Pomp
In pomp is in Fryske en Grinslanner namme foar in dûker. Dit is werom te finen yn in stik of wat toponimen. Meastal ferwize de nammen nei útwetteringsdûkers, dy't yn it ferline wol in weromslachklep hienen en sa in ienfâldige spuislûs wiene.
- Kollumerpomp, in doarp yn de gemeente Kollumerlân
- De Pomp in buorskip by Middelstum by de eardere dûker, no de brêge Pompstertil yn de Huizingermaar
- Spyksterpompen, in gemaal by Spijk, neamd nei twa eardere útwetteringsslûzen
De oantsjutting pomp betsjutte fan oarsprong wetterke, plasse, dobbe en is yn dy betsjutting oergien nei dûker en nei de fertikale wetterpomp.