Petrus Groenia (Makkum, 5 oktober 1769 - Koudekerk aan de Rijn, 1 july 1844) wie in militêr offisier en keunstskilder.

Petrus Groenia
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 5 oktober 1769
berteplak Makkum
stoarn 1 july 1844 (74 jier)
stjerplak Koudekerk oan de Ryn
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, tekener
medium oaljeferve, ivoar
bekendste
  wurk(en)
portretten fan Betje Wolff, Aagje Deken
jierren aktyf 1784 - 1844
offisjele webside
gjint

Petrus wie de iennichste soan fan Jan Groenia en Syske Harmannes Broeksma. Hy wie in learling fan H. W. Beekkerk en wurke yn Ljouwert. Groenia skildere portretten (ek dy fan Betje Wolff en Aagje Deken), lânskippen en histoarjestikken.

Yn 1787 naame er frijwillich tsjinst by de Fryske Brigade yn Utert, mar moast mei oare Fryske patriotten nei Frankryk flechtsje, earst gie it nei Duinkerken en doe nei Sint Omer. As militêr hâlde er lang yn Frankryk ta, troude dêr ek, bleau skilderjen en tekenjen. Yn 1797 waard er luitenant by de Fryske Brigade en kaam er werom yn Nederlân. Letter die er mei oan de fjidtochten tsjin Spanje (1810-1814) en waard dêrfoar ûnderskieden mei it Kruis van het Legioen van Eer. Wilens kolonel wurden, fjochte er oan de Frânske kant yn Slach by Waterloo.

Yn 1813 werom yn Nederlân ferwurke er syn ûnderfinings yn histoarjestikken en hie er gereldwei útstallings dy't tige wurdearre waarden. Ek waard er dosint oan de Akademy fan Gint.

Yn de Tsiendeiske Fjildtocht tsjin Belgje jout Groenia as luitenant-kolonel lieding oan 2e Ofdieling fan de Fryske skutterij, dy't in foarname bydrage levere yn de Slach by Houthalen (1831). Neifolgjend, bleau Groenia oant syn dea yn 1844 keunstskilder yn Amsterdam.

Kar út syn wurk

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • RKD, biografyske gegevens
  • Kl. Sierksma, artikel Mais et art yn Mars et Historia 1966-1996, nûmer 2 april/juny 1996, Nederlandse Vereniging ter beoefening van de Militaire Historie
  • Geschiedenis der vaderlandsche schilderkunst, sedert de helft der ... - Roeland van Eijnden, Adriaan van der Willigen - 1820

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Groenia, Petrus.