Peter Bradshaw (folút: Peter Nicholas Bradshaw; yn Ingelân, 19 juny 1962) is in Britsk sjoernalist en filmkritikus, dy't ek aktyf is as skriuwer. Sûnt 1999 is er de wichtichste filmkritikus fan 'e foaroansteande krante The Guardian. Bradshaw is ek bydragend redakteur fan it tydskrift Esquire.

Peter Bradshaw
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Nicholas Bradshaw
nasjonaliteit Britsk
berne 19 juny 1962
berteplak ? (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, skriuwer
aktyf as filmkritikus, senarioskriuwer
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
theguardian.com/profile/peterbradshaw

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Bradshaw genoat ûnderwiis oan 'e Haberdashers' Aske's Boys' School yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Hy studearre Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Cambridge, dêr't er yn 1984 in bachelorgraad behelle. Neitiid folge er in doktorale stúdzje yn ier moderne skiednis, dêr't er yn 1989 op promovearre.

Begjin 1990-er jierren fûn Bradshaw wurk as kollumnist by de Britske krante de Evening Standard. Yn 'e oanrin nei de Britske parlemintsferkiezings fan 1997 waard him frege in rige parodyen te skriuwen yn 'e foarm fan sabeare deiboekskriuwsels fan parlemintslid en histoarikus Alan Clark, in lid fan 'e Konservative Partij. Dyselde koe dêr lykwols net om laitsje, en klage de krante en Bradshaw persoanlik oan foar kwealaster.

De rjochtsaak, dy't de earste yn 'e Britske skiednis wie wêrby't in krante foar de rjochter dage waard troch it ûnderwerp fan in satire, duorre oant jannewaris 1998. Bradshaw waard troch The Guardian út 'e wyn holden en hoegde gjin tsjûgenis ôf te lizzen. Rjochter Gavin Lightman kedize úteinlik dat Clark yn syn rjocht stie, mei't de stikjes publisearre wiene op sa'n manear dat men der reedlikerwize fanút gean mocht dat in oansjenlik diel fan 'e lêzers leauwe soe dat Clark de stikjes sels skreaun hie. Bradshaw kwalifisearre de rjochtsaak as "it meast bizarre en surreälistyske foarfal út myn profesjonele bestean".

Yn 1999 waard Bradshaw by The Guardian oannommen as wichtichste filmkritikus, en sûnt skriuwt er yn it katern Film&Music fan dy krante eltse freed in resinsje fan in nij útkommen film. Dêrnjonken is er geregeldwei te gast yn 'e filmrubryk Film … (folje foar de puntsjes it oangeande jiertal yn), op 'e BBC-tillefyzje. Bradshaw waard troch de jierren hinne fjouwer kear nominearre foar de British Press Award foar filmkritikus fan it jier (te witten yn 2001, 2007, 2013 en 2014). Yn septimber 2019 waard in kar út syn filmresinsjes ûnder de titel The Films That Made Me … yn boekfoarm publisearre troch útjouwerij Bloomsbury Publishing.

Los fan syn wurk as sjoernalist is Bradshaw ek aktyf as skriuwer. Anno 2021 binne der fan syn hân trije romans ferskynd: Lucky Baby Jesus (1999), Dr. Sweet and His Daughter (2003) en Night of Triumph (2013). Ferskaten fan syn koarte ferhalen binne yn foarlêzen foarm útstjoerd oer de BBC-radio. Bradshaw skreau ek it harkspul For One Horrible Moment, dat yn 1998 troch de BBC útstjoerd waard. Fierders wied er by de komeedzjesearje Baddiel's Syndrome, dy't yn 2001 op 'e tillefyzjestjoerder Sky One te sjen wie, belutsen as sawol senarioskriuwer as akteur.

  • 1998 – For One Horrible Moment (harkspul)
  • 1999 – Lucky Baby Jesus (roman)
  • 2003 – Dr. Sweet and His Daughter (roman)
  • 2013 – Night of Triumph (roman)
  • 2016 – Reunion (koart ferhaal)
  • 2017 – Neighbours of Zero (koart ferhaal)
  • 2020 – Senior Moment (koart ferhaal)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.