Pieter Klazes Pel (1797-1878)

(Trochferwiisd fan Pieter Klazes Pel)

Pieter Klazes Pel (Drachten, 4 febrewaris 1797 - dêre, 25 maaie 1878) wie dokter en froedmaster.

Libben en wurk bewurkje seksje

Pieter Pel syn âldepake hie in pelmûne by Ljouwert en joech de famylje syn namme. Syn heit, Klaas Pieters Pel, hie him opwurke fan klerk op de sekretary nei prokureur-fiskaal fan Smellingerlân. Pieter Pel troude mei Corneliske Andries Andringa.

Hy studearre oan de Universiteit fan Amsterdam en waard dêrnei hielmaster en froedmaster yn Oentsjerk fan 1817 oant 1821. Yn Drachten hie er deselde funksje fan 1821 oan 1857. Al yn 1832 wie er mei-oprjochter fan de earste feriening foar drankbestriding yn Nederlân, de 'Maatschappij van Matigheid te Drachten'.

Pel hie in soad niget oan lânbousaken. Yn 1852, by de oprjochting fan de Friese Maatschappij van Landbouw, waard er bestjoerslid fan de 9e ôfdieling fan de Fryske Mij. Yn dy snuorje hat er teffens riedslid en wethâlder fan Smellingerlân west. Doe't er yn 1857 syn dokterspraktyk oerdien hie oan syn soan Klaas Pieters Pel, ferhuze er nei Drachtster Kompenije en bejoech er him yn de lânûntginning. Hy liet dinnebosken op de heide sette om in humuslaach te krijen. Nei ferrin fan jierren waard de bosk kapt en waard der bou- en weidlân fan makke. Pel stifte ek in pear pleatsen op it nije lân, ûnder oaren 'Agronomielust' ûnder de Kompenije. Yn Oerterp hie er de bûtenpleats 'Rustwijk' dêr't er ek faak tahâlde; yn 1871 ferkocht er dit hearehûs.

Yn septimber en oktober 1903 ferskynde it fúljeton De familie Pel yn de Drachtster Krante. Pieter Pel wurdt dêryn omskreuan as in man "onbesproken gedrag en een matige en spaarzame levenswijze". Yn Drachten is in strjitte nei dokter Pel neamd, de P. K. Pelstrjitte.

Literatuer bewurkje seksje

  • P. van Schaik, Pieter Klazes Pel 1797- 1878. Arts te Oenkerk en Drachten, yn It Beaken: meidielingen fan de Fryske Akademy, ISSN 0005-738X (1980), s. 286-299

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oostra, Jolt, Drachster namen. Toponymy van Drachten, 1997. s. 277
  • Douwe de Graaf, Drachten, mensen door de tijd