Pieter Gerbenzon (Ljouwert, 20 juny 1920 - Luino (Itaalje), 2 septimber 2009) wie in Nederlânske heechlearaar rjochtsskiednis oan de Universiteit Grins en lid fan de Keninklike Nederlânske Akadeemje fan Wittenskippen.

Oplieding bewurkje seksje

Gerbenzon krige troch in eksamen in stúdzjebeurs fan ien fan de tradisjonele Fryske "lienen" en studearre dêrnei rjochten yn Grins. Yn 1943 tekene er, út namme fan de stifting, in loyaliteitsferklearring en waard dêrtroch nei de Twadde Wrâldkriich foar njoggen moannen fan syn stúdzje útsletten. Sa kaam it dat er earst yn 1947 doktoraal eksamen die. Op oanstean fan J.H. van Meurs, heechlearaar Romeinsk- en âldheitelânsk rjocht, folge Gerbenzon nei syn kandidaatseksamen, kolleezjes fan lektor Frysk, P. Sipma, om Aldfryske rjochtsboarnen lêze te kinnen. Hy waard letter oannomd as assistint fan heechlearaar Frysk J.H. Brouwer. Yn 1950 waard Gerbenzon wittenskiplik amtner en krige er in stúdzjebeurs foar Oxford, dêr't er Fryske manuskripten bestudearre en kolleezjes fan de paleograaf Neil Ker folge. Dêrnei krige er in ZWO-stipendium foar in tal moannen yn Parys, benammen om de Codex Parisiensis te ûndersykjen, die er letter ek útjûn hat. Gerbenzon's promoasje wie op 18 desimber 1956 en de titel fan syn dissertaasje wie: Excerpta legum, onderzoekingen betreffende enkele Friese rechtsboeken uit de vijftiende eeuw.

Wurkpaad bewurkje seksje

Koart nei syn promoasje waard Gerbenzon beneamd as heechlearaar Fryske taal- en letterkunde yn Utert; hy bleau ek yn Grins oan 't wurk, no as wittenskiplik haadamtner A. Syn oraasje yn maart 1958 gie oer Friese rechtstaal en vreemd recht. Yn 1964 beneamde de Grinzer juridyske fakulteit Gerbenzon ta gewoan heechlearaar mei de learopdracht "it âldfryske en it âld-kanonike rjocht". De inaugurale rede hannele oer Emo van Huizinge, een vroege decretalist. Nei it ferstjerren fan heechlearaar âldheitelânsk rjocht P.W.A. Immink frege syn fakulteit Gerbenzon ûnderrjocht yn dat fak te jaan en waard syn learopdracht útwreide mei "elementaire uitwendige Nederlandse rechtsgeschiedenis". Hy publisearre yn 1969 (tegearre mei syn learling N.E. Algra) it learboek Voortgangh des rechtes, de ontwikkeling van het Nederlands recht tegen de achtergrond van de West-Europese cultuur. Hy wie teffens redakteur fan it Tijdschrift voor Rechtsgeschiedenis. Yn 1982 naam Gerbenzon earfol ûntslach.

Boarne bewurkje seksje

  • R. Feenstra - Pieter Gerbenzon, yn: Levensberichten en herdenkingen. Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen, siden 20-26, 2010.