Reutov

(Trochferwiisd fan Reûtov)

Reutov (Russysk: Ре́утов) is in stêd yn de oblast Moskou en leit 12 kilometer eastlik fan it sintrum fan Ruslân's haadstêd Moskou.

Reutov
De tusken 2008-2014 boude Trijeienheidstsjerke fan Reutov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Moskou
Sifers
Ynwennertal 108.257 (2022)
Oerflak 9,09 km²
Befolkingstichtens 11.909 ynw./km²
Hichte 160 m
Oar
Stifting 1492 (?)
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 55° 46' N 37° 52' E
Webside Side stêd

De measte skiedkundigen binne fan betinken dat Reutov, doe noch it doarp Reutovo, tusken 1492 en 1495 stifte waard. De namme giet mooglik op it wurd reut werom, in wachttoer mei klokken om Moskou te warskôgjen as der fanút it easten fijannich folk fernommen waard.

Yn de 17e en 18e iuw hearde it doarp oan ferskate aadlike famyljes. Doe't it oan it begjin fan de 19e iuw in tekstylfabryk boud waard ferlear Reutovo it meastepart fan syn lanlike karakter. Likernôch healwei de 19e iuw waard der noch in stienfabryk mei grutte wenkazernes foar de arbeiders byboud. Stadichoan ûnstie sa it fabryksdoarp Reûtovo.

Reûtovo krige yn 1913 in stasjon oan it spoar fan Moskou nei Nizjni Novgorod. Foar 1917 hie it doarp in befolking fan 3.300 ynwenners.

Op 7 oktober 1940 waard it arbeidersdoarp by dekreet offisjeel in stêd en krige it de namme Reûtov.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw krige Reutov ynstellings foar wittenskiplik ûndersyk. Dêrom waard de stêd yn 2003 de status fan in naûkograd, letterlik 'wittenskipsstêd', ferliend.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Demografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 6.500 14.768 24.268 50.150 60.306 68.326 76.805 87.314 106.962