De ralkraan (Aramus guarauna) is in op in ibis lykjende fûgel, dy't nau besibbe is oan kraanfûgels. De typyske snaffel is lang en nei ûnder bôge mei in skerpe, ljocht draaide punt. De snaffel is oanpast om slakken út harren hûskes te lûken. De fûgel is sa bysûnder, dat er as iennige soarte yn 'e famylje ralkraanfûgels (Aramidae) en it skaai ralkranen (Aramus) set is.

Ralkraan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famylje ralkraanfûgels (Aramidae)
Bonaparte, 1849
skaai ralkranen (Aramus)
Vieillot, 1816
soarte
Aramus guarauna
Linaeus, 1766
net bedrige
ferspriedingsgebiet
 
De fûgel mei in slak.

De ralkraan is in 56 oant 71 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 101 oant 107 sm. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar der is gjin ferskil yn fearrekleed. De fûgels ha in lange nekke en in lange, ljochtbôge twakleurige snaffel. It fearrekleed is meast readbrún mei op 'e kop en de mantel in soad wite streekjes. Noardlike fûgels binne oer it generaal wat lytser en ha ek wite plakken op 'e wjukken. De lange poaten binne swart.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte libbet yn wetterrike gebieten lykas sompen mei heech reid en magroves yn waarme dielen fan Amearika, fan Florida oant Noard-Argentynje, mar is ek oant yn it noarden fan Wisconsin en Súd-Ontario waarnommen.

De fûgels ite wringeleazen, fral slakken fan it skaai appelslakken (Pomacea).

Undersoarten

bewurkje seksje

Tusken 1856 en 1934 waard de fûgel ferdield yn twa soarten, ien yn Súd-Amearika (Aramus guarauna) en de oare yn Midden-Amearika, de Kariben en Florida (Aramus pictus). Tsjintwurdich wurdt de fûgel behannele as ien soarte mei fjouwer ûndersoarten. It ferskil tusken de ûndersoarten hat te krijen mei lytse ferskillen yn it formaat en it fearrekleed.

 
Piken.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in stabile, grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte net oan in foarm fan bedriging bleatsteld wurdt. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch ien miljoen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: