Ralph Schwarz (Nieuwkoop, 28 maart 1967 - Chicago, 17 septimber 1992) wie in Nederlânsk roeier. Ralph wie in broer fan Sven Schwarz en in omke fan Bram Schwarz.

Ralph Schwarz
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ralph Schwarz
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 28 maart 1967
berteplak Nieuwkoop
stjerdatum 17 septimber 1992
stjerplak Chicago
lingte 1.89 m
gewicht 90 kg
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Fjouwer sûnder stjoerman
Acht
O.S. Seoel 1988
karriêre-ein 1992

Yn 1988 die Schwarz mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Seoel. Hy kaam dêr by it roeien út op it ûnderdiel fjouwer sûnder stjoerman. De roeiwedstriden waarden hâlden yn de rivier Han River Regatta Course yn Hanam City. flak by Seoel. De Nederlânske boat kwalifisearre him fia 6.17,24 (searjes) en 6.14,96 (heale finale) foar de lytse finale. Dêr finishten de Nederlanners as tredde yn 6.15,32 en einigen dêrmei op in 9e plak yn it einklassemint.

Ralph Schwarz ferstoar op 17 septimber 1992, yn 'e aldens fan 25 jier, by in fleantúchûngelok yn Chicago

Wichtichste útslaggen bewurkje seksje

Fjouwer sûnder stjoerman bewurkje seksje

  • 1987: 6e WK - 6.52,11
  • 1988: 9e OS - 6.15,32
  • 1989: 5e WK - 6.12,94

Acht bewurkje seksje

  • 1984: 7e WK junioren - 4.18,66
  • 1985: 5e WK junioren - 4.40,30

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN