Pella (Iowa) is in stedsje yn de steat Iowa yn de Feriene Steaten fan Amearika.

Pella
Lizzing Pella yn Iowa
Lizzing Pella yn Iowa
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Iowa
Distrikt Marion
Sifers
Ynwennertal 110.352 (2010)
Oerflak 17,7 km²
Befolkingsticht. 439 / km²
Hichte 264 m
Oar
Tiidsône Central (CST) (UTC-6)
Simmertiid CDT (UTC-5)
Offisjele webside
www.cityofpella.com
De Vermeer Mill.

It stedsje hat in grut tal ynwenners mei Nederlânske foarfaren, sa as de ôfskieden dûmny Hendrik Scholte. Dêr is in iepenloftmuseum wijd oan Hollân, mei ûnder oaren in stellingmole, de 'Vermeer Mill' dy't mealree is. Alle jierren, yn maaie, wurdt it Hollânsk ferline fierd mei it Tulip Time Festival (mei tulpetunen, klompdûnsjen, âlde ambachten en optochten).

Dêr wurdt Pella-Nederlânsk praat: in dialekt ôflaat fan it Súd-Geldersk.