Pier Nobach (De Grinzer Pein, gemeente Gruttegast, 11 septimber 1882Sâltbommel, 3 maart 1965) wie in Nederlânsk oarlochsmisdiediger en NSB'er yn de Twadde Wrâldkriich.

Nobach wie in soan fan keapman Hermanus Nobach en Martje Bijma. Hy boaske op 5 juny 1907 (24 jier) mei de achttjinjierrige Dútske Elisabeth Borgards, neffens de ferhalen soe hy troch har ynteresse yn it nasjonaalsosjalisme krigen hawwe. Twadde helte jierren '30 setten sy har' nei wenjen op in pleats yn Doezum. Dêr fierde Nobach, mei de bynamme 'duvel fan it Westerkertier', yn de oarlochsjierren in enoarm skrikbewâld, mar hy soe sels gjin minsken deadien hawwe.

Op 30 oktober 1943 waard der in oanslach op syn pleats dien troch it ferset: Nobach wie lykwols net thús, syn soan Herman fan 27 jier dy't oan it melken wie rekke dêrby dea[1]. In stikmannich dagen letter waarden de twibakfabrikant Taeke Schuilenga en gemeentesekretaris Gerrit Beukema as ferjilding eksekutearre. Beide wienen foaroansteande doarpsmanlju yn de omkriten en ek tige anti-Dútsk[2]. Ek waard der in oanslach dien op M. de Vries, haad fan de Kr. Ulo-skoalle yn Noardhorn. Hy koe lykwols ûntkomme. Yn Súdhorn wie in moanne earder de sjef fan de plysje foar it hiele Westerkertier fan Grinslân, de Opperluitenant fan de Maresjessee Klavers deasketten. Yn de nacht fan 12 en 13 novimber 1943 folge in razzia wêrby't 38 minsken út it Westerkertier en de omkriten fan Surhústerfean arrestearre binne. Sy waarden deselde deis noch as giselers nei in konsintraasjekamp Vught brocht. By de razzia foelen twa deaden: Bellinga yn Niekerk en Kalk, gemeentesekretaris fan Gryptsjerk. Alle gizelers hellen de ein fan de oarloch.

Op Mâle Tiisdei, 5 septimber 1944, waard it Nobach te hjit ûnder de fuotten. Hy flechte mei syn frou nei syn skoanfamylje yn Osterath yn Dútslân. Syn pleats yn Doezum ferhierde er oan Anne de Haan. De Haan krige al gau in briefke dêr't út bliken die dat er net wolkom wie op 'e pleats. Hy spile it briefke en syn fermoeden fan wa 't it kaam troch oan de pleatslike lânwachter Berend Cazemier, dy't it berjochte oan de beruchte SD'er Robert Lehnhoff. Lehnhoff gie mei syn moardkommando nei Doezum en deade dêr de 53-jierrige ferver Albert Krijthe, de 50-jierrige garaazjehâlder Lubbe Renkema en de 54-jierrige Jan Pera .

Nei in pear moanne Dútslân gie Nobach begjin 1945 werom nei syn pleats yn Doezum. By de befrijing fan dat gebiet waard Nobach op 15 april 1945 arrestearre yn de Surhúster Mieden. Hy wie dêr, fanwegen de kommende befrijing, ûnderdûkt by in oare NSB'er.
By de behanneling fan syn saak yn 1949 easke de advokaat-fiskaal foar it Bysûnder Gerjochtshof Ljouwert de deastraf tsjin Nobach. Mei't er al op jierren wie en om reden fan de moard op syn soan lei it hof him libbenslange finzenisstraf op. Nobach waard nei Nieuw Vosseveld yn Vught oerbrocht, mar waard in pear moanne letter alwer frijlitten fanwegen syn minne geastlike sûnens. Nei't er frijlitten wie hat Nobach noch in skoft in kafee hân yn De Haach en letter hie er in buorkerij ûnder Zeegse yn de Drinte.[3] Syn oarehelte stoar op 24 desimber 1955 yn Anloo.[4] Nobach stoar op 3 maart 1965 yn in fersoargingshûs yn Zaltbommel en waard yn Súdlaren beïerdige.[5]

  • Paul van de Water: In dienst van de nazi's. Gewone mensen als gewelddadige collaborateurs. Utjouwerij Omniboek, Utert, 2020. ISBN 978-9401916097

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd, 11 april 2005, Oorlog nog net niet van horen zeggen
  2. Trouw.nl (4 maaie 2004): "Pake kon niet tegen onrecht"
  3. Pier Nobach terroriseerde Doezum en wijde omgeving (Friesch Dagblad, sneon 26 oktober 1963)
  4. Overlijdensregister Anloo 1955, aktenûmer 40
  5. Pier Nobach, op Graftombe.nl