Priya Price, echte namme ûnbekend (Albuquerque (Nij-Meksiko), 29 april 1992), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol misstavere as Prya Price. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Priya Price
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Prya Price
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 april 1992
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
etnisiteit Meksikaansk
Afro-Amerikaansk
Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20152020
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Priya Price waard yn 1992 berne yn Albuquerque, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Hja makke yn 2015 mei 23 jier har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in fyftjintal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations en Girlfriends Films. Se hat lykwols mear yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers, Naughty America en PornPros. Price wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat Hussie Models LLC fan Riley Reynolds, dat fêstige is yn North Miami Beach, yn Floarida.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Priya Price is fan Latino, Afro-Amerikaansk en Angelsaksysk Amerikaansk komof, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 36DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Hja hat in tatoeaazje mei û.m. it sinnesymboal út 'e flagge fan Nij-Meksiko op 'e foarside fan har lofterheup. Ofsjoen fan 'e gatsjes troch har earlellen hat se gjin piercings.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: