Reesttsjerke (Balkbrêge)

De Reesttsjerke (Nederlânsk: Reestkerk) is de tsjerke fan de protestanske gemeente Ald Avereest-Balkbrêge, Oerisel. De gemeente makket gebrûk fan twa tsjerken: de eardere herfoarme tsjerke, dy't de namme Reesttsjerke krige, en de eardere grifformearde tsjerke, dy't de namme Brêgetsjerke (Brugkerk) krige. Wikseljend wurden tsjerketsjinsten yn ien fan de twa gebouwen holden.[1]

Reesttsjerke

Reestkerk

bouwurk
Balkbrêge, Reesttsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Overijssel.svg Oerisel
gemeente Coat of arms of Hardenberg.svg Hardenberch
plak Balkbrêge
adres Oud Avereest 5
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1852
arsjitekt L. Lubbers
boustyl Neoklassisisme
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 8458
offisjele webside
PKN gemeente Oud Avereest-Balkbrug

SkiednisBewurkje

Avereest ûntstie yn de 12e iuw nei't lân oanmakke wie oan it rivierke de Reest. De it gebiet fan de parochy lei oan beide kanten fan it rivierke, sawol yn Drinte as yn Oerisel. Nei de reformaasje oan it begjin fan de 17e iuw rekke de âlde tsjerke yn it neigean en stoartte yn 1635 yn. Der fûn in fernijng fan de tsjerke plak, dy't yn de 19e iuw ek yn it neigean rekke en ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke.[2]

 
Oargel

In gevelstsien tsjûget der fan dat de neoklassisistyske tsjerke yn 1852 boud waard. It T-foarmige gebou is ienfâldich, hat in dakruter boppe de gevel en rûnbôgefinsters. Oan de tsjerke is yn 1981 in houten sinnewizer oanbrocht, nei't in âldere sinnewizer yn de Twadde Wrâldkriich ferdwûn is. Yn de toer hinget in klok út 1698 mei in diameter fan 77,8 sintimeter. In twadde klok út 1638 is nei de foardering troch de besetter yn de Twadde Wrâldkriich net weromkommen.

De tsjerke waard nei 150 jier yn de jierren 1980 restaurearre nei't de ferleging fan de grûnwetterstân fersakkingen feroarsake hie.

Foar it behâld fan de tsjerke as religieus gebou is yn 2010 de stifting "Vrienden van de Reestkerk" oprjochte. Yn 2015 kaam der in ein oan in grutte ferbouwing. Oan de tsjerke waard in fasilitêr bygebou boud en û.o. binne de tsjerkebanken oanpast om it sitgemak te ferbetterjen. Njonken de tsjerketsjinsten ferhiert de protestanske gemeente de tsjerke oan de stifting foar kulturele aktiviteiten.

OargelBewurkje

It oargel waard yn 1866 troch J. van Loo boud. Yn 1903 fûn der in útwreiding mei in boppewurk fan J. Proper plak. Ek it oargel waard by de lêste tsjerkerenovaasje restaurearre.[3]

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: