Refizjonistyske western

De refizjonistyske western, ek wol anty-western neamd, is in subsjenre fan 'e westernfilm dat bestiet út films mei in plot dy't him net oan 'e tradisjonele opbou fan in westernfilm hâldt. It subsjenre giet tebek oant de iere 1960-er jierren en belibbe syn heechtijdagen fan 'e midden fan dat desennium oant en mei de earste helte fan 'e 1970-er jierren. Hjoed de dei bestiet in grut part fan 'e westernfilms dy't noch makke wurde út refizjonistyske westerns. Yn sokke films binne bgl. banditen of Yndianen de protagonisten, wylst de sheriff of de Amerikaanske kavalery de rol fan antagonist taparte kriget.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 'e tradisjonele westernfilm waarden konsepten fan goed en kwea tige ynfâldich en dúdlik ôfskildere yn swart en wyt: de haadpersoan is in held en syn tsjinstanners binne smjunten, de cowboys binne goed en de Yndianen binne kwea, of: de sheriff is goed en de banditen binne kwea. Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch kaam der hiel stadichoan feroaring yn dat fêste stramyn, wêrby't men fraachtekens begûn te pleatsen by de folsleine 'goedheid' fan 'e helden. Dat waard dien troch bygelyks ien fan 'e helden ôf te skilderjen as in alkoholist (lykas yn Rio Bravo).

Mids 1960-er jierren waard frij abrupt hielendal brutsen mei de tradisjonele werjefte fan sokke konsepten yn westernfilms. Guon films begûnen doe it Wylde Westen ôf te skilderjen as in moreel twifelich plak, dêr't de helden en de smjunten faak mar amper faninoar te ûnderskieden wiene. Konsepten fan goed en kwea begûnen op dy manear yninoar oer te rinnen yn in wrâld dêr't in protte dieden net mear oantsjut wurde koene as goed of ferkeard. It wie gjin tafal dat de opkomst fan 'e refizjonistyske western gearfoel mei it ûntstean fan 'e spagettywestern. Dat subsjenre waard makke troch Italjaanske regisseurs as Sergio Leone en Sergio Corbucci, dy't gjin eftergrûn yn Hollywood hiene en dêrom net mei de bagaazje fan 'e tradisjonele Hollywoodwestern belêstge wiene.

Foarbylden bewurkje seksje

Guon bekende refizjonistyske westerns binne:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.