Red Sparrow (film)

film út 2018 fan Francis Lawrence

Red Sparrow is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 2018 ûnder rezjy fan Francis Lawrence, mei yn 'e haadrollen Jennifer Lawrence en Joel Edgerton. Byrollen waarden fertolke troch û.m. Jeremy Irons, Charlotte Rampling en de Nederlânske aktrise Thekla Reuten. De titel betsjut "Reade Mosk". De plot fan 'e film, dy't basearre is op 'e roman mei deselde namme fan Jason Matthews, giet oer in Russyske balletdûnseresse dy't tsjin har wil rekrutearre wurdt as aginte foar de geheime tsjinst en sjen moat te oerlibjen yn in nije wrâld fol seks en geweld. Hja wurdt útstjoerd om kontakt te meitsjen mei in agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, yn 'e hoop de identiteit fan in dûbelspion te ûntdekken. Red Sparrow krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen dochs ta in kommersjeel súkses.

Red Sparrow
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Francis Lawrence
produsint Peter Chernin
Steven Zaillian
Jenno Topping
David Ready
senario Justin Haythe
basearre op de roman fan Jason Matthews
kamerarezjy Jo Willems
muzyk James Newton Howard
filmstudio TSG Entertainment
Chernin Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jennifer Lawrence
Joel Edgerton
byrollen Matthias Schoenaerts
Jeremy Irons
Charlotte Rampling
Thekla Reuten
Douglas Hodge
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 febrewaris 2018
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 140 minuten
budget en resultaten
budget $69 miljoen
opbringst $151,5 miljoen

Plot bewurkje seksje

Dominika Egorova is in Russyske ballerina dy't dûnset yn it ferneamde Bolsjoj Teäter yn Moskou, en dêrmei har terminaal sike mem ûnderhâldt. By in foarstelling komt har dûnspartner Konstantin nei in sprong op har skonk del, dy't dêrby brekt. Hoewol't Dominika flugger opbetteret as de dokters foar mooglik holden hiene, is wol dúdlik dat se nea wer op heech nivo balletdûnsje kinne sil. Har omke Ivan, dy't it pleatsferfangend haad fan 'e Russyske geheime tsjinst SVR is, begjint neitiid mear oandacht oan syn omkesizzer te skinken, en lit har witte dat as se ea ferlet fan help hat, se mar by him komme moat. Hy jout har in lûdsopname fan in petear tusken Konstantin en syn nije dûnsparter Sonja, dêr't út blykt dat har ferwûning hielendal gjin ûngemak wie, sa't eltsenien tocht hie, mar opset, mei't Konstantin en Sonja in relaasje hawwe en Dominika de karriêre fan Sonja yn it paad stie. Dominika wurdt dêr sa poerrazen fan, dat se nei it Bolsjoj Teäter giet, dêr't se Konstantin en Sonja oer it mad komt wylst se seks hawwe yn ien fan 'e klaaikeamers, en harren mei har kruk hielendal yninoar slacht en dêrby ferskate bonken brekt.

Hoewol't net útkomt dat Dominika efter de mishanneling sit (mooglik om't Konstantin en Sonja al bewusteleas wiene ear't se gewaar wurde koene wa't harren oanfoel, of oars om't se bang binne dat de opset efter it 'ûngemak' fan Dominika útkomt), rekket Dominika yn 'e swierrichheden as it Bolsjoj Teäter, dat har wenromte en de genêskundige fersoarging fan har mem betellet, de jildkraan tichtdraait om't se net mear dûnsje kin. Dominika giet nei har omke Ivan om help, en dy biedt oan om út eigen bûse de betellings oer te nimmen as Dominika him helpe wol by in saak dêr't er oan wurket. It giet om in gangster, Dimitry Ustinov, dy't as steatsgefaarlik beskôge wurdt. Dominika moat him ferliede en tagelyk útkloarkje.

Ut klearbare noed om har mem beslút Dominika oan dat plan mei te wurkjen. Se wit Ustinov safier te krijen dat er har meinimt nei in hotelkeamer en syn liifwachten derút stjoert. Dêrnei ferliest Dominika lykwols eltse kontrôle oer de sitewaasje as Ustinov har ferkrêftet. Ear't er dêr klear mei is, kringt Sergej Matorin, in SVR-agint dy't stjoerd is troch har omke Ivan, de keamer yn en fermoardet Ustinov mei in wjirchizer wylst er noch op har leit. Nei Ustinov syn dea ûntkomt Dominika mei Matorin út it hotel. Hy bringt har nei in kantoar fan 'e SVR, dêr't har útlein wurdt dat se no tefolle wit. Se wurdt foar de kar steld: in aginte foar de SVR wurde, of deasketten wurde sadat se nimmen fertelle kin oer de moard op Ustinov.

Nate Nash is in CIA-agint dy't yn Moskou stasjonearre is. As er yn it Gorkypark in moeting mei in spion hat dy't foar him wurket, komt de plysje harren oer it mad. Letter docht bliken dat de plysjes inkeld efter homo's oansitte dy't it park foar klandestine seksuële moetings brûke, mar op dat stuit tinkt Nash dat se him en syn spion op 'e hakken sitte. Om te bewissigjen dat de spion, in heechpleatste Russyske funksjonaris mei de koadenamme 'Marble', fuortkomme kin, liedt Nash de plysje ôf troch in pistoal te lûken en in pear skotten te lossen mei de loop op 'e grûn rjochte. Syn bedoeling slagget: de plysje lit Marble rinne sûnder him te identifisearjen en komt ynstee efter Nash oan. Dy wit te ûntkommen nei de Amerikaanske ambassade en wurdt neitiid weromhelle nei de Feriene Steaten. Om't Marble nimmen oars as Nash fertrout, en om't Nash Ruslân net wer ynkomt, wurdt er letter yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest stasjonearre. De CIA is derfan oertsjûge dat Marble dêrfan hearre sil en dat Boedapest tichternôch by Ruslân is dat er sels wer kontakt mei Nash opnimme kinne sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwielens wurdt Dominika troch har omke nei in spesjale skoalle stjoerd foar 'mosken', de term foar froulike SVR-aginten dy't oplaat binne om te spionearjen troch it gebrûk fan seks. Hoewol't se griist fan 'e nije wrâld dêr't se tsjin har wil yn ûnderdompele wurdt, blinkt se út yn har training, nettsjinsteande in beskate friksje yn 'e omgong mei de 'matroane', de âldere froulike SVR-aginte dy't de lieding oer de skoalle hat. Ek is der in ynsidint mei in manlike klasgenoat dy't har ûnder de dûs besiket te ferkrêftsjen. Foar't se de hiele oplieding foltôge hat, wurdt Dominika troch har omke weromhelle nei Moskou. De SVR hat de bedoeling fan 'e oerpleatsing fan Nash nei Boedapest útriddenearre, en der is besletten om in aginte op Nash ôf te stjoeren om him de namme fan 'e ûnbekende spion (Marble) te ûntfytmanjen. Ivan Egorov is fan tinken dat syn omkesizzer Dominika by útstek geskikt is foar sa'n misje.

Yn Boedapest komt Dominika yn te wenjen by in oare 'mosk', Marta Jelenova, dy't krekt as har ûnder de gleie en ûnprofesjonele kolonel Maksim Volontov wurket, de pleatslike burosjef fan 'e SVR. Dominika makket yn in pleatslik swimbad kontakt mei Nash, dy't binnen de koartste kearen troch hat dat se in SVR-aginte is. Syn reäksje is net om har tenei út 'e wei te gean, mar ynstee om te besykjen en krij har safier dat se oerrint en foar him spionearje wol.

Op in kear dat Marta net oanwêzich is, trochsiket Dominika har keamer, en fynt se papierren en foto's dêr't út blykt wat Marta har opdracht is: om steatsgeheime ynformaasje oer in nij Amerikaansk raketsysteem te keapjen fan Stephanie Boucher, de stêfsjef fan in Amerikaanske senator. As Ivan Dominika koarte tiid letter ûnder druk set omreden fan it gebrek oan foarútgong yn 'e saak-Nash, makket se him wiis dat se dêrnjonken ek oan 'e saak-Boucher wurket mei Marta. Dat stelt Ivan foarearst tefreden, mar Marta is poer as se ûntdekt wat Dominika dien hat. Se giet nei Volontov ta, fan wa't Dominika ek noch wat tegoede hat om't se earder syn avânses yn har rjochting ôfwiisd hat, en biedt oan om him te helpen en helje Dominika ûnder fuotten. Volontov is lykwols net ree om syn karriêre op it spul te setten, en as Dominika op in jûn thúskomt, treft se Marta dêr dea oan, dy't lange tiid martele en dêrnei fermoarde is. De dieder is Matorin, dy't Dominika dúdlik makket dat sy krektlyk einigje sil as se faalt yn har misje.

Dat jout Dominika it lêste triuwke, en as se wer by Nash is, stimt se deryn ta om in dûbelspion te wurden yn ruil foar beskerming foar har en har mem. Dy nacht giet se ek foar de earste kear mei him op bêd. No't Marta fan it toaniel ferdwûn is, reizget Dominika yn opdracht fan 'e SVR nei Londen ta, dêr't Marta yn in hotel mei Boucher ôfpraat hat foar de útwikseling fan geheime ynformaasje tsjin in grutte tas mei $250.000 yn kontant jild. Op it lêste stuit komt Volontov opdaagjen, dy't sels mei de ear strike wol as de útwikseling goed giet. Dat makket alles yngewikkelder foar Dominika, mar net ûnmooglik. Sabeare om te kontrolearjen oft de skiven dy't Boucher har jout, wol de goede ynformaasje befetsje, nimt Dominika se mei nei in sydfertrek, dêr't se de dingen omwikselet foar skiven mei disynformaasje dy't se fan 'e CIA krigen hat. De wiere skiven wurde letter troch Nash út 'e lege hotelkeamer ophelle.

It hiele spul giet dat it slydjaget, oant Boucher, as se it hotel ferlit, merkt dat se folge wurdt troch CIA-aginten. Se rekket yn panyk, draaft sûnder út te sjen de strjitte op en wurdt deariden troch in passearjende frachtwein. Aginten fan 'e SVR dy't tsjûge binne fan it foarfal, en dy't nei de oanriding fan alle kanten CIA-aginten ferskinen sjogge, begripe dat de hiele moeting kompromittearre wie en dat immen de Amerikanen warskôge hawwe moat. Om't Volontov en Dominika de meast foar de hân lizzende fertochten binne, wurde se allebeide weromroppen nei Moskou, dêr't se dagenlang martele en ûnderfrege wurde. Beide hâlde se stiif fol dat se neat misdien hawwe; Volontov wurdt stânrjochtlik eksekutearre, mar Dominika wurdt sparre, wat suggerearret dat de SVR har ferhaal leaut. Se wit har omke Ivan te bepraten om har werom te stjoeren nei Boedapest, om't de martelings it byld dat se Nash fan harsels jout allinnich mar fuortsterkje sille. Werom yn Boedapest beart se dat se har oarspronklike misje, om Nash de namme fan Marble te ûntfytmanjen, trochset, mar ûnderwilens wit se fan Nash tasizzings los te krijen om har en har mem asyl yn 'e Feriene Steaten te jaan en $250.000 op in bankrekken te stoarten dy't se by in bank yn Wenen iepene hat.

Nei't se de nacht mei Nash trochbrocht hat, ûntdekt Dominika de oare moarns as se wekker wurdt dat er martele wurdt troch Matorin. Dy wol fan him de identiteit fan Marble witte, mar Nash lit neat los. Dominika begjint Matorin fuortendaliks en sûnder wifeling te helpen by syn martelpraktiken, oant er har sa fertrout dat er net mear goed om har tinkt, en dan stekt se him dea mei syn eigen mês. Matorin lit him lykwols net sûnder slach of stjit om hals bringe, en tsjin 'e tiid dat se mei him ôfweefd hawwe, binne sawol Dominika as Nash earnstich ferwûne. Dominika wurdt wekker yn it sikehûs, dêr't se besite kriget fan generaal Vladimir Kortsjnoj, in SVR-funksjonaris fan hege rang dy't fan it begjin ôf oan nau gearwurke hat mei har omke Ivan. Dyselde makket him oan har bekend as Marble, en hy leit har út dat er foar de CIA spionearret om syn heitelân te rêden fan 'e ûndergong troch de korrupsje dy't yn Ruslân alles oanfret. Kortsjnoj wit dat de SVR no de syktocht nei Marble net opjaan sil oant se him fûn hawwe, dat hy riedt himsels ta op syn dea. Hy fiteret Dominika lykwols oan om syn identiteit troch te jaan oan har omke Ivan: dat soe fan har in nasjonale heldinne meitsje dy't boppe eltse fertinking ferheft is. Se soe dan syn plak ynnimme kinne as spion foar de CIA, sadat net alles ferlern gean sil.

Dominika ferlit it sikehûs foar't Nash wer by bewustwêzen kommen is, en bejout har nei de Russyske ambassade yn Boedapest. Dêr kriget se de ambassadeur safier dat se kolonel Zacharov sels, it haad fan 'e SVR, oan 'e tillefoan te wurd kin. Oan him jout se de namme fan Marble troch. Om't Hongarije de diplomatike ymmuniteit fan Dominika net mear erkent, sit se finzen yn 'e Russyske ambassade. Der wurdt dan in spionneruil beävensearre, wêrby't Marble útwiksele wurde sil tsjin Dominika. Dêrby sjocht Dominika foar it earst Nash wer, dy't wrokkich is en har op ferbittere toan beskrobbet om it opjaan fan Marble. Se seit tsjin him dat er har ienris grif begripe sil, mar hy ûntstriidt dat.

Underwilens fiere de Russen Marble oan yn in helikopter, mei in stoffen pûde oer de holle. As Nash de Russen freget om syn gesicht sjen te litten, sadat de Amerikanen witte dat se Dominika net ruilje tsjin samar ien, komt it antlit fan Ivan Egorov foar 't ljocht. Dominika hat net de namme fan generaal Kortsjnoj trochjûn, mar dy fan har omke, op wa't se wraak nimme woe om't er har ta hoer makke en har har frije wil ôfnommen hat. Yn flashbacks wurdt toand dat se hjir al tariedings foar makke hat sûnt se foar de earste kear yn Boedapest arrivearre. Troch har tadwaan liket it as hat Ivan yn Moskou kontakt hân mei Nash en as is Ivan ferantwurdlik foar it fiasko yn Londen. En ek is der in Weenske bankrekken dêr't de CIA $250.000 op stoart hat, dy't op syn namme stiet. Yn in flits begrypt Nash wat Dominika dien hat, en lit er de útwikseling trochgean. Foar't er de Amerikanen berikke kin, wurdt Ivan deasketten troch in Russyske slûpskutter. Dominika keart as heldinne werom nei Moskou, dêr't se in ûnderskieding opspjelde kriget by in formele seremoanje dy't bywenne wurdt troch in synysk gnyskjende generaal Kortsjnoj.

Dominika lûkt wer by har mem yn, dêr't se in tillefoantsje kriget fan in ûnbekende dy't neat seit, mar inkeld it Pianokonsert fan Grieg spilet, wêrfan't se Nash earder ferteld hie dat se dêr har earste ballet op dûnse hat.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Jennifer Lawrence.
 
Joel Edgerton.
haadrollen
personaazje                                         akteur/aktrise
Dominika Egorova Jennifer Lawrence
CIA-agint Nate Nash Joel Edgerton


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ivan Vladimirovitsj Egorov, Dominika har omke Matthias Schoenaerts
generaal Vladimir Andrejevitsj Kortsjnoj Jeremy Irons
de matroane Charlotte Rampling
Marta Jelenova Thekla Reuten
kolonel Maksim Volontov Douglas Hodge
CIA-aginte Trish Forsyth Sakina Jaffrey
CIA-agint Marty Gable Bill Camp
Stephanie Boucher Mary-Louise Parker
kolonel Zacharov, haad fan 'e SVR Ciarán Hinds
Nina Egorova, Dominika har mem Joely Richardson
SVR-agint Sergej Matorin Sebastian Hülk
Dimitry Ustinov Kristof Konrad
Konstantin, Dominika har dûnspartner Sergej Polûnin
Sonja Nicole O'Neill
Anja Sasja Frolova
Simon Benford Hugh Quarshie
Simjonov Sergej Onopko
Russyske ambassadeur yn Boedapest Zsolt Anger

Produksje bewurkje seksje

Untwikkeling bewurkje seksje

Nei't skriuwer Jason Matthews, dy't in âld-agint fan 'e CIA wie, yn 2013 syn roman Red Sparrow publisearre, kocht filmstudio 20th Century Fox dêr de filmrjochten op. Francis Lawrence waard frege om 'e ferfilming te regissearjen. Neffens Matthews hied er it konsept fan 'mosken' en in 'moskeskoalle' basearre op 'e Steatsskoalle 4 yn 'e Sovjet-Uny, de saneamde 'sweltsjeskoalle', ek al wied er derfan op 'e hichte dat 'seksspionaazje' troch de Russyske geheime tsjinsten no útbestege wurdt oan spesjaal dêrfoar rekrutearre prostituees dy't eins gjin geheim aginten binne yn 'e gongbere betsjutting fan dat wurd. Ek it idee fan kompromat (in gearlûking fan 'kompromitearjend materiaal', om lju mei te sjantearjen), dat foarhinne yn 'e Sovjet-Uny en no noch yn Ruslân libbe, wie fan ynfloed op 'e roman.

Doe't er troch 20th Century Fox yn 2015 by it projekt belutsen waard, sette regisseur Lawrence útein mei it adaptearjen fan Matthews syn boek ta in wurkber filmskript. Yn in fraachpetear seid er letter dat er yn 't earstoan skeptysk wie oft in spionaazjeferhaal oer de oanhâldende (of nije) Kâlde Oarloch tsjintwurdich noch wol ynteressant wie foar it Westerske bioskooppublyk. Senarioskriuwer Justin Haythe brocht it tal ferhaallinen út 'e roman foar it skript sterk yn oantal werom, en it oanhâldend wikseljende fertelperspektyf út it boek liet er ek wei, sadat de film benammen oer Dominika gie. De Russyske presidint Vladimir Pûtin, dy't yn 'e roman in rol spilet, waard op oanstean fan regisseur Lawrence hielendal út it senario knipt, om't er fan miening wie dat it opnimmen fan sa'n wier besteand en heechpleatste persoan yn 'e film allinnich mar ôfliede soe fan it ferhaal dat er fertelle woe. Matthews, dy't foar syn boek putte hie fan syn ûnderfinings út 'e tiid dat er by de CIA wurke, waard troch Lawrence as technysk adviseur by de film belutsen. Hy liet de sêne yn it Gorkypark werskriuwe om in akkuraat byld te jaan fan spionaazjepraktiken.

Casting bewurkje seksje

Francis Lawrence lei it úteinlik senario fan Red Sparrow foar oan aktrise Jennifer Lawrence (gjin famylje), dy't er earder regissearre hie yn 'e lêste trije dielen fan 'e filmsearje The Hunger Games. Hoewol't se it seksuële karakter fan 'e rol fan Dominika en de neakensênes in útdaging fûn, naam se de rol dochs oan. In bykommende faktor oangeande neakensênes wie dat der yn 2014, as ûnderdiel fan 'e iCloud Leaks privee-neakenfoto's fan Lawrence stellen en publisearre wiene. Se sei dêroer: "De ûnwissichheid en eangst foar ôfkarring omdatst neaken west hast, dy't ik trochstean moast, soe dat foar de rest fan myn libben bepale moatte wat ik doch?" Foar har rol, dêr't Lawrence nei't it skynt $15 oant $20 miljoen mei fertsjinne, gie se op balletles by Kurt Froman fan it New York City Ballet, dy't har fjouwer moannen lang fiif dagen yn 'e wike fjouwer oeren deis trainde. Lawrence har tsjinspiler Joel Edgerton, dy't de rol fan CIA-agint Nate Nash op him naam, waard op it mêd fan it hâlden en dragen fan spionnen coacht troch Jason Matthews.

 
Slot Festetics yn it Hongaarske Dég wie ien fan 'e opnamelokaasjes fan Red Sparrow.

Opnamen bewurkje seksje

Foar Red Sparrow wie in budget beskikber fan $69 miljoen. As produsinten wiene Peter Chernin, Steven Zaillian, Jenno Topping en David Ready by de film belutsen, foar de filmstudio's TSG Entertainment en Chernin Entertainment. De kamerarezjy waard fersoarge troch Jo Willems. De opnamen setten op 5 jannewaris 2017 útein. Opnamelokaasjes wiene Boedapest, Dunaújváros en it Slot Festetics by Dég yn Hongarije, Bratislava yn Slowakije, Wenen yn Eastenryk en de Ynternasjonale Lofthaven Heathrow yn Londen.

Postproduksje bewurkje seksje

Yn 'e postproduksje fan Red Sparrow joech regisseur Lawrence oan haadrolspylster Jennifer Lawrence de mooglikheid om as earste syn montaazje fan 'e film te besjen, sadat der eventueel yn oerlis noch neakenbylden ferwidere of oanpast wurde koene. Hja naam it oanbod om 'e film te besjen oan, mar frege net om oanpassings. Letter waard de film foar de ferzje dy't yn it Feriene Keninkryk útbrocht waard, lykwols sensurearre troch bylden fuort te heljen út 'e sêne dêr't Ustinov mei in wjirchizer ombrocht wurdt, sadat de film troch de Britske filmkeuring goedkard waard foar sjoggers fan fyftjin jier ôf. De filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard. Oan 'e soundtrack waarden ek fragminten tafoege út it Pianokonsert fan komponist Edvard Grieg, út 1868.

Distribúsje bewurkje seksje

De filmdistribúsje fan Red Sparrow wie yn 'e hannen fan filmstudio 20th Century Fox. Yn 't earstoan soe de film útbrocht wurde yn novimber 2017, mar letter waard dat opskood nei maart 2018, om't der dan minder konkurrinsje fan oare skrillerfilms wêze soe. In oare film fan 20th Century Fox, Murder on the Orient Express, waard doe ynstee yn novimber 2017 publisearre. Red Sparrow gie op 14 febrewaris 2018 yn premiêre yn it Newseum yn Washington, D.C., en wie ek te sjen op it filmfestival FEST yn Belgrado, op 28 febrewaris. De film iepene op 2 maart fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen, in dei nei't er foar it earst yn 'e Britske bioskopen te sjen wie. Op 15 maaie 2018 kaam Red Sparrow beskikber as digitale download, en op 22 maaie kaam er út op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Red Sparrow krige tige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't benammen min te sprekken wiene oer wat sjoen waard as in oerskot oan geweld en seks, hoewol't it optreden fan Jennifer Lawrence rûnom priizge waard. Yn The New York Times skreau Manohla Dargis dat se de film "idioat fermaaklik" fûn, wat se fierhinne taskreau oan Lawrence har aktearjen. Op IndieWire skreau Eric Kohn dat de aktearprestaasjes fan Lawrence en Charlotte Rampling Red Sparrow "oanhâldend rêden", mar hy fûn ek dat de film "net wit wannear't er ophâlde moat, en yninoar sakket ta flauwe martelsênes en in hichtepunt dat ôffalt." Alonso Duralde bekritisearre yn TheWrap it ûnorizjinele ferhaal en it gebrek oan gemy tusken Lawrence en har tsjinspiler, Joel Edgerton. Hy omskreau Red Sparrow as "net yntelligint genôch om jin te pakken, noch fermaaklik genôch om in guilty pleasure te wêzen."

Michael Phillips fan de Chicago Tribune joech de film oardel fan fjouwer stjerren en skreau: "De helte fan it publyk by Red Sparrow sil alteast in part fan 'e tiid oantinkens ûnderdrukke moatte oan Salt en Atomic Blonde en de Black Widow-ferhaalline út The Avengers. De oare helte sil him ûnderwilens ôffreegje wannear't spionaazjefilms sa freeslike dreech wurden binne." Yn 'e Britske krante The Guardian skreau Simran Hans dat Red Sparrow in seksistyske film wie, dy't "him dwaande hâldt mei grimmitige en oerflakkige plezierkes fan it glei begluorkjen fan it haadpersonaazje wylst dat op eltse mooglike wize fernedere wurdt."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 283 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde: "Red Sparrow is bedoeld as in fernimstige, seksy spionaazjeskriller, mar Jennifer Lawrence har tawijde optreden is net genôch om 'e tinne personaazjes en in yngewikkeld ferhaal goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Red Sparrow in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 51 resinsjes. De media yn Ruslân, dat der yn Red Sparrow net botte goed foarwei komt, lieten net folle hiel fan 'e film; neffens Metacritic gou dêr in goedkarringspersintaazje fan 4,7% op basis fan 30 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Red Sparrow brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $104,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $151,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $69 miljoen betsjut dat dat de film, nettsjinsteande de lauwe kritiken, in kommersjeel súkses wie mei in winst fan $82,5 miljoen minus marketingkosten.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.