Gjalt Pilat

(Trochferwiisd fan Pilat & Pilat)

Gjalt Pilat (Bûtenpost, 11 oktober 1949) is in foarmjouwer fan meubels út Twizel.

Pake Sytse

Gjalt groeide op yn in húshâlding mei fjirtjin bern. De meubelstikken fan de Famylje Collection makket er yn de mande mei syn frou Diny. De meubelstikken krigen ek nammen fan omkes, muoikes, neven en nichten. Gjalt brûkt de materialen sa klear en suver mooglik mei in hege kwaliteit. Hy siket om in ienfâldige oardering, mei leafde foar it ambacht en materiaal. Opset fan Gjalt Pilat is om syn meubels der robúst en sober út sjen te litten. De ôfwurking bart mei natuerlike oalje en/of sjippe, sadat it hout syn natuerlike oansjen hâldt.

Yn 1974 begûn Gjalt Pilat yn Twizel mei it restaurearjen en ferkeapjen fan antike meubels. Hy hie niget oan de skientme en funksjonaliteit fan it âlde húsrie en de ambachtlikens dêr't it mei makke wie. Sa wurde der by tiden âlde houtferbinings yn de meubels brûkt en wurdt in soad (massyf) iperenhout brûkt. Neat wurdt yn searje makke, alles is hân- en metten wurk. Yn it famyljebedriuw wurkje ek syn dochter Kristien Pilat en Peter Tromop, beide âld-studinten fan de hegeskoalle yn Kampen en Swol, it hjoeddeiske ArtEZ, it ûntwerpteam fan Pilat&Pliat.

Vredeman de Vries-priis bewurkje seksje

Yn 2011 krige er de Vredeman de Vries-priis foar syn foarmjouwing fan it ûntwerpen fan de tafelrige "Pake Sytze", neamd nei Gjalt syn pake. De rige ‘Pake Sytse’ is basearre op de klokkestoel. De konstruksje fan de klokkestoel is útgongspunt foar de meubels dy't besteane út in rjochthoekige en in ovale tafel yn wâlnutehout en in hege tafel yn ikehout.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: