Practical Magic (film)

film

Practical Magic is in Amerikaanske fantasyfilm en romantyske komeedzje út 1998 ûnder rezjy fan Griffin Dunne, mei yn 'e haadrollen Sandra Bullock en Nicole Kidman. De titel betsjut "Praktyske Magy" of "Magy yn 'e Praktyk". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Alice Hoffman. It ferhaal giet oer twa susters út in famylje fan heksen dêr't in flok op rêst: eltse man dy't op ien fan 'e heksen fereale wurdt, stjert in ûntidige dea. Practical Magic krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt de film lykwols beskôge as in cultklassiker.

Practical Magic
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Griffin Dunne
produsint Denise Di Novi
senario Robin Swicord
Akiva Goldsman
Adam Brooks
basearre op de roman fan Alice Hoffman
kamerarezjy Andrew Dunn
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Village Roadshow Pictures
Di Novi Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Sandra Bullock
Nicole Kidman
byrollen Stockard Channing
Dianne Wiest
Aidan Quinn
Goran Višnjić
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 oktober 1998
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
   en fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $68,3 miljoen

Mear as trijehûndert jier lyn waard yn Massachusetts Maria Owens, in jonge heks dy't swier wie, ferballe nei in eilantsje foar de kust nei't dúdlik wurden wie dat se net terjochtsteld wurde koe om't har behearsking fan magy dat net taliet. Doe't har minner net kaam om har te rêden, lei se yn uterste wanhoop in betsjoening oer harsels, sadat se nea wer fereale reitsje kinne soe. Neitiid ferwaard dy betsjoening lykwols ta in flok dy't eltse man deade dy't fan in froulike neikommeling fan Maria hold.

Yn 1970-er jierren komt troch dy flok Jack om, de man fan Regina Owens, dy't har koart dêrnei fan kant makket. Har jonge dochters Sally en Gillian wurde dêrnei grutbrocht troch Regina har susters Frances en Jet. Fan 'e beide famkes hat de brúnhierrige Sally it grutste talint foar magy, wylst de talinten fan 'e readhierrige Gillian mear op it mêd fan sjarme en oerredingskrêft lizze. De heksen libje yn harren wenplak yn 'e marzje fan 'e maatskippij; se wurde troch de 'gewoane' minsken nea akseptearre, mar de lju binne te bang om wat tsjin harren te ûndernimmen.

As Sally en Gillian der op in dei tsjûge fan binne hoe't Frances en Jet in leafdesbestjoening útsprekke foar in hopeleas fereale pleatslike frou dy't obsedearre rekke is troch de man fan wa't se hâldt, reägearje se dêr folslein ferskillend op. Gillian kin net wachtsje om sels fereale te reitsjen, wylst Sally in betsjoening útsprekt om harsels tsjin ferealens en leafde te beskermjen: har wiere leafde sil in man wêze mei ien blau each en ien grien each dy't pankoeken heech yn 'e loft smyt om se om te draaien, waans favorite foarm in stjer is en mei mear fan sokke fiersochte skaaimerken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As se folwoeksen wurden binne, set de aventoerlike Gillian ôf om wat fan 'e wrâld te sjen. Underwilens moetet Sally Michael, in pleatslike grienteman. Se falt as in blok foar him en hy foar har. Se trouwe en krije twa dochters, de readhierrige Kylie en de brúnhierrige Antonia. Op in dei wurdt Michael lykwols deariden by it oertekken fan 'e strjitte, wat de ûntreastbere Sally oan 'e famyljeflok fan 'e Owens-froulju wyt. Sally en har beide dochters lûke dan by de muoikes yn, dêr't Sally ûntdekt dat de leafde op it earste gesicht tusken har en Michael eins feroarsake waard troch in betsjoening fan 'e muoikes, dy't har graach lokkich hawwe woene. Sally wit dat der in betsjoenng bestiet om 'e deaden wer ta libben te bringen, en se smeket de muoikes om Michael werom te heljen, mar de muoikes wegerje har dat oan te dwaan, mei't wat weromkomt altyd in ferwrongen ferzje is fan wat stoarn is.

Underwilens is Gillian yn Orlando (Floarida), dêr't se in relaasje begjint mei de yntinse Jimmy Angelov, in tige knappe Bulgaar. Se keart foar koarte tiid werom nei hûs om Sally te helpen by har rouferwurking nei it ferstjerren fan Michael. Sally is ûntrêstge as se heart dat Gillian geregeldwei Jimmy syn tequila oanlinget mei in bytsje fan it giftige belladonna, sadat er bewusteleas rekket en sy ris in goede nachtrêst krije kin.

In skoft letter begjint Jimmy Gillian te slaan, wêrnei't se Sally om help skillet. Sally reizget halje-trawalje nei har ta en lit har dochters efter op 'e noed fan 'e muoikes, dy't harren meinimme nei de fiering fan in heksesabbat. De beide susters besykje temûk út te piken, mar wurde trappearre troch Jimmy, dy't Gillian gizelet en Sally twingt om syn auto te bestjoeren. Gillian kriget it idee om 'e oanhâldend sûpende Jimmy bewusteleas delfalle te litten troch belladonna yn syn tequila te dwaan, in plan dat Sally útfiert. Se wol net te min brûke, mar docht der dan safolle yn dat Jimmy net bewusteleas, mar dea rekket. Se ride mei syn lyk nei hûs, dêr't se it ryk foar harrensels hawwe om't de muoikes en Sally har dochters noch altyd fuort binne. Op inisjatyf fan Gillian besykje se dan de geheime betsjoening fan 'e muoikes te brûken om Jimmy wer ta libben te bringen. Want as er (wer) libbet, sa riddenearje se, kin nimmen harren derfan beskuldigje him fermoarde te hawwen. De Jimmy dy't weromkomt, besiket lykwols daliks Gillian te smoaren, sadat Sally him mei in koekepanne op 'e nij deaslaan moat. Dêrnei litte se him dea bliuwe en begrave syn lyk yn 'e mânske tún.

Net folle letter arrivearret resjersjeur Gary Hallet út Tucson yn Arizona yn it plakje dêr't de heksen wenje. Hy is op it spoar fan Jimmy Angelov, dy't in searjemoardner blykt te wêzen. Sally kin om in ûnferklearbere reden net tsjin him lige, en wurket har dêrtroch yn 'e problemen. Gillian makket mei de help fan Kylie en Antonia in toverdrankje dat Gary derta bringe moat om fuort te gean. Underwilens hawwe Kylie en Antonia lykwols it boekje fan harren mem fûn wêryn't se de leafdesbetsjoening opskreaun hat dy't se as famke oer harsels útsprutsen hat. As de beide famkes opmerke dat Gary ien blau each en ien grien each hat, dat er pankoeken heech yn 'e loft goaie kin om se om te draaien en dat syn plysje-embleem in stjer is, beseffe se dat hy Sally har wiere leafde is, dy't hjir eins net kommen is troch it ûndersyk nei Jimmy Angelov, mar troch Sally har leafdesbetsjoening nei har ta roppen is. Se goaie Gillian har toverdrankje fuort ear't Gary it ynnimme kin.

As Sally letter Gary yn syn hotelkeamer opsiket om in bekentenis ôf te lizzen, sjocht se dêr in brief lizzen dat se ea oan Gillian skreaun hat, en dat Gary by syn ûndersyk earne opdjippe hat. Se beseft dat it papier suver stikken gien is, sa faak hat Gary it lêzen. Net by steat om harren gefoelens foarinoar noch langer te ferbergjen, tútsje se inoar. Sally beseft dat Gary har wiere leafde is. As se thúskomt, docht bliken dat de geast fan Jimmy Angelov ûnderwilens it lichem fan Gillian beset hat. Gary is der tsjûge fan as de kleurleaze geast út Gillian har lichem foar it ljocht komt. It slagget him lykwols om tsjin te kearen dat Jimmy Sally wat oandocht, as er ûntdekt dat de geast net oer de oanrekking fan syn sulverne plysjestjer kin. De geast ferdwynt en Sally en Gary miene dat se foargoed mei him ôfweefd hawwe.

Sally fertelt Gary dat it neat tusken harren wurde kin, want as se no in relaasje begjinne, sil Gary him altyd ôffreegje oft se wier fan him hâldt of dat se gewoan net yn 'e finzenis komme wol, wylst Sally har altyd ôffreegje sil oft Gary wier fan har hâldt, of dat er noch altyd besiket út te finen oft se Jimmy Angelov fermoarde hat of net. Boppedat sil de Owens-flok Gary deadzje as se wat krije. Dêrop antwurdet Gary dat flokken inkeld macht hawwe as men deryn leaut, en dat docht hy net. No't dúdlik is dat Jimmy Angelov dea is, keart er werom nei Tucson om syn ûndersyk ôf te rûnjen.

Nei't Gary fuortgien is, docht lykwols bliken dat Jimmy it lichem fan Gillian noch altyd beset. Frances en Jet beslute dat der ferlet is fan in folsleine heksering om 'e geast út te bannen. Sally brûkt de tillefoanbeam fan 'e skoalle fan har dochters om genôch froulju te krijen om sa'n ring te foarmjen. Hoewol't in protte fan 'e froulju harren hiele libben al in antagonistyske relaasje mei Sally en Gillian hân hawwe, komme se no opsetten om oan it ritueel diel te nimmen dat Jimmy útdriuwe moat. Sally lit it ritueel hohâlde as se sjocht dat Gillian it der suver fan bestjert. Se bejout har yn 'e ring en tegearre brekke sy en Gillian de Owens-flok en driuwe se Jimmy út. Syn geast falt yn stof útinoar, dat dêrnei troch de leden fan 'e heksering mei biezems nei bûten fage en ferballe wurdt.

Troch it ritueel hawwe Sally en Gillian in bân mei de froulju út harren wenplak krigen en wurde se neitiid foar it earst yn 'e mienskip opnommen. Der komt in brief út Tucson, wêryn't Gary Sally en Gillian formeel frijsprekt fan belutsenens by de saak fan Jimmy Angelov. Sally sprekt in nije betsjoening út om Gary by har te roppen en as er ferskynt, jouwe se har beiden oer oan harren gefoelens foarinoar en krije in relaasje. Op 31 oktober ferklaaie de seis Owens-froulju harren as heksen en nimme foar it earst diel oan 'e pleatslike fiering fan Halloween.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Sandra Bullock.
 
Nicole Kidman.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sally Owens Sandra Bullock
Gillian Owens Nicole Kidman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
muoike Frances Owens Stockard Channing
muoike Bridget "Jet" Owens Dianne Wiest
resjersjeur Gary Hallet Aidan Quinn
Jimmy Angelov Goran Višnjić
Kylie Owens Evan Rachel Wood
Antonia Owens Alexandra Artrip
Michael Mark Feuerstein
de jonge Sally Owens Camilla Belle
de jonge Gillian Owens Lora Anne Criswell
Maria Owens Caprice Benedetti
Jack Peter Shaw
Regina Owens Caralyn Kozlowski
Carla Chloe Webb
Sara Lucinda Jenney
Linda Bennett Margo Martindale
Patty Martha Gehman

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Practical Magic waard regissearre troch Griffin Dunne nei in senario fan Robin Swicord, Akiva Goldsman en Adam Brooks op basis fan 'e roman Practical Magic fan Alice Hoffman út 1995. As produsinte wie Denise Di Novi by it projekt belutsen, foar de studio's Village Roadshow Pictures en Di Novi Pictures. Der wie foar Practical Magic in budget fan $75 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Dunn. Alan Silvestri fersoarge de filmmuzyk, mei in soundtrack dêr't nûmers yn opnommen wiene fan û.o. Stevie Nicks, Marvin Gaye, Joni Mitchell en Elvis Presley, en ek This Kiss fan Faith Hill.

De film waard foar it meastepart opnommen op in filmset yn Hollywood, wylst de bûtendoarsênes filme waarden by in spesjaal foar de film neiboud hûs op it eilân San Juan, yn 'e Amerikaanske steat Washington. De sênes yn it doarp waarden opnommen yn Coupeville (Washington), in lyts havenstedsje op it eilân Whidbey yn 'e Puget Sound, mei gebouwen yn 'e Fiktoriaanske styl.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Practical Magic waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 16 oktober 1998 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum waard op 6 oktober fan dat jier útbrocht troch platemaatskippijen Reprise Records en de Warner Music Group.

Practical Magic krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Sa omskreau Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly de film as "in heksekomeedzje sa oerflakkich, oanmodderjend en betize, dat it wol liket as leit der in flok op." Yn 'e krante de Chicago Sun-Times skreau Roger Ebert: "[de film] liket wol net te witten hokker toan er oannimme moat, en swaait ûnwis hinne en wer fan horror nei komeedzje nei românse."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Practical Magic in leech goedkarringspersintaazje fan 22%, basearre op 93 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De] steurende ferskowings yn toan [fan 'e film] litte it bytsje potinsjeel dat it ûngewoane ferhaal hat, te sink gean – hoewol't de gemy tusken Nicole Kidman en Sandra Bullock in sterk argumint foarmet foar takomstige gearwurking." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Practical Magic in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 22 resinsjes.

Tweintich jier nei't de film makke waard, wurdt Practical Magic lykwols beskôge as in cultklassiker.

Practical Magic brocht wrâldwiid yn 'e bioskopen $68,3 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in ferlies fan $6,7 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme.

Sawol Evan Rachel Wood, dy't yn 'e film de âldste dochter fan Sally Owens spilet, as Camilla Belle, dy't de jonge ferzje fan Sally Owens spilet, waarden yn 1999 foar harren rollen yn Practical Magic nominearre foar de Young Artist Award foar bêste byrol fan in aktrise.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.