Protestantske tsjerke fan De Rottefalle

De protestantske tsjerke (ek: Eben-Haëzer) is de eardere grifformearde tsjerke fan De Rottefalle en tsjintwurdich de tsjerke fan de protestantske gemeente fan it doarp. De yn 1937 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt T. van der Kooi út Drachten boude tsjerke fertoant grutte oerienkomsten mei de yn deselde snuorje boude Twizeler Rehobothtsjerke. De protestantske gemeente fan De Rottefalle wurket nau gear mei de gemeente fan Noard-Jeruël yn 'e Houtigehage, ek al is dat offisjeel in selsstannige gemeente mei in eigen tsjerkeried.

Eben-Haëzer
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak De Rottefalle
adres Buorren 42
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1937
arsjitekt T. van der Kooi
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 499166
offisjele webside
Prot. gemeente De Rottefalle

Skiednis bewurkje seksje

Nei de ôfskieding yn 1834 sochten ek jimmeroan mear ynwenners fan De Rottefalle oansluting by de nije kristlik-grifformearde gemeenten yn de omkriten, mar it duorre noch oant 1873 ear't hja foar it earst yn De Rottefalle by inoar kamen. Dat barde ynearsten yn in skuorre, mar yn maart 1874 waard der oan de Kompanjonswei foar de gemeente de earste stien foar in echte tsjerke boud. Yn 1892 foegen de dolearjenden harren by de gemeente en tenei hiet de tsjerke no grifformearde tsjerke. Nei't de tsjerke al in hiel set te lyts woarn wie, ferhûzen de grifformearden yn 1937 nei de nijbou oan de Buorren.

De tsjerke is yn 1950 en 1971 oan de achterkant feroare.

Yn 2004 gyngen de herfoarme en grifformearde gemeente oer nei de protestantske Tsjerke yn Nederlân, itjinge resultearre yn in fúzje fan de twa gemeenten op 29 maaie 2011. Der waard keazen om Eben-Haëzer as tsjerke oan te hâlden en de herfoarme tsjerke oer te dragen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken].

De tsjerke is mei de muorre foar de tún in ryksmonumint en it ynterieur is yn 2016 renovearre.

Oargel bewurkje seksje

Sûnt de bou fan de tsjerke oan de Buorren stie der in ynstrumint fan Valckx & Van Kouteren yn de tsjerke, dat in hiel ienfâldich oargel wie mei in soad mankeminten. Om't der net genôch jild wie om de bou fan in nij oargel út te besteegjen, naam de gemeente yn de jierren 1990 it beslút om sels in nij oargel te bouwen. Mei de ynset fan in soad frijwilligers moast foar it nije oargel de tsjerke ferboud wurde en in nije galerij boppe de tagong boud wurde. Foar it nije oargel waarden twa besteande oargels oankocht, dy't earder yn de Ljouwerter Baptistentsjerke oan de Trompstrjitte en de roomkse tsjerke fan Skagen tsjinst dien hiene. Beide oargels wiene oarspronklik makke troch Jos Vermeulen en waarden yn De Rottefalle ta ien oargel omboud, oanfolle mei noch inkelde oankochte registers. It wurk oan it twamanualige ynstrumint mei 32 registers duorre fiif jier.[1]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: