Petreius Tiara (Warkum, 15 july 1514 - Frjentsjer, 9 febrewaris 1586) wie in dokter.

Petreius Tiara
(Koll. Museum Martena)

Petreius Tiara krige syn earste ûnderwiis yn Haarlim. Hy studearre genêskunde yn Leuven en gie doe nei Dútske, Frânske en Italjaanske universiteiten, en promovearre oan ien fan de lêsten. Yn Frjentsjer wie hy earst genêshear, mar waard letter dosint yn de âlde talen yn Leuven, dêr't yn 1553 Suffridus Petrus syn learling wie. Yn 1555 wie hy stedsgenêshear yn Delft, en gie grif yn 1557 nei Frjentsjer, yn 1559 of 1560 as professor yn it Gryksk nei Douai, en kaam, omt syn frou ûnwennich wie, yn 1565 wer as stedsgenêshear werom yn Frjentsjer, en wie dêr, sa't it skynt, ek grytman. Op 17 july 1575 beneamden kurators fan de Leienske Akademy him as ‘prof. der Griexsche tale ende vrye consten ende scientien van dien’ op in wedde fan ƒ 400. Yn de jierren 1575, 1577 en 1578 wie hy rektor magnifikus. Yn maart 1585 dielde hy oan de kurators mei, dat hy op foardieliger kondysjes (ƒ 500) yn Frjentsjer beroppen wie as professor yn it Gryksk, en frege ûntslach, dat him ferliend waard; it jier dêrnei al ferstoar hy. Tiara wie earst troud mei Pietrick Anskes, in houtkeapersdochter, dy't foar 1554 ferstoar, en dêrnei mei Aef Barendts, dy't him oerlibbe en wertroude mei Dr. Jacob Meintes; hja stoar op 23 septimber 1597.

Utjeften bewurkje seksje

  • Latynske oersettings fan Plato's Sophista (Leuven 1533);
  • Euripides' Medea (Utert 1543);
  • Pythagoras, Phocylides, Theognis, Carmine latino expressi, yn 1589 te Frjentsjer útjûn troch Joh. Arcerius, de foud fan syn trije bern;
  • Veteri Frisiorum disciplina militari restauranda et de verae nobilitatis insignibus poemation (dêre, 1597).
  • Oare gedichten fan him steane yn Janus Dousa's Poemata en yn Gruter's Deliciae Poetarum Belg. IV;

Syn gedichten wurde troch kenners as Peerlkamp en Boot tige goed ûntfongen. In net-útjûne Paraphrasis in Aphorismos Hippocratis hie Granvelle. Syn bibleteek, wêryn útjeften mei oantekeningen yn haadstikken fan him, waard foar de Frjentsjerter Akademy oankocht, en bedarre letter yn de Provinsjale Fryske Bibleteek.

Syn skildere portret is op it stêdhûs fan Frjentsjer. It ferskynde ek yn de Alma Academia fan 1614.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Siegenbeek, Gesch. Leidsche Hoogeschoot II, T. en B. 56;
  • Boeles, Friesl. Hoogeschool II, 44 en 839;
  • Hoeufft, Parnassus 30;
  • Ridderbos, Philologie aan de Leidsche Universiteit (dissertaasje V.U. Amst. 1906) 108.