In printsjekaart is in foarm fan printwurk: in brievekaart mei op de oare kant in ôfbyld.

De earste printsjekaart is nei alle gedachten printe troch de Dútske printer August Schwartz út Aldenboarch, dy't ûnder de Frânsk-Dútske Oarloch in kaart tekene mei in kanonnier der op.

 
Amerikaanske printsjekaart, om 1900

Oarspronklik wienen de measte printsjekaarten lykwols winskkaarten, fral foar Nijjier. Dêr kamen topografyske ôfbylden by, gebouwen, doarpen, stêden. Earst waarden allinnich tekenings brûkt, mar al gau kamen dêr foto's by.

 
Printsjekaart fan Marken, iere 20e iuw

Yn Nederlân hie de PTT oant 1892 in monopoalje op brievekaarten, mar doe't dat einige woeks it tal fan printsjekaarten hurd. Yn de earste twa desennia fan de 20e iuw wienen de kaarten it populêrst. Yllustraasjes wienen fierders net sa algemien, en ynformaasje oer oare plakken op de wrâld ek net. Sadwaande waarden printsjekaarten brûkt foar alle mooglike ynformaasje, fan natuerrampen oant tekene grapkes.

Oant 1905 koe de adreskant fan in brievekaart net foar wat oars brûkt wurde, dat de ôfbylden wienen faak lytser as de printsjekaarten, mei ûnder of njonken it ôfbyld romte foar in omskriuwing. Ek in persoanlike boadskip waard ûnder, rûnom of somtiden troch it ôfbyld skreaun. Ek lettere printsjekaarten hienen noch wol dy yndieling, mar yn de rin fan de tiid is dy feroare ta in yndieling mei de omskriuwing op de adreskant. Wol wurdt in printe boadskip faak oer it ôfbyld hinne printe.

Hjoed de dei

bewurkje seksje

Tsjintwurdich wurde fral winskkaarten en fakânsjekaarten stjoerd. Dat tal rint stadich werom, mar it tal kaarten mei de kryst bliuwt al itselde: alle jierren wurde yn Nederlân 200 miljoen krystkaarten ferstjoerd.

Al sa lang as der printsjekaarten binne wurde dy ek al sammele. Dêrby jildt it net sa sear it garjen fan sa folle kaarten as mooglik, mar mear it sammeljen fan kaarten oer in spesyfyk plak, of in oar tema. Nei de oarloch hat der lykwols in tiid west dat de populêrens safier ôfnaam wie dat in protte âlde kaarten gewoan weigoaid binne. Nei de ein fan 'e 20e iuw is it sameljen wer populêrder wurden.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Postcards fan Wikimedia Commons.