Pinsielsturtsliepmûs

(Trochferwiisd fan Pinseelsturtsliepmûs)

De pinsielsturtsliepmûs (Latynske namme: Graphiurus murinus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e Afrikaanske sliepmûzen (Graphiurus), dat lânseigen is yn Súd-Afrika. It is ien fan fjouwer sliepmûzesoarten dy't inkeld en allinnich yn dat lân foarkomme. Dizze soarte waard foar it earst yn 1822 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske biolooch Anselme Gaëtan Desmarest.

pinsielsturtsliepmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje sliepmûzen (Gliridae)
skaai Afrikaanske sliepmûzen (Graphiurus)
soarte
Graphiurus murinus
Desmarest, 1822
IUCN-status: net bedrige

Biotoop bewurkje seksje

De pinsielsturtsliepmûs stiet ek wol bekend as de Afrikaanske dwerchsliepmûs, en wurdt yn syn ferspriedingsgebiet wol de micro squirrel (it "mikro-iikhoarntsje") neamd. It natuerlike biotoop fan dit bist wurdt foarme troch tropyske en subtropyske reinwâlden yn berchgebieten, dêr't er dan syn habitat hat deunby rivieren of oar streamend wetter.

Status bewurkje seksje

De pinsielsturtsliepmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Pinsielsturtsliepmûzen wurde inkeld wol as húsdier holden, mar binne der net sa gaadlik foar, om't se yn ferhâlding ta oare domestisearre kjifdieren in tige yngewikkelde fersoarging brek binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.