REM-sliep

(Trochferwiisd fan Remsliep)

REM-sliep is in faze yn de sliep. De term is in ôfkoarting fan it Ingelske rapid eye movement ("flugge eachbeweging"). De REM-sliep hat in tal karakteristike skaaimerken:

  • de eagen meitsje horizontale en fertikale bewegingen;
  • de spieren fan it lichem binne folslein ûntspand;
  • minsken dreame (sawat) altiten ûnder de REM-sliep (soks waard yn 1953 ûntdutsen troch Eugene Aserinsky en Nathaniel Kleitman);
  • de harsensaktiviteit is (oars as by net-REM-sliep) tige aktyf, likefolle as by ien dy't wekker is. Dêrom wurdt bytiden ek wol sein fan "paradoksale sliep", omdat der sprake is fan hege harsensaktiviteit en folsleine ûntspanning fan 'e spieren.

Yn de REM-sliep stjoert de harsensstam ynformaasje nei dielen fan de harsens dy't normaal allinnich troch sintugen stjoerd wurde. Dat soe de oanwêzigens fan dreamen ferklearje kinne.

Minsken hawwe trochstrings fjouwer of fiif REM-perioaden nachts, fan alle kearen goed 20 minuten. Meastentiids binne de REM-perioaden koart oan it begjin en wurde dy langer neigeraden dat de nacht foarderet; dat ferklearret ek dat in dream almeast yn it ûnthâld bliuwt as de dei daget. Wittenskippers gean derfan út dat de REM-sliep (al as net yn kombinaasje mei it dreamen) needsaaklik is om de ûnderfinings fan de foargeande dei te ferwurkjen.