykas it lutheranisme en it kalvinisme, ek de tradysje fan it peetâlderskip beholden. Luther, lykwols, kearde him fûleindich tsjin 'e houliksbarriêres dy't it peetâlderskip skoep: yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Eastersk-otterdoksy en de Oriïntaalsk-otterdoksy is it sa dat peetbern net mei de bern fan harren peetâlden trouwe meie om't dy as harren bruorren en susters beskôge wurde en it houlik dus in foarm fan ynsest wêze soe. Luther woe dêr neat fan witte, en ek yn 'e Anglikaanske Tsjerke waarden dy houliksbarriêres yn 1540 ôfskaft. Fierders lei Zwingli benammen de klam op 'e rol fan 'e peetâlden as mentors op it mêd fan religieuze opfieding ynstee fan as tsjûgen by de doop. En Kalvyn joech der sterk de foarkar oan dat de peetâlden tagelyk ek de biologyske âlden wêze soene, nettsjinsteande it feit dat er sels yn syn libben 47 kear peetheit wie. Yn Nederlân spilet it peetâlderskip tsjintwurdich inkeld yn roomske fermiddens noch in rol fan betsjutting.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 743.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 558..
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 562..
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 4,6 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1469..
  5. 5,0 5,1 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1477..
  6. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 746.
  7. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1478..
  8. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1169..

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.