Pius IX (berne as Giovanni Maria Mastai-Ferretti (Senigallia, 13 maaie 1792Rome, 7 febrewaris 1878) wie de 255e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. It pontifikaat fan Pius IX duorre fan 1846 oant 1878. Mei in pontifikaat fan 31 jier, 11 moannen en 23 dagen wie Pius IX (Pio Nono) nei Petrus (35 jier) de langst regearende paus fan Rome (2021).

Pius IX
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
foargonger Gregoarius XVI
opfolger Leo XIII
wapen
wurkpaad
kardinaal 23 December 1839 (in pectore)
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Giovanni Maria Mastai-Ferretti
bertedatum 13 maaie 1792
berteplak Senigallia
stjerdatum 7 febrewaris 1878
stjerplak Rome
etnisiteit Italjaansk
hillichferklearring
sillich ferkl. 3 septimber 2000
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 7 febrewaris

It pontifikaat fan Pius foel yn in drege tiid mei revolúsjonêre krêften en grutte feroarings. Yn syn tiid kaam der in ein oan de wrâldske macht fan de paus, de Roomsk-Katolike Tsjerke ferlear de kontrôle oer de hiele tsjerkesteat en moast it hiele gebiet ynklusyf de stêd Rome oan it nije keninkryk Itaalje ôfstean. Sûnt 1870 beskôge Pius himsels as in finzene yn it Fatikaan; hy wegere gear te wurkjen mei de Italjaanske steat.

Yn 1854 rôp Pius IX it dogma fan de Unbesmodske Untfinzenis fan Marije út. As primaat fan de Tsjerke rôp Pius it Earste Fatikaansk Konsylje by inoar (1869–1870), dat de ûnfeilberens fan de paus as dogma goedkarde. Yn de tiid fan syn pontifikaat waarden der 206 nije bisdommen stifte.

Pius IX waard yn it jier 2000 sillich ferklearre troch paus Jehannes Paulus II.

Jongerein en ropping

bewurkje seksje

Pius IX waard berne as Giovanni Maria Mastai-Ferretti, it njoggende bern út it houlik fan greve Girolamo Mastai-Ferretti en Caterina Solazzei di Fano. De famylje Mastai-Ferretti wie oarspronklik fan Lombardije en hie him letter yn Senigallia yn it hartochdom Urbino nei wenjen set. Giovanni's heit wie dêr boargemaster fan de stêd.

Nei de legere skoalle folge Giovanni in oplieding oan it Collegio Scolpii yn Volterra, in skoalle ûnder lieding fan de piaristen. Op skoalle liet Giovanni sjen dat er benammen goed yn wiskunde wie.[1]

Pius VII. De paus hie grutte ynfloed op it tsjerklike libben fan Mastai-Ferretti, dy't dêrom nei syn ferkiezing fan paus de namme Pius oannaam

Yn 1808 sette Giovanni útein mei in stúdzje filosofy en teology yn Rome, dêr't er útfanhuze by syn omke Paolino Mastai-Ferretti. Dy omke wurke oan it pauslike hôf en wie as koarhear ferbûn oan de Sint-Pitersbasilyk. Yn dy snoarje stie de posysje fan de Tsjerke ûnder swiere druk. Paus Pius VII wie lykas syn foargonger, paus Pius VI, troch Napoleon finzen nommen en nei Frankryk deportearre, dêr't hja him yn it kastiel Fontainebleau fêst holden. Ek Giovanni's omke Paolino waard út Rome ferballe en in oare omke, Andrea Mastai-Ferretti – op dat stuit de biskop fan Pesaro[2] – waard finzen holden yn Mantua, om't dy wegere it nije Frânske regear te erkennen.[3] Foar de feiligens naam Mastai-Ferretti dêrom it beslút nei syn berteplak Senigallia te gean.

Yn 1814 kaam Giovanni wer nei Rome, dêr't er in fersyk yntsjinne om by de Ealwacht te gean, in troch Pius VII stifte legerienheid om it pausdom te beskermjen. Fanwegen syn epileptyske oanfallen waard er lykwols ôfwiisd.

Dêrnei folge Giovanni syn stúdzje oan de pauslike Accademia Ecclesiastica, de diplomatenoplieding fan de Hillige Sit. As ûnderdiel fan syn stúdzje holp er mei de weropbou fan de Tsjerke yn Rome, mar ek yn Senigallia. Dêrom waard Giovanni op 18 desimber 1818 talitten as subdiaken.[4] Der wurdt sein dat yn dy tiid de letter hillich ferklearre Vincentius Pallotti foarsei dat Giovanni Mastai-Ferretti letter paus wurde soe en dat er troch it oanroppen fan Marije fan Loreto better wurde soe fan syn sykte.[5][6]

Op 10 april 1819 waard Giovanni Mastai-Ferretti ta preester wijd. Fanwegen syn epileptyske oanfallen wie dêr in spesjale dispensaasje foar nedich. Om dy te krijen skreau er streekrjocht nei Pius VII, dy't it fersyk ynwillige en him tawinske dat er gjin lêst mear hawwe soe fan de sykte. Wol stelde de paus it betingst dat Giovanni allinne de misse opdrage mocht as er dêrby holpen waard troch in oare preester.[7][8]

Pius IX fiert de earste misse

Nei de preesterwijing waard Giovanni oansteld as spiritueel direkteur fan it weeshûs Tata Giovanni ("papa Giovanni") yn Rome. Dat wie stifte troch Giovanni Borgi, dy't, fan earme komôf, syn libben wijde oan de help fan earmen en strjittebern.[9]

Giovanni Mastai-Ferretti wie yn de jierren 1814-1818 al aktyf yn it weeshûs en hie û.o. de bern godstsjinst ûnderwiisd. De Chiesa di Sant'Anna dei Falegnami, de oan de hillige Anna wijde tsjerke by it weeshûs, wie de tsjerke dêr't Giovanni syn earste misse nei syn wijing as preester opdroech.

Missy nei Sily

bewurkje seksje

Yn 1823 frege aartsdiaken Joseph Ignatius Cienfuegos fan de katedraal fan Santiago de Chile it Fatikaan om in missy nei it Súd-Amerikaanske lân te stjoeren om dêr de tsjerklike hiërargy wer yn oarder te meitsjen. It lân wie yn in ûnôfhinklikensstriid mei Spanje ferwikkele, dat eltse foarm fan selsbestjoer ôfwiisde. De biskoppen yn Sily wiene of ferstoarn of werom gien nei Spanje en in soad sitten bleaune no ûnbeset. Tusken de nije republyk Sily en de Hillige Sit bestiene doe noch gjin diplomatike en tsjerklike bannen.[10][11]

Al sûnt it begjin fan de missy wiene der swierrichheden. Sa waarden it skip ûnderweis nei Sily yn de haven fan Palma op it Spaanske eilân Mallorca oan it ket lein en de tsjerklike fertsjintwurdigers troch de Spaanske autoriteiten ûnderfrege oer it doel fan de reis.[12] Nei in hoart finzenskip koe de reis fierder en op 31 desimber 1823 kaam it skip oan yn Buenos Aires om oer lân fierder te reizgjen nei Sily.

Alhoewol't de befolking de Romeinske delegaasje freoanlik ynhelle, hie it regear net in soad op mei de bemuoiïng fan de Hillige Sit. Yn 1824 naam it regear ferskillende maatregels tsjin de Tsjerke: tsjerklike besittings waarden yn beslach nommen, geastliken kamen yn tsjinst fan de steat en kleasters waarden opheft. [13] Op 5 juny 1825 kaam de delegaasje sûnder resultaat werom yn Itaalje.[14]

Yn Rome stelde Leo XII Giovanni oan as kanunnik fan de Santa Maria in Via Lata en direkteur fan it Ospedale San Michele.[15] Dy ynstelling wie yn 1693 stifte troch monseigneur Odescalchi, in neef fan paus Innocentius XII as opfang foar wezen, âlde manlju en froulju dy't yn de prostitúsje wurke hiene. It ynstitút wie troch wanbestjoer troch it jild hinne rekke, itjinge troch Giovanni yn in lyts skoftke tiid wer rjocht set waard.[16]

Aartsbiskop en kardinaal

bewurkje seksje

Giovanni waard op 21 maaie 1827 beneamd ta aartsbiskop fan Spoleto en op 1 juny ek ta assistint fan de Pauslike Troan. De wijing ta aartsbiskop fûn plak op 3 juny 1827 yn de San Pietro in Vincoli troch kardinaal Francesco Xaverio Castiglioni, de lettere paus Pius VIII yn in tiid fan de grutte sosjale en politike ûnrêst. Al yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en de dêrop folgjende besetting fan de Italjaanske gebieten troch de Frânske troepen boaze it langstme nei de ienwurding fan in Italjaanske steat sûnder tsjerklike bemuoiïnissen oan. Ferskillende geheime revolúsjonêre groepen, wêrfan't de Carbonari de bekendstse wurde soe, fersetten harren fral tsjin de ynfloed fan de dûbelmonargy Eastenryk-Hongarije, dy't oan de iene kant gebieten yn Noard-Itaalje ta harres rekkene en oan de oare kant in trouwe bûnsmaat wie fan de Tsjerklike Steat. De Tsjerklike Steat hie gjin goed oplaat leger en wie ôfhinklik fan stipe fan bûtenlânske grutmachten.

Titeltsjerke Santi Marcellino e Pietro

Spoleto wie ien fan de sintra fan revolúsjonêre aktiviteiten en Giovanni woe graach de ferbûnens mei de Hillige Sit herstelle. Syn ûnderfinings yn Rome brochten him der ta om him op it wolwêzen fan syn parochianen te rjochtsjen en sa stifte Giovanni in weeshûs, dêr't wezen oplaat waarden foar ferskillende ambachten.[17]

Yn febrewaris 1831, flak nei de ferkiezing fan paus Gregoarius XVI, rûnen de spannings yn Itaalje heech op. Troch it tige anty-tsjerklike karakter fan de opskuor moast Giovanni Mastai-Ferretti flechtsje út Spoleto.[18] Doe't dúdlik waard dat Gregoarius XVI de stipe ynroppen hie fan Eastenrykske troepen gyng Giovanni werom nei syn aartsbisdom. Om't de Eastenrikers fan doel wiene alle rebellen op te pakken dy't har tsjin de paus keard hiene, sochten dy harren taflecht yn Spoleto. Troch de bemiddeling fan Giovanni lieten de rebellen harren ûntwapenje en wist er de Eastenrykske legeroanfierder der fan te oertsjûgjen om gjin wraak tsjin de opstannelingen út te fieren.[19] Ut dy tiid datearret in anekdoate oer Giovanni Mastai-Ferretti hoe't er tocht oer in ferfolging fan de rebellen. Doe't in hege plysjefunksjonaris in list mei oanfierders fan de opstân gearstald hie om oan de paus te jaan, waard dy list earst oan Giovanni foarlein, dy't de funksjonaris antwurd joech: "Jo begripe jo berop of it mines net. As in wolf fan doel is de skiep op te fretten, dan warskôget hy net de hoeder." Giovanni pakte de list en smiet him dêrnei yn it hurdfjoer.[20]

Op 17 desimber 1832 waard Giovanni troch paus Gregoarius XVI oerpleatst nei it bisdom Imola, dêr't er op persoanlike titel aartsbiskop waard. Ek dêr moeast it bisdom reorganisearre wurde. Giovanni liet sikehûzen en in weeshûs bouwe, hy restaurearre tsjerken en stifte in tariedend seminaarje foar manlju fan in minder goede komôf om ta preester oplaat te wurden.[21]

Yn de gearkomste fan de paus mei de kardinalen op 23 desimber 1839 waard Giovanni in pectore (=in it hert) as kardinaal-preester kreëarre. Syn namme waard op 14 desimber 1840 publisearre en him waard de titeltsjerke Santi Marcellino e Pietro tawiisd.

Konklaaf fan 1846

bewurkje seksje

Op 1 juny 1846 ferstoar paus Gregoarius XVI. Syn begraffenis en bysetting fûnen plak op 6 juny yn de Sint-Pitersbasilyk. Dêrnei waarden de tariedings troffen foar it konklaaf, de gearkomste fan kardinalen om út harren fermidden in nije paus te kiezen. De tiid foar it hâlden fan in konklaaf wie tige ûngeunstich: yn alle Italjaanske gebieten hearske grutte ûnrêst en oan de Eastenrykske keizer waard militêre help frege om driigjend geweld tefoarren te kommen.[22]

Lykas by eardere 19e-iuwske konklaven besochten de wrâldske foarsten it stimgedrach fan de kardinalen te beynfloedzjen, om sa ta in yn harren eagen meast geskikte kandidaat foar it heechste tsjerklike amt te regeljen.[23] De Frânsen en Italjanen woene it leafst in liberale paus, dy't ek ree wie om it wrâldske bestjoer fan de Tsjerklike Steat te herfoarmjen, lykas Tommaso Pasquale Gizzi, Ludovico Micara en Giovanni Mastai-Ferretti, wêrby de lêste de foarkar fan de Frânsen hie.[24]

Keizer Ferdinand I fan Eastenryk-Hongarije woe in absolutistyske paus en hie de foarkar foar kardinaal Luigi Lambruschini, dy't yn it pontifikaat fan Gregoarius XVI kardinaal-staatssekretaris west hie en foarstanner wie fan it belied fan Gregoarius.[25] Oan kardinaal Karl Kajetan von Gaisruck, aartsbiskop fan Milaan, waard troch de Eastenrykske keizer opdracht jûn in veto (=it Ius Exclusivae) út te sprekken as Giovanni Mastai-Ferretti ta paus keazen waard. Safier soe it net komme, om 't de Eastenrykske kardinaal te let kaam en niet diel nimme koe oan it konklaaf.[26]

Yn oanwêzigens fan 50 (allegear út Itaalje) fan de meiïnoar 62 kardinalen mei stimrjocht sette it konklaaf op 14 juny 1846 útein. It waard foar de alderlêste kear holden yn it Palazzo del Quirinale yn Rome.[27][28] Al sûnt de earste stimming op 15 juny wie it dúdlik dat de ferkiezing tusken Lambruschini en Mastai-Ferretti gyng.

By de fjirde stimmerij op 16 juny 1846 krige Giovanni Mastai-Ferretti 36 stimmen, sadat syn ferkiezing in feit wie. Dêrmei waard it konklaaf fan 1846 it koartste konklaaf fan de 19e iuw oant dan ta.[29] Doe't oan Giovanni frege waard hokker namme hy ha woe, joech hy Pius oan as earbetoan oan paus Pius VII, oan wa't Giovanni sa'n soad te tankjen hie.[30] De kroaning mei in spesjaal foar dy gelegenheid makke tiara fûn plak op 21 juny 1846.[31]

 
Paus Pius IX fuort nei syn ferkiezing

Met de beneaming fan Pius IX soe de kar fallen wêze foar in liberale polityk yn de Tsjerklike Steat, yn tsjinstelling ta syn foargonger Gregoarius XVI, dy't – met stipe fan Eastenryk – mei hurde hân it absolutistyske karakter fan it pausdom ferdigene.[32] Holpen troch syn kardinaal-staatssekretaris Luigi Lambruschini wie it ferset fan Gregoarius útgroeid ta in wiere krústocht tsjin alle fernijings; sa fersette er him fûl tsjin it oanlizzen fan it spoar yn de Tsjerklike Steat, dat er beskreau as "chemins d'enfer" (=hellewegen).

Benammen fan de Eastenrykske kant wie der ûnfrede oer de kar fan Pius IX. Eastenryk wie benaud foar in tanimmende ynfloed fan Frankryk yn it tsjerklike bestjoer, mar ek dat de feroaring yn de polityk fan de Tsjerklike Steat de machtsposysje fan Eastenryk, benammen yn it noarden fan de Italjaanke gebieten, ûnder druk kaam te stean.[33] Fanwegen de tinkbylden oer it bestjoer fan de Tsjerklike Steat mocht Pius IX ynearsten as liberaal beoardiele wurde, op it mêd fan saken oer it leauwe en pauslike autoriteit bleau by him it tradisjonele tinken handhavene, sa't bliken die út syn earste ensyklyk Qui Pluribus fan 9 novimber 1846, dêr't er him fersette tsjin modernistyske tinkbylden en warskôge tsjin sektarisme, dy't de posysje fan de Hillige Sit en it roomske leauwe ûndergroeven. Dy striid soe nei 1850 allinne mar fûler wurde en yn 1864 resultearje yn it útjaan fan de ensyklyk Quanta Cura. Yn dy ensyklyk feroardiele Pius IX û.o. de frijheid fan mieningsutering en godstsjinstfrijheid. Tagelyk mei de ensyklyk waard ek de Syllabus Errorum útbrocht, in optelling fan tachtich dwalings wêrmei't er alle katoliken oprôp om dêr ôfstân fan te nimmen.

Ferlies fan de Tsjerklike Steat

bewurkje seksje
 
Tsjerklike Steat

Al sûnt de Frânske Revolúsje en de dêropfolgjende besetting fan de Italjaanske gebieten woeks it langstme yn Itaalje nei de ienwurding fan it lân, frij fan bûtenlânske bemuoiïnissen en mei mear macht oan de befolking dan oan de klerus. Ferskate geheime revolúsjonêre groepen wiene aktyf om dat ideaal fan in selsstannige republyk sûnder ynfloed fan de Tsjerke mooglik te meitsjen.

In oar idee wie fan de Italjaanske geastlike en filosoof Vincenzo Gioberti (1801-1852), dy't yn syn útjefte "Del primato morale e civile degli Italiani" (='it morele en boargerlike primaat fan de Italjanen') foarstanner wie fan in federaasje fan de Italjaanske steaten, ûnder it presidintskip fan de paus, wêrby er it pausdom as "de lêste pracht dy't oan Itaalje is foarbeholden" omskreau. Pius IX, dy't ynearsten it wurk fan Gioberti noch wol wurdearje koe, feroare yn 1850 fan miening doe't bliken die dat Gioberti de macht fan de geastlikens oan bannen lizze woe. Syn wurken waarden letter op de Index librorum prohibitorum set fanwegen syn fijannige hâlding foar de jezuïeten oer.[34]

In oare winsk wie om Itaalje ûnder it Hûs Savoye te ferienigjen, dat oer it keninkryk Sardynje (1720-1861) regearre. It waard beskôge as de iennige net-bûtenlânske dynasty yn de Italjaanske grinzen.[35]

 
Allegoaryske foarstelling fan Pius IX yn it ramt fan de troch him ferliende amnesty op 16 july 1846

Om oan de hearskjende ûnfrede yn de Tsjerklike Steat yn 'e mjitte te kommen, naam Pius IX it beslút om op 16 july 1846 amnesty te jaan oan politike finzenen en dissidinten.[36] Op 8 augustus 1846 folge de beneaming fan kardinaal Tommaso Pasquale Gizzi ta kardinaal-staatssekretaris, de favoryt fan de liberalen by it konklaaf fan 1846.[27] Foar it regear fan de steat rôp Pius IX in kommisje by inoar, besteande út seis kardinalen.[37] Ien fan de wichtichste taken fan it nije regear wie it op oarder bringen fan de finansjele sitewaasje fan de Tsjerklike Steat. De Frânsen en it âlderwetske belied hiene de Tsjerklike Steat ôfhinklik makke fan it bûtenlân. Lykas hy dat ek dien hie yn Spoleto liet Pius IX de ynfrastruktuer ferbetterje en joech er opdracht foar it oanlizzen fan it spoar. Ek woe Pius IX de belestingheffing herfoarmje, lykas in legere belesting op iten, rikere parochy's mear bydrage te litten, en braaklizzende grûn oan te meitsjen foar de lânbou.[33] Hy joech op grutte skaal jelmissen oan earme bewenners en alle tongersdeis hold er audiïnsjes. Ek makke Pius IX in ein oan grutskalige politike ferfolgings.[38] Op 19 april 1847 makke Pius IX de ynstallaasje bekend fan in advysried (Consulta di Stato), dy't bestie út leken út ferskillende provinsjes fan de Tsjerklike Steat. Ek waard de Guardia Civica stifte en in kabinetsried.

Mar nettsjinsteande alle feroarings slagge it de paus net om de ûnfrede wei te nimmen. De filosoof en politikus Giuseppe Mazzini, lieder fan La Giovine Italia, joech yn in pamflet kommintaar op de herfoarmings fan de Pius IX: “De paus sil fierder gean mei herfoarmings, út prinsipe en út needsaak.”[39] Yn Genua waard yn 1847 sabeare in wittenskiplik kongres holden, mar it wie in rvolúsjonêre gearkomste dy't oprôp om de geastlike macht ôf te skaffen. De dielnimmers fan it kongres joegen de skuld foar de rampen dy't it skiereilân troffen oan it falende bestjoer. Sa wiene de rispings fan 1845 en 1846 foar in part mislearre, wertroch't hongersneed drige en hiene oerstreamings grutte dielen fan Rome oerspield, werby't fral it joadske getto troffen waard[40] De fiering fan it ienjierrich pontifikaat fan Pius IX waard troch de revolúsjonêren oangrypt om harren ûnfrede oer it belied te uterjen, itjinge liede ta it ôftreden fan kardinaal Gizzi as staatssekretaris. Hy waard opfolge troch kardinaal Gabriele Ferretti, in neef fan Pius IX. Pius IX woe mei de oanstelling fan Ferretti it liberale belied trochsette.[41] De oprjochting fan it gemeentebestjoer fan Rome op 2 oktober 1847 wie foar in soad minsken it bewiis dat der in ein kaam oan de tsjerklike macht yn de stêd. Der sieten noch wol prelaten yn it bestjoer, mar harren macht wie beheind.[42]

De omslach fan 1848

bewurkje seksje

It Revolúsjejier 1848 betsjutte in omkear yn de oarder fan Europa sa't dy west hie. By die militêre bondgenote van die Kerklike Staat (Frankryk, Oostenryk en die koninkryk van die beide Sisilië) wiene grutte machtsferskowings, itjinge der ta liede dat hearskers ôftreden en dat it Keningkryk fan de Beide Sisyljes in nije grûnwet krige. It hie ek gefolgen foar de Tsjerklike Steat en ûnder druk moast Pius IX mear ynfloed fan de boargers op it bestjoer tastean, dat al yn maart 1848 resultearre yn it útfeardigjen fan de nije grûnwet Statuto.[43] De eask oan de paus om Eastenryk de kriich te ferklearjen wegere Pius IX resolút. By de konsistoarje fan 29 april 1848 sei Pius IX dat in kriich stridich wie mei wêr't de Tsjerke foar stie, om't "wy op ierde de plak ynnimme fan Him, dy't de auteur is fan de frede en de foarfjochter fan woldiedigens."[44] Foar in soad Italjanen wie de wegering fan de paus om de kriich oan Eastenryk te ferklearjen in foarm fan ferried en de drip dêr de amer fan oerrûn.

Op 15 novimber 1848 waard Pellegrino Rossi, minister van jústysje yn it regear fan Tsjerklike Steat, fermoarde. Opstannelingen teagen nei it Palazzo del Quirinale, dêr't Pius IX mei bûtenlânske ôfgesanten wie, en bestoarmen it pauselike ferbliuw. By de bestoarming kaam in meiwurker fan Pius IX om en de revolúsjonêren wisten sels by de paus troch te kringen, dy't troch de leden fan de Switserske Garde, de Ealwacht en bûtenlânske ambassadeurs beskerme wurde moast. De oanwêzige ambassadeurs warskôgen de revolúsjonêren dat elts ûnrjocht tsjin de paus mei hurde hân ferjilde wurde soe. Dat makke yndruk en besletten waard om de paus yn it paleis finzen te hâlden.

Fanwegen de drigende sitewaasje moast Pius IX flechtsje út Rome en as preester ferklaaid wist er op 24 novimber 1848 mei help fan de Beierske en Frânske ambassadeurs út te naaien. [45] Alhoewol't Pius ynearsten fan doel west hie om nei Spanje út te wiken, keas er lang om let foar Gaeta, in plak yn it Keninkryk fan de Beide Sisyljes. Hy wenne dêr yn it Keninklik Paleis fan Portici tichteby it sintrum fan Napels.

Op 9 febrewaris 1849 rôp de radikale Giuseppe Mazzini yn Rome de Romeinske Republyk út. Pius IX, dy't leafst sa gau mooglik nei Rome werom woe, rôp as réaksje alle katolike naasjes op om him te helpen. Spanje, Frankryk en Eastenryk wiene dêr fuort ree ta. Ek Dútslân en sels it otterdokse Ruslân woene helpe, mar wol ûnder betingst dat de pauslike macht ûnder tafersjoch fan de grutmachten kaam te stean om nije eskalaasjes yn de Italjaanske gebieten tefoarren te kommen.[46]

Nei it ynnimmen fan Rome begjin july 1849 troch de Frânske troepen waard in ein makke oan de republyk. Om it bestjoer fan de Tsjerklike Steat te herstellen waard troch Pius IX in triumviraat ynsteld besteande út de trije kardinalen Gabriele della Genga Sermattei, Luigi Vannicelli Casoni en Lodovico Altieri. De Commissione governata di Stato fierde fuortendaliks de maatregels út dy't Pius IX winske: alle liberale herfoarmings yn de polityk fan de Tsjerklike Steat waarden werom draaid en beskate frijheden wêrûnder dy fan parsefrijheid waarden beheind.[47]

De réaksje fan it Frânske regear wie kritysk en wiisde it Fatikaan der op dat Frankryk allinne holpen hie om de pauslike macht te herstellen yn 'e hope dat de paus it bestjoer sekularisearje soe.[48] Mei it herstel fan de paus as haad fan de steat woe Frankryk fral de Frânske geastelikheid troaie, it Frânske regear trune der op oan om it bestjoer noch fierder te liberalisearjen en it tafersjoch dêrop soe yn hannen lizze moatte fan de Frânsen.[49] Pius wie troch syn flecht in tsjinstanner wurden fan alle foarmen fan modernisearing fan it bestjoer en fûn de Frânske réaksje healslachtich en in kapitulaasje foar de revolúsjonêren.[50]

Op 12 april 1850 kaam Pius lang om let werom yn Rome. Hy gyng yn it Apostoalysk Paleis yn het Fatikaan wenjen. It triumviraat waard ûntbûn en de útfierende macht kaam op 'e nij yn hannen fan kardinaal Giacomo Antonelli.

1850-1870

 
Paus Pius yn 1862

Alhoewol't de sitewaasje yn de Tsjerklike Steat stabyl like, bleaune de revolúsjonêre bewegings aktyf. De lilkens fan de tsjinstanners rjochte him net allinne op de geastliken mar ek op Frânske soldaten. Dat liede ta de Frânske maatregel dat alle opstannelingen dy't op strjitte mei in wapen oppakt waarden, op itselde plak fusillearre wurde mochten.[51] Under lieding fan premier Camillo Benso di Cavour fan it Keninkryk Sardynje waard de rop om ienwurding fan de Italjaanske gebieten yn stân holden en it regear naam jimmeroan anty-klerikalere stânpunten yn. Sa waarden yn 1854 bygelyks alle kleaster ferbean. [52]

Belangryk wie de dûbele rol fan de yn 1852 ta keizer kroande Napoleon III Bonaparte. By in moeting tusken Cavour en de Frânske keizer yn 1858 yn Plombières waard in plan opsteld foar in kriich tsjin Eastenryk. Nei de ferdriuwing fan de Eastenrikers koe it Keninkryk Sardynje syn grûngebiet útwreidzje en dielen fan de Tsjerklike Steat anneksearje troch oermastering en oars troch goedfinen fan de befolking nei in referindum. Napoleon III woe lykwols wol dat de pauslike ûnôfhinklikgens yn Rome en omkriten garandearre waard troch de oanwêzigens fan Frânske troepen.[53]

Op 4 july 1859 waarden de Eastenrykske troepen by Magenta ferslein; Milaan en Toskane kamen yn hannen fan it Keninkryk Sardynje. In opskuor yn Bologna waard dêrnei troch kening Victor Emmanuel II as ferlechje brûkt om de oarder yn de stêd wer te herstellen. Dêrnei rôp er oare dielen fan de Tsjerklike Steat op om referinda te hâlden.

Pius IX wie poer en naam it beslút de kening te ekskommunisearjen. De paus drige dat ek te dwaan by elts dy't oan it referindum mei dwaan soe.[54]Victor Emmanuel easke dat ek de macht oer Umbrje en De Marken oan him oerdroegen waard, itjinge Pius IX mei help fan in frijwilligersleger, de pauslike soeaven, besocht tsjin te gean. Dat leger hie Pius IX by inoar sammele mei in oprop oan alle katolike, net troude manlju om him te helpen by de ferdigening fan de Tsjerklike Steat. Under de frijwilligers wiene ek 3.181 Nederlanners. It Nederlânske ûnderidel wie fral it wurk fan de pastoar fan Oudenbosch, Willem Hellemons, dy't troch syn krewearjen de bynamme Soeavenpastoar krige.

Op 18 septimber 1860 waarden de soeaven yn de Slach by Castelfidardo ferslein en nei in twadde delslach op 30 septimber fan itselde jier by de Italjaanske stêd Ancona wie it dien mei de Tsjerklike Steat. Mei útsûndering fan Rome en omjouwing foelen de lêste stikken fan it Italjaanske skiereilân ta oan Victor Emmanuel. Op 17 maart 1861 waard offisjeel it Keninkryk Itaalje útroppen.

 
Paus Pius IX segenet de troepen foar de lêste kear, op 25 april 1870, op it Sint-Pitersplein yn Rome

De Frânsen en soeaven soargen der foar dat Pius IX de njoggen jier dêrnei de macht hold oer it lêste stikje fan de Tsjerklike Steat. Mei syn dekreet Non Expedit besocht de paus yn 1868 dochs wer ynfloed te krijen op de katolike befolking. It dekreet stelde dat it katoliken ferbean wie mei te dwaan oan de parlemintêre ferkiezings en in katolyk mocht him ek net kandidaat stelle foar in sit yn it parlemint.[55] Doe briek yn 1870 de Frânsk-Dútske Kriich út. Napoleon III liet syn troepen út Itaalje werom helje en liet Rome sûnder ferdigening oan it lot oer. Kening Victor Emmanuel seach syn kânsen en naam op 20 septimber 1870 de stêd yn. Pius hold him skûl yn it Fatikaan en seach himsels as in finzene.[56]

 
Byld yn Oudenbosch fan Pius IX mei oan syn fuotten in omkommen soeaaf, ta oantinken fan de Pauslike Soeaven yn de striid om de Tsjerklike Steat

Op 13 maaie 1871 bea it Italjaanske parlemint de paus in regeling oan, wêryn't de ûnskeinberens fan de paus garandearre waard. Ek soene it Fatikaan en oare gebouwen yn besit bliuwe fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Mar Pius IX wegere in oerienkomst mei it parlemint, lykas er dat yn de ensyklyk Ubi Nos fan 15 maaie 1871 fêstlei. Ek syn opfolgers soene nea yngean op fersiken fan it Italjaanske regear om ta inoar te kommen. It duorre noch oant 1929 mei it ôfsluten fan de Lateraanke Ferdragen ûnder paus Pius XI ear't der ferbettering yn de sitewaasje kaam.

Kontinuïteit

bewurkje seksje
 
Paus Pius IX op lettere leeftyd

Om it bestean fan it pauskip yn de takomst feilich te stellen, skreau Pius IX al gaueftich nei de annekaasje fan Rome yn 1870 trije geheime konstitúsjes, dy't faasje sette moasten yn de ferkiezing fan syn opfolger. Mei rjocht wie Pius benaud dat nei syn dea it Italjaanske regear ynfloed útoefenje woe op de kar fan in nije paus. Fral út net-katolike hoeke waard dêr op oantrune.

De konstitúsje In Hac Sublimi fan 21 augustus 1871 gyng it fierst, om 't mei eardere regels brutsen waard. Eltse wrâldske bemuoiïnis mei it kiezen fan in nije paus waard resolút ferbean. Om de ferkiezing sa gau mooglik te begjinnen stelde Pius fêst dat it konklaaf begjinne koe sadree't de helte plus ien fan de kardinalen mei kiesrjocht oanwêzich wiene op it plak dêr it konklaaf holden waard.[57]

Yn Licet per apostolicas fan 8 september 1874 ûnderstreke Pius dat al it pauslike beslissingsfoech yn de tiid sûnder paus net troch kardinalen brûkt wurde mocht en hy easke folsleine geheimhâlding oer it ferrin fan it konklaaf.[58]

De lêste konstitúsje, Consulturi, fan 10 oktober 1877, rôp de kardinalen op it konklaaf út te stellen – sels as it al oan 'e gong wie – as der ek mar de yndruk bestie dat de ferkiezing net neffens de regels útfierd wurde koe.[58]

De trije konstitúsjes, dy't pas nei de dea fan Pius IX bekend wurde mochten, wiene net de iennige maatregels dy't de paus troffen hie. Njonken in ferbod oan kardinalen om al by it libben fan Pius gear te kommen en te praten oer in kandidaat-opfolger, feroare Pius ek de gearstalling fan it kardinalenkolleezje neffens nasjonaliteit. Wiene der by syn eigen ferkiezing mar acht net-Italjaanske kardinalen mei stimrjocht, by it konklaaf fan 1878 wiene dat der 25, wêrfan't der 19 nei 1870 wiene kreëarre.

Pius IX kreëarre meiïnoar 123 kardinalen. Troch 't er sa lang paus west hie, wiene der by syn dea noch mar trije kardinalen, dy't noch troch syn foargonger beneamd wiene en dy't earder dielnommen hiene oan in konklaaf.[59]

It dogma fan de Unbesmodske Untfinzenis fan Marije

bewurkje seksje
 
Pylder fan de Unbesmodske Untfinzenis op de Piazza di Spagna yn Rome

Yn 1848 stalde Pius in kommisje fan teologen gear, dy't it dogma fan de Unbesmodske Untfinzenis fan Marije tariede moast. De kearn fan it dogma wie en is dat Marije as mem fan God sûnt har ûnfinzenis yn de skoat fan Anna frij west hat fan de erfsûnde. Dy bysûndere status waard neffens de Roomsk-Katolike Tsjerke befêstige troch it boadskip fan de aartsingel Gabriel, doe't dy oan Marije bekend makke dat hja swier wie fan Jezus en sei "Wês groete, Marije, fol fan genede" Dy útlis hie yn de rin fan de skiednis in soad foar- en tsjinstanners kend; ta de lêste groep hearden ek de troch de roomske tsjerke beneamde tsjerkelearaars Albertus Magnus en Tomas fan Akwino. Hja fûnen dat Marije ta it minskdom hearde en likegoed mei de erfsûnde behept wie.

De paus wie troch kardinaal Lambruschini oantrune, dy't fûn dat de definysje fan it dogma "de betsjutting fan de kristlike wierheden herstelle soe en it minskdom werom brocht fan it paad fan it naturalisme".[60] Pius stelde net allinne de kommisje yn, mar frege ek de kardinalen en biskoppen om harren miening oer it plan te jaan, lykas ferwurde yn syn ensylyk Ubi Primum fan 2 febrewaris 1849.

Op 8 desimber 1854 waard mei de bul Ineffabilis Deus it dogma ôfkundige. Yn it ramt dêrfan waard yn 1857 troch Pius IX it stânbyld Unbesmodske Untfinzenis fan Marije wijd op it Piazza di Spagna yn Rome, dat makke wie troch de Italjaanske byldhouwer Giuseppe Obici (1801-1878). By it byld fynt ek hjoeddedei alle jierren op 8 desimber in fiering plak mei de paus. It is noch hieltiten in grut misferstân dat mei de "ûnbesmodske ûntfinzenis fan Marije" de maagdelike berte fan Jezus ornearre wurdt.

It dogma soarge foar in grutte eksploazje fan Marijeferearing yn de katolike mienskip. Pius IX seach syn gelyk op 25 maart 1858, doe't de Jongfaam Marije oan Bernadette Soubirous ferskynd wêze soe en har bekend makke mei de wurden: "Que soy era Immaculada Councepciou" (oersetting: Ik bin de Unbesmodske Untfinzenis).

Fatikaansk Konsylje

bewurkje seksje

Op 6 desimber 1864 makke Pius IX bekend dat er it foarnimmen hie om in oekumenysk konsylje by inoar te roppen. Dy soe plakfine moatte yn it Fatikaan yn de Sint-Piter.[61] Doel fan it konsylje wie om de posysje fan de Tsjerke sterker te meitsjen en feroarings te besprekken. It tiidstip fan ôfkundigjen fan it konsylje wie net hielendal tafallich keazen: twa dagen letter folgen fan Pius de ensykliken Quanta Cura en de Syllabus Errorum, dêr't er him ôfsette tsjin de driging fan dwalings en dwaallearen yn de maatskippij.

 
It Earste Fatikaanske Konsylje dat troch Pius IX foarsitten waard

Om it effekt fan it konsylje te fergrutsjen, woe Pius graach fan alle tsjerklike lieders útstellen, dy't op it konsylje besprutsen wurde koene. It wie de bedoeling om de gearkomste op 29 juny 1867 te iepenjen, de 1800e jierdei fan it martlerskip fan de apostel Petrus en Paulus. It útbrekken fan de Prusysk-Eastenrykske Kriich fan 1866, wêrby't û.o. Eastenryk en Itaalje foar inoar oer stiene, en it dêr út folgjende weromlûken fan de Frânske troepen út Rome feroarsaken fertragings en it duorre oant 30 oktober 1867 doe't de tariedings wer útein set wurde koene.

Mei de bul Aeterni Patris[62] ('Oer de Ivige Heit') fan 29 juny 1868 waard de definitive iepeningsdatum fêststeld op 8 desimber 1869. Kardinalen, biskoppen en abten waarden útnoege, wrâldske lieders waarden net frege te kommen, al mochten hja wol sûnder ynspraak of stimrjocht oansitte. Yn twa aparte brieven noege Pius ek de leden fan de otterdokse tsjerken en de protestantske tsjerken út om diel te nimmen oan it konsylje, op betingst dat hja harren earst wer ferbûnen mei Rome.

De tarieding duorre fiif jier en njonken de útstellen foar trije dogmatyske ôfkundigings dy't gearhongen mei de katolike lear, de Tsjerke fan Kristus en it kristlik houlik, soene ek saken oer it biskopsamt, stúdzjes oan de seminaarjes, ferbettering fan de kristlike moraal en it fêstlizzen fan tsjerklike feestdagen oan de oarder komme.

Unfeilberens

bewurkje seksje

It measte omtinken krige it ôfkundigjen fan de ûnfeilberens fan de paus. Bûten de Roomsk-Katolike Tsjerke naam it gefoel ta dat it konsylje by inoar roppen wie om dat dogma te befêstigjen. It Fatikaan spriek dat ynearsten tsjin, oant op 6 febrewaris 1869 de publikaasje yn La Civiltà Cattolica (in oan it Fatikaan ferbûne útjefte fan de jezuïeten) suggerearre dat de ûnfeilberens op fersyk fan in soad prelaten sûnder mis besprutsen wurde soe.[63] Benammen Ingelân, Frankryk, Dútslân, Ruslân en Eastenryk hiene it dêr net op stean en tochten dat it nije dogma de pauslike autoriteit grutter meitsje soe, sadat harren ynfloed op de lokale Tsjerke bot ôfnaam. Dy lannen advisearren harren geastliken om net oan it konsylje diel te nimmen, mar lang om let wiene it allinne de Russyske prelaten dy't net nei Rome ôfreizgen.

Pius IX joech oan besikers de yndruk neat om it dogma fan ûnfeilberens te jaan[64]. Hy hie lykwols him al earder yn twa ensykliken útsprutsen oer de ûnbestriden soevereiniteit fan de paus en de dêrmei mank geande ûnfeilberens:

  • Dizze autoriteit [pausskip] beoardielet op ûnfeilbere wize al it skeel oer saken fan it leauwe en moraliteit … (Qui Pluribus, paragraaf 10)
  • Yn dy autoriteit [pausskip] libbet it ûnferoarlike learamt fan dit leauwe troch (Nostis et Nobiscum, paragraaf 17)

Nei de iepening fan it konsylje troch Pius IX op 8 desimber 1869 die al gau bliken dat it omtinken fan de measte dielnimmers útgyng nei it fraachstik fan de ûnfeilberens. Alhoewol't de foarstanners yn de mearderheid wiene, besochten tsjinstanners jimmeroan wer de beslútfoarming út te stellen troch by ferskillende gearkomsten fûle diskusjes te hâlden. Dêrom naam Pius IX it beslút om de regleminten foar it konsylje oan te passen.[65]

De patriarch fan de Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke, Gregoarius II Youssef-Sayour (1823-1897) ferliet al gau it konsylje om sa de stimmerij oer it dogma út de wei te gean. Hy wie benaud foar de argewaasje by de eastersk-otterdokse patriarchen en dat it dogma in lêst waard, dat alle kânsen op in feriening mei de otterdokse tsjerken ferneatige.

Nei't Pius IX op 6 maart 1870 tastimming jûn hie om de foarnommen konstitúsje Pastor Aeternus út te wreidzjen mei it haadstik "Romanum Pontificem in rebus fidei et morum definiendis errare non posse" (oersetting: De paus fan Rome kin net dwale wannear't hy saken oer it leauwe en de moraal fêstleit) fûn op 18 july de definitive stimming plak: 433 oanwêzigen stimden foar, 2 tsjin. Dêrby moat sein wurde dat in grut tal biskoppen it konsylje al ferlitten hiene troch it útbrekken fan de kriich tusken Frankryk en Dútslân en dat guon de tiid foar it útsprekken fan it dogma net foechsum fûne.[66] Nettsjinsteande de krityk wiene der dochs mar in pear katoliken dy't brieken mei de Tsjerke. Yn Frankryk wie dat Hyacinthe Loyson en yn Dútslân de histoarikus Ignaz von Döllinger, dy't oan de basis stie fan de tsjin it ein fan de 19e iuw stifte Aldkatolike Tsjerke yn de Dútsktalige lannen.[67] Grut wie wol de ynfloed op it byld dat de protestanten krigen fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. De kwestje soe yn 1871 foar rykskânsler Otto von Bismarck oanlieding wurde om de striid mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oan te binen. Bismark freze in waaksjende macht fan troch Frankryk en Eastenryk stipe katoliken, sadat de posysje fan it protestantske Prusen ûnder druk kaam te stean. Dy striid soe yn de skiednis bekend wurde ûnder de namme Kulturkampf (1871-1878). Ek de Switserske katoliken spjalten harren ôf en it Eastenrykske regear sei it yn 1855 sletten konkordaat mei it Fatikaan op fanwegen "feroarjende omstannichheden".

Oer de fraach werom't Pius IX de pauslike ûnfeilberens fêst lizze woe, besteane ferskillende teoriën. It is ûnwierskynlik dat it wie te dwaan om it ferlies fan de wrâldske macht en de Tsjerklike Steat te kompinsearjen, om't Pius tocht dat syn machtsposysje dochs wol hersteld wurde soe. Dat waard troch Pius IX sels befêstige yn syn ensyklyk Respicientes fan 1 novimber 1870, nei de oermastering fan de stêd Rome, wêryn't er ornearre dat er fan doel wie om al it besit fan de Hillige Sit yn syn hiele hear en fear werom te krijen om it sa troch te jaan oan syn opfolgers (paragraaf 12). Mei it byinoar roppen fan it konsylje en it ôfkundigjen fan de ûnfeilberens woe Pius fral sjen litte hoe wichtich de wrâldske macht wie foar de paus yn de utfiering fan syn ropping.[68]

Op 1 septimber 1870 stelde Pius IX it konsylje út nei 11 novimber 1870. Om't op 20 septimber de stêd Rome troch it keninkryk Itaalje ynnommen en útroppen waard ta de haadstêd fan it lân, naam Pius op 20 oktober 1870 it beslút om it konsylje foar in tiid út te stellen.[69] Dêrmei gyng er foarby oan de tasizzing fan it Italjaanske regear dat it konsylje troch gean koe. Ek op in útstel fan de Ingelske aartsbiskop Spalding om it konsylje nei Mechelen yn Belgje te ferhûzjen waard fanwegen de omstannichheden net yngien.

Mei it dekreet Quemadmodum Deus van 8 desimber 1870 naam Pius ien fan de oanrekommandaasjes fan de dielnimmers oan it konsylje oer: it útroppen fan Joazef fan Nazareth as beskermhillige fan de Tsjerke. Ferskillende oare saken soene letter troch oare pausen oppakt wurde, lykas:

  • de oanpak tsjin sektaryske genoatskippen (Leo XIII yn 1884)
  • it op 'e nij besjen fan it tsjerklik wetboek (Pius X yn 1917)
  • It dogma fan de Marije-Himelfeart (Pius XII yn 1950)

Mei de ferkiezing fan Pius IX libbe by de joaden fan Rome ynearsten de hope dat de nije paus it belied fan paus Pius VII (1800-1823) folgje soe en dat er in ein meitsje soe oan de beheinings fan de joaden yn it getto fan Rome. Der wennen te folle minsken yn it getto en ek wie der brek oan medyske soarch, opliedingskânsen en bewegingsfrijheid bûten de gettomuorren.[70]

 
Getto fan Rome (1880)

By de earste moeting mei de paus op 13 septimber 1846 fregen de joadske lieders omtinken foar de misstannen. Ek easken hja dat der in ein kaam oan it ferplichte harkjen nei preken. It die bliken dat Pius al gau ree wie om de joaden yn 'e mjitte te kommen, doe't de joadske bankiersfamylje Rothschild oan it Fatikaan lienings joech wêrmei't de bûtenlânske beskerming betelle wurde koe. [71] Sa waard besletten dat guon joadske famyljes bûten it getto wenje mochten. Dat lêste wie lykwols ek needsaaklik woarn, om't de oerstreamings fan de Tiber in diel fan it getto ûnbewenber makke. De religieuze emansipaasje fan joaden wie op dat stuit foar Pius IX noch in stap te fier, alhoewol't de joaden sels oertsjûge wiene dat dy miening yn in net te lange tiid bysteld wurde soe.

Yn de tiid dat Pius IX ferballe wie nei Gaeta krigen de joaden folsleine frijheid, mar nei't er werom kaam yn 1850 waard de âlde sitewaasje wer ynfierd en moasten de joaden harren wer oan de grinzen fan it getto hâlde. Pius wiisde de joaden op harren âlde plak werom en dat gau foar de hiele Tsjerklike Steat.[72]

 
Edgardo Mortara (rjochts) njonken syn mem

In djiptepunt yn de relaasje tusken de paus en it joadendom foarme de saak Edgardo Mortana. As poppe soe Edgardo troch in katolike faam yn it geheim doopt wêze, om hja tocht dat er it libben litte soe. Seis jier letter, yn 1858, bychte hja dat ferhaal op en troch in ferstjintwurdiger fan de ynkwisysje waard it Fatikaan dêrfan yn kennis steld. Pius liet it jonkje doe út de âlderlike macht ûnsette, om't it neffens tsjerklik rjocht ferbean wie dat net-katoliken in katolyk bern grutbrochten. De jonge waard oerbrocht nei Rome en letter soe Edgardo ta preester wijd wurde.

De saak krige in soad omtinken yn de Italjaanske gebieten en foar de revolúsjonêren wie it in safolste bewiis dat it bestjoer fan de Tsjerklike Steat net mear fan dizze tiid wie. Ek ynternasjonaal mar fral út Frânske rûnten waarden protesten besoarge oan it pauslike hôf.[73] Dat feroare lykwols neat oan de hâlding fan de paus, dy't de kwestje yn in ynternasjonaal, katolyk parse-offensyf goed prate liet troch der op te wizen dat it de winsk wie fan Edgardo om yn de katolike mienskip te bliuwen.[74]

Nei't Italjaanske troepen it grutste diel fan de Tsjerklike Steat oermastere hiene, ferhurde de hâlding fan Pius foar de joaden oer. Tegearre mei sektes wiene hja dyjingen, dy't "troepen ynsammeld hiene tsjin de Tsjerke fan Kristus"'. Om it ferdjerlike karakter fan de joadske rites te ûnderstreekjen erkende Pius IX yn 1867 mei in dekreet de offisjele ferearing fan Lorenzino van Marostica, in 15e-iuwsk jonkje fan fiif jier, dat neffens it ferhaal troch joaden oan in beam spikere wie om bloed fan him ôf te taapjen. It yn 1869 publisearre boek Le Juif, le judaïsme et la judaïsation des peuples chrétiens ('De joad, it judaïsme en it judaïsearjen fan kristenfolken') fan de Frânske skriuwer Roger Gougenot des Mousseaux krige fan Pius IX goede kritiken. Yn it boek waard de beskuldiging fan rituële moarden troch joaden op 'e nij oanhelle.[75]

Yn de lêste jierren fan syn libben oerhearske by Pius IX it ferwyt dat de joaden ta de revolúsje yn Itaalje oanset hiene mei it doel de Roomsk-Katolike Tsjerke omfier te smiten. By in audiïnsje yn augustus 1871 sei er: "De joaden wiene ienris de bern yn it Hûs fan God, mar tanksij harren stegens en wegering om te leauwen binne it hûnen woarn. Tsjintwurdich hawwe wy yn Rome spitigernôch tefolle fan sokke hûnen, wy hearre se yn alle strjitten byljen, wylst hja oeral om harren hinne minsken molestearje.[76]

Tsjerklike hiërargy

bewurkje seksje

Mei ferskillende lannen wist Pius IX konkordaten en oerienkomsten te sluten, lykas bygelyks mei Ruslân (1847), Spanje (1851)[77], Eastenryk (1855), Portugal (1857) en Súd-Amerikaanske steaten: Kosta Rika (1852), Gûatemala (1852), Haïty (1860), Nikaragûa (1861), El Salvador (1862), Hondûras (1862), Fenezuëla (1862) en Ekwador (1862).

Nederlân (1853)

bewurkje seksje
 
Aartsbiskop Joannes Zwijsen

Sûnt de Tachtichjierrige Kriich (1568-1648) wie it útoefenjen fan de katolike godstsjinst tige beheind. Alhoewol't neffens de yn 1579 sletten Uny fan Utert ôfpraat wie dat der frijheid fan religy wêze soe, betsjutte dat yn de praktyk net mear as frijheid fan gewisse. Prosesjes wiene ferbean en de katoliken mochten allinne yn skûltsjerken by inoar komme. Dy skûltsjerken waarden troch de oerheid tolerearre op betingst dat de katoliken rekognysjejild betellen.[78] Fanwegen de godstsjinstige feroarings yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen feroare it eartiids katolike lân foar de Hillige Sit yn in missygebiet, de Missio Hollandica, oanstjoerd troch in apostoalysk fikaris dy't streekrjocht ferantwurding ôflei oan Rome. Sûnt 1727 wiene de Nederlannen ferdield yn sân aartspreesterskippen, bestjoerd troch pauslike gesanten dy't harren sit hiene yn Brussel.

Yn de Frânske Tiid ferbettere de posysje fan de katoliken en yn 1796 ferlear de protestantske tsjerke de posysje as steatstsjerke, dat de wei frijmakke foar de katoliken om it leauwe yn frijheid út te oefenjen. Dochs bleau de posysje fan de katolike tsjerke wif, fral troch't kening Willem I him tsjin ôfsette tsjin it katolisisme. De kening hie yn 1827 wol in konkordaat mei de paus sletten, wêryn't ek de stifting fan de bisdommen Haarlim en De Bosk tastien waard, mar dy oerienkomst soe nea effektuëarre wurde.

Under Willem II waarden de maatregels tsjin de katoliken wat rekliker. Troch syn freonskip mei Joannes Zwijsen – dy't yn 1853 aartsbiskop fan Utert wurde soe – wie de kening foar in gaueftige ratifikaasje fan it konkordaat mei Rome. Dat foel yn it lân net goed en it liede ta in foarse anty-paapske beweging.[79] De ynfiering fan de nije grûnwet yn 1848 makke de wei dochs frij foar it herstel fan de katolike hiërargy yn Nederlan, om't yn de grûnwet fêstlein waard dat de steat him net bemuoie mocht mei de ynrjochting fan tsjerkgenoatskippen.

Op 9 desimber 1851 waard troch de pauslike ynternuntius Carlo Belgrado oan it Nederlânske regear meidield dat paus Pius IX fan doel wie om de biskoplike hiërargy yn Nederlân op 'e nij yn te fieren. Op 4 maart 1853 folge de bul Ex Qua Die, wêrmei't Pius IX offisjeel de Nederlânske tsjerkprovinsje stifte. Aartsbisdom waard Utert mei de suffragane bisdommen fan Amsterdam, Breda, Roermond en De Bosk.[80]

It protestantske ferset yn Nederlân tsjin de stifting fan bisdommen wie tige grut, net yn 't lêst om't Pius IX yn syn bul tige negatyf wie oer it kalvinisme, dat "groot nadeel en hoe vele verliezen ... aan die zoo bloeiende Kerken heeft toegebracht".[80] De wurden fan de paus dat er hope dat de roomske godstsjinst wêr yn krêft en omfang tanimme soe[80] fersoarsake ûnder protestanten grutte ûnrêst. De eangstme hearske foar in werynfiering fan de ynkwisysje en in soad fûnen dat de Tachtichjierrie Kriich om 'e nocht west hie.[81] De protestanten ferienigen harren yn de Aprilbeweging en holden in petysje, dy't oan kening Willem III oanbean waard mei it fersyk om fanwegen te kommen tsjin de nije sitewaasje. De kening sympatisearre mei de Aprilbeweging en lei in fersyk fan Thorbecke om ôfstân te nimmen njonken him del, dat lang om let de fal fan it regear feroarsake.[82] It ferset helle neat út en de ynfiering fan de biskoplike hiërargy yn Nederlân waard gewoan trochset.

Sillich- en hillichferklearrings

bewurkje seksje

Yn syn pontifikaat ferklearre Pius IX 329 minsken sillich, wêrûnder de Nederlânske jezuïet Petrus Canisius en twa pausen: Urbanus V en Eugenius III.

Meiïnoar waarden 63 minsken hillich ferklearre, hast likefolle as yn de 17e en 18e iuw byinoar. Derûnder ek de 19 martlers fan Gorkum. Dy yn 1572 troch de wettergeuzen fermoarde Fransiskanen waarden op foarspraak fan de oarder en op inisjatyf fan Pius IX sels ferheven ta it alter. Om de Nederlânske biskoppen hie de hillichferklearring fan de Gorkumer martlers wol oer gean kind, hja wiene as dea om de protestanten noch mear foar de holle te stjitten.[83][84]

 
It lichem fan de ferstoarne Pius IX yn de Sint-Piter. De paus draacht op it ôfbyld de tiara, mar neffens tsjûgen wie it in miter

Yn 1877 fûn de fiering fan it 50-jierrich biskopsjubileum fan Pius IX plak. Gaueftich nei de fiering ferklearre Pius de hillige Fransiskus fan Sales ta tsjerkelearaar. Ek waard Sales útroppen ta patroanhillige fan de katolike parse.[85]

By ien fan syn lêste audiïnsjes joech Pius IX foar in groep pylgers nochris syn miening oer it ferlies fan de Tsjerklike Steat: "Jo binne hjir kommen om in besite te bringen oan it grêf fan de hillige Petrus èn de finzenis fan syn opfolger dy't yn de stêd Rome wennet, de haadstêd en it sintrum fan it katolisisme, mar no omfoarme ta de haadstêd fan de gaos."[86]

Alhoewol't de sûnens fan de paus efterút gyng, besocht er him begjin jannewaris 1878 noch te fermoedsoemen mei Victor Emmanuel, dy't op it stjerbêd lei. It hôf wegere en op 9 jannewaris ferstoar de kening.[87]

Op 5 febrewaris 1878 krige Pius in brongitisoanfal, folge troch swiere koarts. It waard al op 6 febrewaris dúdlik dat der gjin ferbettering yn de sitewaasje komme soe en yn de iere moarn fan de oare deis krige de paus de lêste sakraminten tatsjinne. Noch deselde deis ferstoar Pius nei in pontifikaat fan 31 jier en 236 dagen. Dermei wie it langste pontifikaat yn de skiednis oan syn ein kommen.[88]

Op 13 febrewaris 1878 fûn de routsjinst plak yn de Sint-Piter, wêrby't it lichem fan Pius tydlik byset waard yn in sarkofaach yn de basilyk[89] Yn syn testamint fan maart 1875, publisearre yn de Populo Romano op 26 maaie 1878,[90] wie it de winsk fan Pius begroeven te wurden yn de San Lorenzo fuori le mura. Om gjin reboelje út te lokken waard op 13 july 1881 it lichem yn 'e nacht oerbrocht nei syn lêste rêstplak. Dochs wie der noch in kliber anty-katolyk folk, dy't de lykstaasje mei modder bekûgele en der waard sels noch besocht it lichem fan de paus yn de Tiber te smiten.[91][92]

Kardinaal Gioacchino Pecci waard by it konklaaf nei de dea fan Pius IX nei trije stimrondes keazen ta nije paus. Hy naam de namme Leo XIII oan. Pecci hie goed tritich jier aartsbiskop fan Perugia west, oant er yn 1877 ta camerlengo fan de paus beneamd waard.

Op inisjatyf fan û.o. greve Giovanni Acquaderni (ien fan de stifters fan de Katolike Aksje) waard in grêfmonumint oprjochte. It opskrift ferwiist nei syn pontifikaat fan 31 jier, 7 moannen en 22 dagen.[93]

By de sillichferklearring fan Pius yn 2000 waard it lichem, dat tanksij balseming noch yntakt wie, yn in relykskryn yn de tsjerke set.

Sillichferklearring

bewurkje seksje

It proses ta sillichferklearring fan Pius IX waard troch paus Piux X op 11 febrewaris 1907 útein set. It Fatikaan woe de saak graach gau ôfhannelje, mar der wie fûle wjerstân. Tsjin it sin fan paus Jehannes XXIII moast de sillichferklearring op 'e nij útsteld wurde, om't der fierder histoarysk ûndersyk nei Pius needsaaklik wêze soe. Jehannes bewûndere Pius IX as hoeder en syn sillichferklearring soe in symboal wêze foar de doelstellings fan it Twadde Fatikaanske Konsylje.[94]

Ek Paulus VI wie dúdlik oer de sillichferklearring en yn it ramt fan de 100e stjerdei fan Pius IX priizge er syn foargonger en beskreau er de nije dogma's fan it Earste Fatikaanske Konsylje as "fjoerbeakens yn de tûzenjierrige ûntjouwing fan de teology." Dat der oer de persoan Pius IX noch jimmeroan ferskil fan miening bestie kaam neffens Paulus VI troch de noch koarte tiid tusken it ein fan it konsylje en de nije tiid.

Lang om let kaam yn 1986 in ein oan it proses. Ek it ûndersyk nei in oan Pius IX taskreaun wûnder wie foltôge. In non, Marie-Thérèse de St-Paul, soe op foarspraak fan Pius fan har artroase yn de knibbel better woarn wêze, eat dat op medyske grûnen net ferklearre wurde koe. Om't paus Jehannes Paulus II de réaksjes op de ôfkundiging freze, benammen út Itaalje, frege er biskoppen, skiedkundigen en politisi om rie en hja seine dat it ferset dêr't de paus benaud foar wie net bestie.[95] Mar doe't bekend makke waard dat de sillichferklearring dochs syn beslach krige, ûntplofte de krityk fan alle kanten. Tsjerkehistoarisy op in gearkomste yn Innsbruck ferwiten it Fatikaan dat yn it ûndersyk de minsklike en geastlike tekoartkommings fan Pius IX negere wiene. Pius waard in brek oan yntelliginsje ferwiten en dat er, by alles wat der yn syn tiid barde, allinne mar it wurk of God of dat fan de duvel seach. Neffens har koe der gjin sprake wêze fan in sillichferklearring. Oaren wiisden der op dat as de pausen Jehannes Paulus II en Jehannes XXIII yn de tiid libbe hiene fan Pius IX, dat hja dan wis en wrachtsjes foar harren ideeën en wurden feroardield waarden.[96] Der wiene sels guon dy't seine dat it stege optreden fan Pius tsjin demokratyske herfoarmings net allinne de roomske mienskip fan moderne, maatskiplike ûntjouwings ôfholden hie, mar ek de yndirekte basis wie foar it faksisme.[96]

De measte krityk kaam lykwols út de hoeke fan de joaden. Joadske organisaasjes beskôgje Pius IX as in fertsjintwurdiger fan it tsjerklike anti-judaïsme. De joaden wiisden op syn hanneljen yn de Edgardo Mortara-saak en dat de paus de joaden feroardiele ta it wenjen yn getto's. Ek hie Pius de joaden omskreaun as "byljende hûnen", wêrfan't er hope dat hja harren ea bekeare soene. Ek hiene de joaden krityk op de datum fan de sillichferklearring, 3 septimber 2000. Dy dei foel nammentlik gear mei de fiering fan de Europeeske Dei fan de Joadske Kultuer. Dêrfoaroer hie it Fatikaan in ferklearring fan Edgardo Mortara meinommen yn it ûndersyksproses, wêryn't er ferklearre dat er hope op in sillich- en hillichferklearring fan Pius IX en ûnderstreke dat Pius in soad foar de joadske mienskip dien hie. Foarstanners fan Pius IX omskreaune him as freonlik en sjarmant, de wjerstân fan de paus tsjin nije ideeën hiene neffens har alles te krijen mei de anty-religieuze en anty-klerikale stimming yn it lân. Oars as yn Itaalje wie paus Pius IX by de katolike massa's as paus tige populêr, dy't alle swierrichheden kalm en moedich trochstien hie.[97]

Op 3 septimber 2000 waard Pius IX tagelyk mei Jehannes XXIII, Tommaso Reggio, Guillaume Joseph Chaminade en Columba Marmion sillich ferklearre. Yn syn preek omskreau Jehannes Paulus it pontifikaat fan Pius IX as in drege tiid, wêryn't er in soad te lijen hie om syn missy yn tsjinst fan it Evangeelje út te fieren. It wie lykwols yn dy tiid fan konflikten dat it ljocht fan syn deugden it helderst skynde.[96]

Jehannes Paulus II ferdigene in dei letter it beslút om Pius sillich te ferklearjen. Hy lei de klam op in wrâld dy't Pius IX net begrypte; de hossanna's oan it begjin fan syn pontifikaat feroaren al rillegau yn oanfallen, beskuldigingen en rabberij. Pius hie him al dy tiid lankmoedich opsteld, ek nei syn fijannen ta. Op 5 septimber foege Jehannes Paulus dêr oan ta dat by in ûndersyk net sasear sjoen wurdt nei de histoaryske keuzes fan de kandidaat-sillige, mar fral nei de eigenskappen dy't foar leauwige minsken as foarbyld en ferearing tsjinje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Life of Pius IX, John R.G. Hassard, 1878, The Catholic Publication Society Co., side 10
  2. Andrea Mastai-Ferretti, www.catholic-hierarchy.org
  3. Life of Pius IX, side 13
  4. Life of Pius IX, side 14
  5. (in) Koarte biografy fan Pius IX, www.vatican.va
  6. Giovanni Mastai-Ferretti soe yn dy tiid ek op beafeart nei Loreto gien wêze.
  7. Life of Pope Pius IX, side 15
  8. Klaus Schatz, 'Pius IX', yn: Das Papsttum II [=Gestalten der Kirchengeschichte 12] (Stuttgart: Kohlhammer, 1984), side 184-202.
  9. Life of Pius IX, side 16
  10. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 34
  11. Alhoewol't Sily him op 12 febrewaris 1818 offisjeel ûnôfhinklik ferklearre folge de Spaanske erkenning pas yn 1846. (Catholic Encyclopedia)
  12. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 32
  13. (in) Chile, Catholic Encyclopedia, 1913
  14. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 40
  15. Ospedale San Michele
  16. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 41
  17. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 44
  18. Life of Pius IX, side 27
  19. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 46
  20. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 47
  21. The Life of Pope Pius IX and the Great Events in the History of the Church during his pontificate, side 49
  22. The Life of Pius IX, side 51
  23. Cardinals of the Holy Roman Church: It gyng om de konklaven fan 1799-1800, 1823 en 1830-1831. It veto by dy konklaven waard útsprutsen tsjin in kardinaal, dy't lang om let net keazen waard. By it konklaaf fan 1846 wie it in veto tsjin Giuseppe Mastai-Ferretti.
  24. The Life of Pius IX, side 51 oant 52
  25. In Gods naam, side 128
  26. The Life of Pius IX, side 52
  27. 27,0 27,1 The Cardinals of the Holy Roman Church
  28. Nei de fal fan de stêd Rome yn 1870 soe it Palazzo del Quirinale de residinsje wurde fan de Italjaanske kening.
  29. It konklaaf fan 1878, folgjend op de dea fan Pius IX, soe yn mar trije stimrondes útmakke wurde en resultearje yn de ferkiezing fan Gioacchino Pecci ta paus Leo XIII
  30. The Life of Pius IX, side 55
  31. The United States Catholic magazine and monthly review, Volume 5 (side 454) skreau dat foar de kroaning de "Napoleon Tiara" brûkt waard.
  32. In Gods Naam, side 128
  33. 33,0 33,1 A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 84
  34. Sleutelbewaarders, de geschiedenis van het pausdom van Petrus tot Benedictus XVI, Roger Collins, side 406
  35. Sleutelbewaarders, de geschiedenis van het pausdom van Petrus tot Benedictus XVI, Roger Collins
  36. Apostoalyske konstitúsje Nei Giorni
  37. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 85
  38. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 90
  39. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 86
  40. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 117
  41. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 150
  42. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 165
  43. Nelle istituzioni, Apostoalyske konstitúsje fan 14 maart 1848
  44. Tekst taspraak fan 29 april 1848
  45. De Beierske ambassaudeur Spaur ferrifele de revolúsjonêren mei de ferklearring fan syn fertrek dat er mei ûnderhannelje moast oer in oansteand houlik tusken kroanprins Frâns fan Napels en de Beierske prinses Marie Sophie Amalie yn Beieren.
  46. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 250
  47. The last days of Papal Rome, 1850-1878, side 13
  48. The last days of Papal Rome, 1850-1878, side 15
  49. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 295
  50. A life of Pius IX down to the Episcopal jubilee of 1877, side 296
  51. The last days of Papal Rome, 1850-1878, side 24
  52. Sleutelbewaarders, de geschiedenis van het pausdom van Petrus tot Benedictus XVI, Roger Collins, side 408
  53. Sleutelbewaarders, de geschiedenis van het pausdom van Petrus tot Benedictus XVI, Roger Collins, side 408
  54. Sleutelbewaarders, de geschiedenis van het pausdom van Petrus tot Benedictus XVI, Roger Collins
  55. (in) Non Expedit, Catholic Encyclopedia, 1913
  56. Respicientes, paragraaf 10: “Alle dagen wurde wy oan ús finzenskiip en ús ferlies oan frijheid betocht.”
  57. Papal elections in the age of transition, 1878-1922, side 39
  58. 58,0 58,1 Papal elections in the age of transition, 1878-1922, side 40
  59. In fjirde kardinaal, Friedrich Johannes von Schwarzenberg, hie yn 1846 ek kiesrjocht, mar hie net dielnommen.
  60. Neffens Louis Baunard, Frânsk skiedkundige, lykas ferwurde yn de L'Osservatore Romano
  61. De tafoeging "Earste" datearret út in letter tiidrek om it fan it Twadde Fatikaansk Konsylje (1962-1965) te ûnderskieden.
  62. (in) Aeterni Patris, Catholic Encyclopedia, 1913
  63. Sleutelbewaarders, de geschiedenis van het pausdom van Petrus tot Benedictus XVI, Roger Collins, side 412
  64. "Ik bin ommers al ûnfeilber", wêrby't er wiisde nei de ôfkundiging fan it dogma fan de Unbesmodske Untfinzenis fan Marije
  65. Apostoalysk dekreet Apostolicis litteris fan 20 jannewaris 1870
  66. (in) Vatican Council, Catholic Encyclopedia, 1913
  67. Jean-Baptiste Duroselle (1949), Histoire du Catholicisme, side 106, Que sais-je ?
  68. Hoe de paus onfeilbaar werd, side 51
  69. Bul Postquam Dei munere
  70. In Gods naam, side 129-130
  71. In Gods naam, side 131
  72. In Gods naam, side 139
  73. In Gods naam, side 145
  74. In Gods naam, side 149
  75. In Gods naam, side 154
  76. In Gods naam, side 157
  77. Concordat of 1851 op de Ingelstalige Wikipedy.
  78. Een les uit Pruisen: Nederland en de Kulturkampf 1870-1880, side 31
  79. Een les uit Pruisen: Nederland en de Kulturkampf 1870-1880, side 36
  80. 80,0 80,1 80,2 Ex Qua Die
  81. Staf en storm: het herstel van de bisschoppelijke hiërarchie in Nederland in 1853, side 11
  82. Thorbecke hie Willem III frege dúdlik te meitsjen dat foar de stifting fan in biskoplike struktuer yn Nederlân neffens de nije grunwet gjin tastimming fan de kening nedich wie.
  83. Bisschoppen wilden liever geen heilige martelaren van Gorcum, De Volkskrant, 25 july 1997
  84. Publikaasje fan histoarikus Hans de Valk, ferbûn oan it Nederlânsk Ynstitút yn Rome, yn it tiidskrift Trajecta
  85. The Life of Pope Pius IX, side 441
  86. The Life of Pius IX, side 445
  87. The life of Pius IX, side 449
  88. (in) Pope Pius IX, www.vatican.va
  89. Ofbyld fan de bysetting fan de paus yn de Sint-Piter
  90. The New York Times fan 12 juny 1878
  91. Pius IX, door Roberto De Mattei, side 90
  92. Joseph Schmidlin, Papstgeschichte, Vol I-IV, Köstel-Pusztet München, 1922-1939, siden 103-104
  93. Ofbyld grêfmonumint
  94. Time Magazine, 31 augustus 1962
  95. Trouw, 8 juny 2000
  96. 96,0 96,1 96,2 Find articles
  97. De Pausen, Richard P. McBrien, side 353