Resistinsje by planten

Resistinsje by planten wol sizze dat planten resistint (ûnfetber) binne tsjin oantaasting troch skimmels, baktearjes, firussen, mykoplasma's, nematoaden, ynsekten (lykas miten), de saneamde biotyske faktoaren, wêrtroch dizze gjin of minder skea oprint. De plant wurdt hjir meast oantsjut as waardplant. Yn it algemien binne planten resistint tsjin in hiel soad sykteferwekkers en allinnich fetber foar in beheind tal sykteferwekkers. Troch planten yn monokultuer te kweken kinne sykteferwekkers har flotter ferspriede en oanpasse en sil mear oantaasting foarkomme. Mei planteferedeling wurdt besocht resistinte rassen te meitsjen en de oanpassing fan de sykteferwekker foar te bliuwen. Wat bygelyks by Phytophthora en ierdappelwurgens by de ierdappel mar min slagget.

By resistinsje kin ûnderskied makke wurde yn:

  • Skynresistinsje feroarsake troch:
    • Untsnappingsresistinsje. Dêrby rint de libbenssyklus fan de sykteferwekker (patogeen) net syngroan mei de waardplant of it mykro-klimaat is troch tyltmaatregels net geskikt. Troch te soargjen foar in drûch gewaaks kinne bygelyks skimmelspoaren, lykas dy fan skurft, net op it blêd kymje.
    • Bûtenslutingsresistinsje. De sykteferwekker kin de plant net ynkomme, trochdat it plak fan ynkringen ticht is. Bygelyks troch sletten hûdmûltsjes of in sletten bloei.
    • Fektorresistinsje. Der binne firussen dy’t allinnich oerdroegen wurde kinne troch in oar organisme lykas in blêdlús. As de plant resistint tsjin dy blêdlús is kin it firus de plant net yn komme.
    • Understamresistinsje. Troch resistinsje fan de ûnderstam kin de sykte de dêrop inte plant net yn komme. Bygelyks resistinsje tsjin ferwylgingssykte.
    • Werstelfermogen. Troch in rappe groei kin de plant werstelle fan in oantaasting.
  • Echte resistinsje
    • Passive resistinsje. De resistinsje is al oanwêzich.
    • Aktive resistinsje. Sadree’t de sykteferwekker yn kontakt komt mei de plant, wurdt resistinsje oproppen troch û.o. de foarming fan phyto-aleksinen, gomfoarming, foarming fan tylosen (ypsykte) of troch in oergefoeligensreaksje. Sa foarmet de bean phaseoline en de sojabean hydroksy-phaseoline.

By de oergefoeligensresistinsje stjerre de sellen om it ynfeksjeplak hinne ôf, wêrtroch’t de sykteferwekker him net ferspriede kin. In foarbyld dêrfan is swarte rust by weet.

Gen-om-gen relaasje bewurkje seksje

De resistinsje berêst by in gen-om-gen relaasje op ién gen, lykas by de Bremia skimmel yn slaad. Yn dizze gefallen wurdt praat fan skimmelfysio’s. In ras is allinnich resistint tsjin in beskaat fysio of troch steapeling fan resistinsjegenen tsjin in rige fan ferskate fysio’s. Dizze foarm fan resistinsje is meast net stabyl en wurdt troch de sykteferwekker faak gau trochbrutsen.

Resistinsje tsjin abiotyske faktoaren bewurkje seksje

In plant kin resistinsje hawwe tsjin:

  • Drûchte. Foarbylden dêrfan binne woastynplanten, lykas kaktussen, mar ek by de ierdappel komme rassen foar dy’t frij goed oer drûchte kinne.
  • Hjitte. Foarbylden dêrfan binne ek de woastynplanten.
  • Kjeld. De plant kin by in legere temperatuer noch waakse en/of is winterhurd (winterfêst). In foarbyld is maïs, in oarspronklik tropyske plant, wêrby’t rassen feredele binne, dy’t by de relatyf legere temperatuer yn de maitiid yn Nederlân groeie kinne.
  • Wetteroerlêst. De wylch kin oer in perioade, dêr’t se yn it wetter steane, lykas by ûnderrûne uterwaarden.
  • Soergraad fan de grûn. Wêrby’t in plant op in soerdere grûn groeie kin (lykas moerasplanten en fleisitende planten).