Reinier Paping
Reinier Paping (Dedemsfeart, 18 febrewaris 1931 - 20 desimber 2021) is bekend wurden as de winner fan de Alvestêdetocht fan 1963. Oan de wedstriid dienen 577 dielnimmers mei wêrfan't 58 it folbrochten.
Reinier Paping | ||
sporter | ||
Reinier Paping yn 1963 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Reinier Paping | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 18 febrewaris 1931 | |
berteplak | Dedemsfeart | |
stjerdatum | 20 desimber 2021 | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaanriden, Maratonriden | |
debút | 1951 | |
karriêre-ein | 1964 | |
wichtige prestaasjes | ||
Winner Alvestêdetocht 1963 |
Paping ried yn dizze bare tocht wei út de kopgroep (Jeen van den Berg, Anton Verhoeven en Jan Uitham), en ried mear as de helte fan 'e tocht allinnich. Tsien oeren en 59 minuten nei de start finishte Paping, 22 minuten letter folge Jan Uitham as twadde.
Mei syn oerwinning fertsjinne Paping twa jierkaarten foar de iisbaan yn Dimter en in sulveren sigarettedoaze. In ûnbekenden-ien hie him nei syn oerwinning nog in tsientsje jûn. Folgjend op syn prestaasje wurke Paping mei oan in reklamekampanje foar in moarnsmielprodukt (Brinta), dêr't er ek nochris in 500 gûne, in oanstekker en in föhn mei fertsjinne.
Paping begûn nei syn oerwinning in sportsaak yn Swol. Yn 2009 fersoarge er de voice-over oan it begjin fan 'e histoaryske film De Hel van '63, oer de Tolfde Alvestêdetocht.