Philip Baker Hall

Philip Baker Hall (Toledo Ohio, 10 septimber 1931Glendale Kalifornje, 13 juny 2022) wie in Amerikaansk akteur. Hy waard yn 1998 nominearre foar in Independent Spirit Award foar syn haadrol yn de misdie-dramafilm Hard Eight en yn 2006 foar in Satellite Award foar syn byrol yn de komeedzjesearje The Loop. Hall waard yn 1998 ek nominearre foar in Screen Actors Guild Award Tegearre mei de hiele cast fan Boogie Nights en nochris yn 2002 mei dy fan Magnolia.

Philip Baker Hall
akteur
Philip Baker Hall (2009)
Philip Baker Hall (2009)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Philip Baker Hall
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 septimber 1931
berteplak Toledo
stoarn 13 juny 2022
stjerplak Glendale
jierren aktyf 1970-2022

Karriêre bewurkje seksje

Hall makke yn 1970 syn film - en akteardebút as Heit Reis yn de dramafilm Cowards. Sûnt spile er rollen yn mear as sechstich oare films, mear as njoggentich ynklusyf dy yn telefyzjefilms. Op telefyzjemêd droech Baker Hall ek net swak by, mei't er ferskynde as werkommend personaazje yn mear as fyftich ôfleveringen fan mear as tsien ferskillende telefyzjesearjes. Ek hie er gastroltsjes foar ien kear yn mear as 35 oare searjes.

Hall ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 90 jier.