De reuzepanda of bamboebear (Latynske namme: Ailuropoda melanoleuca), is in sûchdier út 'e famylje fan 'e bearen, dat allinne mar foarkomt yn Sina, benammentlik yn guon bercheftige streken fan 'e provinsjes Sichuan, Gansu en Shaanxi. Mei-inoar beslane de fersnipele kriten dy't syn areaal foarmje net mear as 6000 km². De reuzepanda is in ikoan fan 'e ynternasjonale bistebeskermingsbeweging en hat benammen grutte bekendheid krigen as it logo fan it Wrâldnatoerfûns (WNF).

reuzepanda
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje bearen (Ursidae)
skaai panda's (Ailuropoda)
soarte
Ailuropoda melanoleuca
David, 1869
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

Uterlike Skaaimerken

bewurkje seksje
 
In close-up fan in sân moanne âlde reuzepandawelp.

Kwa uterlik ferskille reuzepanda's fral fan oare bearesoarten troch harren swartbûnte pels en rûnere kop. Harren efterein is swart, de rêch en bealch wyt, de foarpoaten en skouders swart en de kop wer wyt, mei swarte earen en rûne swarte plakken om 'e eagen hinne. Folwoeksen reuzepanda's hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 150-190 sm en in skouderhichte fan 65-70 sm. De mantsjes binne grutter en swierder as de wyfkes: mantsjes weagje yn trochsneed 85-125 kg en wyfkes 70-100 kg.

Reuzepanda's libje yn ûnherberchsume en tichtbegroeide bamboe- en rodendrumbosken op berchskeanten. It is der frij kâld en fochtich en winterdeis leit der in tsjûk pak snie, wylst it der by 't simmer faak mistich is. De bergen wurde gauris faninoar skaat troch djippe kleauwen, sadat ferpleatsing fan 'e iene nei de oare berchskeante faak tige dreech is.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De reuzepanda is benammentlik aktyf yn 'e skimer en nacht, en sliept oerdeis yn in beam. Ek om te skûljen by min waar en om gefaarlike rôfdieren út 'e wei te gean, klimt er (mei muoite) yn in beam, mar fierders libbet er folslein op 'e grûn. Reuzepanda's hâlde, oars as oare bearen, gjin wintersliep, nei gedachten om't harren dieet him dêr net ta lient. As resultaat hawwe reuzepanda's harren sa ûntwikkele dat se better as in protte oare bearesoarten bestân binne tsjin winterwaar.

As in reuzepanda op 'e flecht slacht, docht er dat mei sa'n sleauwe trêd, dat men lang tocht hat dat er te dom wie om te witten wannear't er útnaaie moast. Mar de wierheid is dat er troch syn lichemsbou, stadige stofwikseling en fiedingsearme dieet net by steat is en gean flugger. De reuzepanda bliuwt lykwols in bear, wat minsken wolris ferjitte, en as er yn it nau dreaun wurdt en him slimmernôch bedrige fielt, kin er raar fan him ôf slaan en bite. Mei kaken dy't gjin muoite hawwe om bamboe lytsman te meitsjen, kin er sûnder muoite bonken tebrizelje.

Reuzepanda's libje it grutste part fan it jier solitêr; inkeld yn 'e peartiid, dy't fan maart oan maaie falt, sykje se inoar op. Mantsjes fiere dan gefjochten om it rjocht om mei in wyfke te pearjen. Wyfkes binne lykwols mar ien oant op syn heechsten trije dagen yn 't jier fruchtber, dat it komt hiel krekt. Nei in súksesfolle pearing kin it noch 1½-4 moannen duorje ear't de befruchting plakfynt; dat is in meganisme dat ek wol by oare bisten foarkomt en bedoeld is om te beävensearjen dat it/de jong(en) yn 'e geunstichste tiid fan it jier smiten wurde sille. De eigentlike draachtiid duorret dêrnei 4-5 moannen, wat relatyf koart is foar bearen. De berte fynt plak yn augustus of septimber en dêrby giet it ornaris om ien jong, al komme twillingen en sels trijelingen inkeld ek wolris foar. Yn it wyld kin in reuzepandawyfke lykwols mar ien jong tagelyk grutbringe en wurdt it/de oare jong(en) ferstaat. Reuzepandawelpen wurde blyn en dôf berne en kinne sels har eigen lichemstemperatuer net regelje, dat se binne folslein helpleas. By de berte weagje se likernôch 85-140 g, mar yn 'e earste tsien dagen wurde se fjouwer kear sa swier. Nei twa moanne geane de eagen iepen en nei fjouwer moanne kin it welpke rinne. Nei in healjier weaget er sa'n 12 kg en as er alve moanne is, wurdt er ûntwûn. In jong bliuwt likernôch oardel jier by syn mem, wat der de reden foar is dat reuzepandawyfkes mar om 'e twa of trije jier fruchtber wurde. Yn it wyld wurde reuzepanda's nei gedachten 10-15 jier, mar yn finzenskip kinne se wol de âlderdom fan 30 jier berikke

 
In reuzepanda yt bamboe.

Reuzepanda's ite suver allinne mar bamboe, al hearre se taksnonomysk sjoen ta it skift fan 'e rôfdieren. Fral de nije leaten, blêden en stâlen fan 'e bamboeplant wurde iten; de ferhoute dielen binne fiersten te hurd om fertarje te kinnen. De spesjalisearring fan 'e reuzepanda as plante-iter hat foar in grut diel bydroegen oan syn hjoeddeiske swierrichheden. Bamboe smyt net in protte enerzjy op, wat de reuzepanda ta in traach bist makke hat dat yn eardere tiden in maklike proai foar de minske wie.

Njonken bamboe ite reuzepanda's ek wol oare planten, lykas gensiaan, lis en gers. Foarhinne miende men dat se sûnder bamboe net oerlibje koene, mar dat is net wier. Yn it wyld yt de reuzepanda ek wol fleis, as er it teminsten te pakken krije kin, wat almeast it probleem is. Mar lytse kjifdieren, fûgelpiken en aaien is er net te sinnich foar en ek slacht er wolris in fisk út it wetter fan in berchstream. Fan yn finzenskip holden eksimplaren is bekend dat se ek wol searn fleis hawwe wolle.

Tûzenen jierren lyn hie de reuzepanda in folle gruttere fersprieding, mar al foar it begjin fan 'e Westerske jiertelling wied er troch de minske weromkrongen nei de hegere berchskeanten. Oant yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de reuzepanda noch folop bejage. Yn it twadde part fan 'e tweintichste iuw waard er foar Sina ta in soarte fan nasjonaal symboal. Der wiene doe noch mar sa'n bytsje oer, dat er omtrint op útstjerren stie. Sûnt hawwe in strange beskerming, in fokprogramma yn finzenskip en dêropfolgjende útsettings yn it wyld derta laat dat de soarte wer by de râne fan 'e ôfgrûn weisleept is. Likegoed hat de reuzepanda noch altiten de IUCN-status fan "bedrige", wat sizze wol dat er noch lang net út 'e gefaresône wei is. Men rûst dat der hjoed de dei sa'n 1.000 oant 2.000 reuzepanda's yn it wyld libje, mar per isolearre populaasje binne der wierskynlik net mear as 250 folwoeksen eksimplaren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.