Reims (Frânske útspraak: [ʁɛ̃s]; likernôch: "rêns") is in stêd en gemeente yn noardlik Frankryk dy't diel útmakket fan 'e regio fan it Grutte Easten, it departemint Marne en it arondissemint Reims. It plak waard yn 'e lêste iuw f.Kr. stifte troch de Gallyske Kelten en ûntjoech him yn 'e Romeinske Tiid ta in grutte stêd. Under it Keninkryk Frankryk hie Reims in wichtige funksje as it plak dêr't de Frânske keningen tradisjoneel kroane waarden. De stêd, dy't midstwa spjalte wurdt troch de rivier de Vesle, telde yn 2014 krapoan 183.000 ynwenners.

Reims
It stedhûs fan Reims.
It stedhûs fan Reims.
Emblemen
               
Polityk
Lân Frankryk
Regio Grutte Easten
Departemint Marne
Arondissemint Reims
Gemeente Reims
Sifers
Ynwennertal 186.971 (2014)
Oerflak 46,9 km²
Befolkingsticht. 3.986,6 / km²
Stêdekloft 317.611 (2014)
Hichte 80 – 135 m
Oar
Stifting ±80 f.Kr.
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 49°15′46″N 4°02′05″W
Offisjele webside
www.ville-reims.com
Kaart
Reims (Frankryk)
Reims
Lokaasje yn Frankryk.

Skiednis bewurkje seksje

Aldheid bewurkje seksje

Reims waard omtrint 80 f.Kr. stifte troch de doetiidske Keltyske bewennrs fan 'e krite, foarôfgeande oan 'e Romeinske ferovering fan noardlik Galje. It hie doe de namme *Durocorteron, dat yn it Gallysk "rûne fêsting" betsjut hawwe soe (troch taalkundigen weromfoarme út 'e Latynske ferbastering Durocortorum). It tsjinne as it oppidum (haadplak) fan 'e Keltyske stamme fan 'e Remy, nei wa't de stêd letter neamd wurde soe. Under de ferovering fan Galje troch Julius Caesar sleaten de Remy in bûnsgenoatskip mei de Romeinen, en troch harren trou oan 'e Romeinske saak wisten se in foarkarsposysje te bemachtigjen binnen it Romeinske Ryk. Dat stelde harren haadplak by steat om út te groeien ta in wichtich regionaal knooppunt en hannelssintrum, mei in befolking dy't neffens behâldende rûzings tusken de 30.000 en 50.000 lei, mar neffens oare skattings om 'e 100.000 hinne.

Tsjin 260 wie it kristendom yn Reims stevich fêstige, en waard der it bisdom Reims stifte troch de hillige Sikstus fan Reims. De konsul Jovinus, in ynfloedryk oanhinger fan it nije leauwe, sloech oanfallen fan 'e Germaanske Alamannen ôf, dy't de Sjampanje yn 336 binnenfoelen, mar yn 406 waard de stêd ynnommen troch in oar Germaansk folk, de Fandalen, dy't biskop Nikasius deadiene. In heale iuw letter, yn 451 waard Reims fannijs ynnommen en plondere, diskear troch de Hunnen ûnder lieding fan harren kening Attila.

Yn 496, tsien jier nei't Klovis, de kening fan 'e Salyske Franken, de oerwinning behelle yn 'e Slach by Soissons, waard er doopt troch biskop Remigius fan Reims, wêrmei't ek al syn ûnderdienen ta it kristendom brocht waarden. De oalje dy't dêrby brûkt waard, wie de biskop, sa hiet it, troch in do út 'e himel brocht en waard dêrnei bewarre yn 'e Abdij fan Sint-Remy. Noch iuwenlang waard it ferhaal oer de doop en dêropfolgjende kroaning fan Klovis troch de Frânske monargy brûkt om in godlik rjocht op 'e hearskippij op te easkjen.

 
De Basilyk fan Sint Remy.

Groei yn wichtigens bewurkje seksje

Yn Reims fûnen wichtige moetings plak tusken paus Steffen II (752-757) en de Frankyske hofmeier Pepyn de Koarte, en tusken paus Leo III en Karel de Grutte. It wie ek dêre dat paus Steffen IV yn 816 Loadewyk de Fromme kroane ta keizer oer it Frankyske Ryk. Yn 940 skonk Loadewyk IV fan Frankryk it greefskip fan Reims oan 'e pleatslike aartsbiskop Artaldus, wêrmei't Reims in prinsbisdom ûnder de Frânske Kroan waard. Earne tusken 1176 en 1180 ferhefte Loadewyk VII fan Frankryk de doetiidske aartsbiskop fan Reims, Willem fan de Wite Hannen, ta de aadlike rang fan hartoch. Neitiid prevalearren de aartsbiskoppen fan Reims oant de Frânske Revolúsje fan 1789 boppe alle oare Frânske geastliken.

Tsjin 'e tsiende iuw wie Reims in wichtich Jeropeesk kultureel sintrum wurden. Aartsbiskop Adalberon (reg. 969-988), dêrby stipe troch de mûnts Gerbert, dy't letter fan 999 oant 1003 paus wêze soe ûnder de namme Silvester II, stifte yn 'e stêd skoallen dêr't de klassike skiene keunsten ûnderrjochte waarden. Dêrnjonken spile Adalberon ek in wichtige rol yn 'e dynastike revolúsje dy't it Kapetingers yn it plak fan 'e Karolingen op 'e Frânske troan brocht.

De aartsbiskoppen fan Reims holden stevich fêst oan harren privileezje om 'e keningen fan Frankryk kroanje te meien, wat se mei mar in pear útsûnderings diene fanôf Filips II Augustus, yn 1179, oant Karel X, yn 1825. Loadewyk VII skonk Reims yn 1139 offisjele stedsrjochten, hoewol't it plak foar dy tiid al iuwen as stêd funksjonearre hie.

Reims yn oarloggen bewurkje seksje

Yn 1420 waard Reims ûnder de Hûndertjierrige Oarloch mei it Keninkryk Ingelân by it Ferdrach fan Troyes oan 'e Ingelsen ôfstien, mar dyselden waarden yn 1429 troch de ynwenners de stêd útjage doe't in Frânsk leger ûnder lieding fan Jeanne d'Arc nei Reims opmarsjearre. Dêrtroch waard de kroaning yn Reims fan Karel VII, letter dat jier, mooglik. Yn 1461 lei Loadewyk XI op wrede wize it near op in opskuor yn Reims, dat útbrutsen wie fanwegen in nije belesting op sâlt.

 
Troch Dútske bombardeminten ferwuostge gebouwen yn Reims, yn 1916.

Under de Frânske Godstsjinstoarloggen keas Reims yn 1585 de kant fan 'e Katolike Liga, mar nei de Slach by Ivry, yn 1590, joech de stêd him oer oan kening Hindrik IV. Yn 'e njoggentjinde iuw waard Reims trijeris ynnommen: twaris troch de Alliëarden oan 'e ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen, yn 1814, en ienris ûnder de Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 troch de Prusen, dy't it ta de sit fan in gûverneur-generaal makken en dy't de stêd yn 'e earmoede stoarten mei grutskalige ûnteigenings.

Tweintichste iuw bewurkje seksje

Yn augustus 1909 waard yn Reims de earste ynternasjonale konferinsje op it mêd fan 'e loftfeart holden, de Grande Semaine d'Aviation de la Champagne. Dêr wiene loftfeartpioniers lykas Glenn Curtiss, Louis Blériot en Louis Paulhan oanwêzich.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch (1914-1918) rûn Reims grutte skea op. Sa waard de katedraal yn 1914 troch de Dútsers bombardearre, wêrnei't it gebou troch brân ta in ruïne ferwaard. De ferrinnewearre Notre-Dame fan Reims waard ien fan 'e sintrale bylden fan 'e anty-Dútske propaganda dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch yn Frankryk produsearre waard. Yn 'e mande mei bylden fan 'e ferrinnewearre Lekkenhal yn Iper en de yn 'e jiske leine Universiteitsbibleteek fan Leuven waard it as bewiis oanfierd dat de Dútsers barbaren wiene, dy't mei opsetsin it kultureel erfgoed fan oare folken ferneatigen. Nei ôfrin fan 'e oarloch wie Reims it toaniel fan in ynternasjonaal projekt om 'e katedraal en oare gebouwen fan grutte kultuerhistoaryske wearde yn 'e stêd (lykas it Paleis fan Tau, de Sint-Jakobustsjerke en de Abdij fan Sint-Remy) wer op te bouwen of te reparearjen.

Under de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945) rûn Reims op 'e nij skea op, mar op 7 maaie 1945, om 2.41 yn 'e moarn, fûn yn 'e stêd ek de oerjefte sûnder betingsten plak fan 'e Dútske Wehrmacht (yn 'e persoan fan generaal Alfred Jodl) oan 'e Alliëarden (ûnder lieding fan generaal Dwight Eisenhower).

Reims hjoed de dei bewurkje seksje

Reims is no bestjoerlik in subprefektuer fan it departemint Marne, yn 'e regio fan it Grutte Easten. Hoewol't Reims fierwei it grutste plak yn it departemint is, falt it ûnder de prefektuer Châlons-en-Champagne.

 
De Notre-Dame fan Reims.
 
It Paleis fan Tau.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Stêdebân bewurkje seksje

Reims ûnderhâldt in stêdebân mei:

 
Boppe: Alfred Jodl tekenet de oerjefte fan 'e Wehrmacht; ûnder de fertsjintwurdigers fan 'e Alliëarden foar de ûndertekening.

Demografy bewurkje seksje

De stêd Reims telde yn 2014 krapoan 183.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, hie Reims yn datselde jier hast 320.000 ynwenners.

Berne yn Reims bewurkje seksje

Stoarn yn Reims bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Reims hat in seeklimaat, mei waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 23,8 °C (nachts: 12,0 °C), en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,9 °C (nachts –0,4 °C). By útsûndering kinne de temperatueren simmerdeis oprinne oant goed 37 °C yn july en augustus, wylst se by 't winter oant –22 °C sakje kinne yn jannewaris en desimber. Reims kriget jiers trochinoar 604,1 mm delslach. Winterdeis binne der trochinoar 21 dagen dat der snie leit. De stêd kriget op jierbasis trochinoar 1.729 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.