Priya Rai, echte namme: Anjeli Sipe (New Delhi, 25 desimber 1977), is in Amerikaansk rêstend fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Yndiaask Hindoestaansk komôf. Hja neamt harsels ek wol Priya Anjali Rai, en yn it ferline hat se fierders gebrûk makke fan 'e artystenamme Rira Raid. Rai sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrby spile se yn in protte films en berikt se grutte populariteit. Yn 2013 beëinige se har karriêre as porno-aktrise, mar yn 2018 makke se in comeback.

Priya Rai
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Priya Anjali Rai, Rira Raid
echte namme Anjeli Sipe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 desimber 1977
berteplak New Delhi (Yndia)
etnisiteit Hindoestaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20072013 & 20182019
offisjele webside
www.priyaanjalirai.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Priya Rai waard yn 1977 berne yn 'e Yndiaaske haadstêd New Delhi, dêr't se koart nei har berte te fûnling lein waard. Se bedarre yn in weeshûs, mar doe't se twa jier wie, waard se oannommen troch Amerikaanske âlden. Se groeide op yn 'e foarstêden fan Minneapolis, yn 'e steat Minnesota. Har pleechheit wie in yngenieur yn Honeywell. Rai studearre marketing oan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona yn Tempe. Hja kaam foar it earst yn oanrekking mei de pornoyndustry doe't se ûnder en nei har stúdzjetiid tolve jier lang as stripper wurke, benammentlik yn stripklubs yn 'e steat Arizona. Letter wie se ek wurksum as fotomodel foar baaiklean- en linzjerykatalogussen.

Karriêre as pornoaktrise

bewurkje seksje

Rai makke har debút yn in pornografyske film yn 2007, doe't se 29 jier wie. As pornoaktrise wurke se foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Evil Angel, Digital Playground, Jules Jordan Video, New Sensations, Hustler Video, Elegant Angel, Zero Tolerance, Digital Sin, Red Light District, Anabolic Video en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Shane's World, Metro en Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Muffia. Mids 2019 hie Rai neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 190 pornofilms spile.

Under har karriêre hat se gearwurke mei kollega-aktrises as Jesse Jane, Memphis Monroe, Rachel Starr, Stoya en Jamie Valentine, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, James Deen, Erik Everhard, Billy Glide, Tommy Gunn, Jules Jordan, Keiran Lee, Mr. Marcus, Ramon Nomar, David Perry, Ramon, Johnny Sins en Voodoo. Rai hat trije kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), en hat der yn 2009 ien wûn foar de bêste lesbyske groepsekssêne, yn 'e film Cheerleaders, yn 'e mande mei û.o. Jesse Jane en Memphis Monroe.

Yn juny 2013 kundige Rai oan dat se har weromloek út 'e pornoyndustry, sadat se har konsintrearje koe op har mainstream-karriêre en har priveelibben. Nettsjinsteande dat wurke se yn 2014 noch wol as stripper, wêrby't se as feature dancer troch de hiele Feriene Steaten reizge om yn stripklubs op te treden. Nei fiif jier lins makke Rai op 22 maart 2018 har comeback as pornoaktrise.

Mainstream-karriêre

bewurkje seksje

Yn 2011 wie Rai presintatrise by de útrikking fan 'e NightMoves Awards. Njonken har pornokarriêre spile Rai yn 2012 ek de haadrol fan Isis yn 'e Yndiaaske mainstream-horrorfilm Isis Rising: Curse of the Lady Mummy. Fierders hat hja yn Bollywood, it sintrum fan 'e Yndiaaske filmyndustry yn Bombay, belutsen west by ferskate oare mainstream-filmprojekten, wêrûnder de film Beyond the Truth, yn 2013.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn in fraachpetear hat Priya Rai oanjûn dat har pleechâlden har karriêrekar akseptearre hawwe en dat harren kontakt noch altyd tige goed is. Hoewol't se oarspronklik har stúdzje ôfbrutsen hie om as pornoaktrise te wurkjen, hat se de oplieding marketing letter dochs ôfmakke, mei it each op it feit dat se net oant har pinsjoen yn 'e pornoyndustry wurkje kin. Rai wennet yn Phoenix, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Arizona. Hja hat twa bern. Yn 2012, doe't se 35 jier wie, waard se beppe. Yn 2013, doe't se ophold as pornoaktrise, makke se bekend dat se har ferloofd hie mei in sakeman dy't net wurksum wie yn 'e pornoyndustry.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Priya Rai is blank, mar mei de brune hûdskleur fan lju fan it Yndysk subkontinint. Hja hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 45 kg. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat Rai gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes. Har cupmaat hat troch de jierren ferskillend west. Yn 2007 ûndergie Rai har easte boarstfergrutting, folge troch in twaddenien yn desimber 2010 ta cup 34F. Yn april 2013, nei't se opholden wie as pornoaktrise, waard bekendmakke dat se in boarstferlytsing hân hie, dy't har werombrocht hie ta in cup 34D. Har âlde ymplantaten liet se by in feiling op it ynternet ferkeapje, en de opbringst skonk se oan in diere-asyl yn Arizona.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jesse Jane, Shay Jordan, Stoya, Adrianna Lynn, Brianna Love, Lexxi Tyler,
Memphis Monroe en Sophia Santi)
Cheerleaders
FAME Award nominearre leaflingsboarsten n.f.t.
nominearre favorite nijynkommelinge n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste nije ynternetstjer n.f.t.
nominearre bêste triosekssêne (mei Marco Banderas en John West) Tormented
FAME Award nominearre leaflingsboarsten n.f.t.
Xbiz Award nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar PriyaAnjaliRai.com) n.f.t.
2011 NightMoves Award wûn bêste milf n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-webside fan it jier (foar PriyaAnjaliRai.com) n.f.t.
2012 NightMoves Award nominearre bêste boarsten n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2013 Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2013 Xbiz Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.