Raffaella De Laurentiis

Raffaella De Laurentiis (Rome, 28 juny 1954) is in Italjaansk filmprodusinte en tillefyzjeprodusinte, dy't benammen bekendheid krigen hat troch har belutsenens by films as Conan the Barbarian, Dune en Dragonheart.

Raffaella De Laurentiis
regisseur en/of produsint
Raffaella De Laurentiis (l.), mei har suster Veronica (m.) en ûndernimmer Guido Borghi (rj.) om 1970 hinne.
Raffaella De Laurentiis (l.), mei har suster Veronica (m.) en ûndernimmer Guido Borghi (rj.) om 1970 hinne.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Raffaella De Laurentiis
nasjonaliteit Italjaansk
berne 28 juny 1954
berteplak Rome (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Napolitaansk
wurkpaad
wurksum as filmprodusinte, tillefyzje-
   produsinte
bekenste
  produksje(s)
Conan the Barbarian
Dune
Dragonheart
jierren aktyf 1979 – no
offisjele webside
Raffaella De Laurentiis yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Komôf en famylje bewurkje seksje

De Laurentiis waard yn 1954 berne yn 'e Italjaanske haadstêd Rome yn in famylje fan Napolitaansk komôf. Hja is de dochter fan 'e foaroansteande Italjaanske en letter Amerikaanske filmprodusint Dino De Laurentiis en dy syn frou, de aktrise Silvana Mangano. Har suster is de skriuwster en aktrise Veronica De Laurentiis, de mem fan Giada De Laurentiis, dy't bekendheid krigen hat as kok op it Food Network. Raffaella De Laurentiis kin goed mei har muoikesizzer en hat oan achttjin ôfleverings fan syn itensiedersprogramma Giada at Home meiwurke.

Karriêre bewurkje seksje

De Laurentiis folge yn har heite fuotleasten en waard filmprodusinte. Yn dy hoedanichheid wie se belutsen by de produksje fan films as Conan the Barbarian (1982), Conan the Destroyer (1984), Dune (1984), Prancer (1989), Backdraft (1991), Dragonheart (1996), Daylight (1996), Kull the Conqueror (1997), The Last Legion (2007), en The Forbidden Kingdom (2008).

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as produsinte
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1979 Beyond the Reef filmprodusinte
1982 Conan the Barbarian filmprodusinte
1984 Conan the Destroyer filmprodusinte
1984 Dune filmprodusinte
1986 Tai-Pan filmprodusinte
1989 Prancer filmprodusinte
1991 Backdraft filmprodusinte
1991 Timebomb filmprodusinte
1993 Dragon: The Bruce Lee Story filmprodusinte
1994 Trading Mom filmprodusinte
1996 Dragonheart filmprodusinte
1996 Daylight útfierend produsinte
1997 Kull the Conqueror filmprodusinte
1998 Black Dog filmprodusinte
2000 Dragonheart: A New Beginning filmprodusinte direkt-op-fideo útbrocht
2001 Prancer Returns útfierend produsinte    direkt-op-fideo útbrocht
2004 Sky Captain and the World of Tomorrow    útfierend produsinte
2007 The Last Legion filmprodusinte
2008 The Forbidden Kingdom útfierend produsinte
2015 Dragonheart 3: The Sorcerer's Curse filmprodusinte direkt-op-fideo útbrocht
2017 Dragonheart: Battle for the Heartfire filmprodusinte
2017 What Happened to Monday filmprodusinte
2019 Backdraft 2 filmprodusinte direkt-op-fideo útbrocht
2020 Dragonheart: Vengeance filmprodusinte direkt-op-fideo útbrocht
20?? The Medusa filmprodusinte anno 2021 yn preproduksje
20?? A Prancer Tale filmprodusinte direkt-op-fideo út te bringen; anno 2021 yn preproduksje
tillefyzje
1994 Vanishing Son útfierend produsinte tillefyzjefilm
1994 Vanishing Son II útfierend produsinte tillefyzjefilm
1994 Vanishing Son III útfierend produsinte tillefyzjefilm
1994 Vanishing Son IV útfierend produsinte tillefyzjefilm
1995 Vanishing Son útfierend produsinte minysearje, 13 ôfl.
1997 The Guardian filmprodusinte tillefyzjefilm
2001 Uprising filmprodusinte tillefyzjefilm
2003 Stealing Christmas útfierend produsinte tillefyzjefilm

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.