Peter II van den Ghein

(Trochferwiisd fan Peter van den Ghein jr)

Peter II van den Ghein (ek wol 'Gheyn') wie de soan fan brûnsjitter Peter I (sr). Hy wurke yn Mechelen yn it tiidrek 1561-1593. Hy stoar dêr ek yn 1598.

Wis is it net, mar der wurdt oannaam dat hy klokkejitter waard nei it ferstjerren fan syn heit Peter I yn 1561. Peter jr. wie in begoedige man, mei troch in protte huzetransaksjes.

It docht bliken dat Peter II oan syn dea yn 1598 aktyf wie, wat in lang skoft tiid wie. It soe kinne dat de lêste klokken út syn wurkpleats fan de hân fan syn soan Peter III west hawwe? Twa oare soannen, Hendrik en Jan III, waarden ek klokkejitter.

Oars as syn heit hat Peter II suver gjin beierds makke. Wol hat er meardere klokkespullen útwreide. As klokkejitter makke hy meast liedklokken.

Yn de Us-Leaffrou-basilyk yn Halle hingje klokken dy't troch him getten binne.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. van Doorslaer, Les Van den Ghein fondeur de cloches, canons, sonnettes et mortiers à Malines. Yn: Annales de l’Académie Royale d’Archéologie de Belgique, tome 62, 1910, p.463-671.
  • Marc & Karine van Bets-Decoster, De Mechelse klokkengieters (Mechelen, 1998).
  • Stad met Klank. Vijf eeuwen klokken en klokkengieters te Leuven. Tentoanstelling 16 juny – 3 septimber 1990, s.44.