Pskov

in stêd yn Ruslân

Pskov (Russysk: Псков) is in âlde stêd yn it westen fan Ruslân en de haadstêd fan it oblast mei deselde namme. De stêd leit oan de rivier de Velikaja op likernôch 20 kilometer fan de grins mei Estlân. De stêd telde yn 2014 206.730 ynwenners.

Pskov
It kremlyn fan Pskov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Pskov
Sifers
Ynwennertal 210.116 (2019)
Oerflak 95.6 km²
Befolkingstichtens 2.197.87 / km²
Hichte 45 m
Oar
Stifting 903
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 57° 49' N 28° 19' E
Webside Side fan de stêd

De tsjerken fan de Pskov Skoalle fan Arsjitektuer binne yn 2019 troch UNESCO op de list fan it wrâlderfgoed byskreaun.

Pskov is ien fan de âldste stêden fan Ruslân. It wie de haadstêd fan de Republyk Pskov en ien fan de hannelstêden fan it Hânzebûn. Letter foel it ûnder it Grutfoarstendom Moskou en it opfolgjende Russyske Ryk.

Under it Sovjet-regear waarden grutte dielen fan de stêd op 'e nij boud. In soad âlde gebouwen, benammen tsjerken, waarden ôfbrutsen om romte te meitjen foar nijbouprojekten. Yn de Twadde Wrâldkriich hie de stêd slim te lijen ûnder de Dútske besetting fan 9 july 1941 oant 23 july 1944. In grut part fan de befolking ferstoar yn de kriich en sûnt de befrijing besiket Pskov de tradisjonele posysje as in yndustriëel en kultureel sintrum fan West-Ruslân werom te winnen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

De midsiuwske muorren fan Pskov, boud fanôf de 13e iuw, binne foar in grut part bewarre. Yn it kremlyn fan Pskov stiet de 78 meter hege Trije-ienheidskatedraal, stifte yn 1138 en wer opboud yn de jierren 1690. De katedraal fan it Mirozjski-kleaster binne ferneamd fanwegen de 12e-iuwske fresko's. Fan de oare tsjerklike monuminten binne û.o. de 12e-iuwske Jehanneskatedraal en it Snetogorski-kleaster (yn 1310 boud en mei muorreskilderings út 1313) it neamen wurdich.

Pskov is ryk oan lytse, skildereftige tsjerken út de 15e en 16e iuw. Der binne noch tsientallen fan bewarre.

Yn de omkriten fan de stêd leit Izborsk mei ien fan de grutste forten fan it midsiuwske Ruslân. Oare monuminten binne it troch grutte oantallen pylgers besochte Untsliepeniskleaster yn Petsjory, it Krypetski-kleaster en it Jeleazarov-kleaster, in kultuereel en literêr sintrum fan it midsiuwske Ruslân.

Fierder is it iepenloftmuseum Michailovskoje in besite wurdich. Underdiel fan it museum foarmet it âldershûs fan Aleksander Pûsjkin, dêr't er guon fan syn bêste wurken yn it Russysk skreau. De nasjonale dichter fan Ruslân is tichteby begroeven yn it Svjatogorski-kleaster.

Op 7 july 2019 waarden de tsjerken fan de Pskov Skoalle fan Arsjitektuer as wrâlderfgoed opnommen yn de list fan UNESCO.