Richard A. Knaak (folút: Richard Allen Knaak; Chicago, 28 maaie 1961) is in Amerikaansk skriuwer fan fantasyromans. Hy is benammen bekend wurden mei syn Dragonlance- en Dragonrealm-searjes, en mei de A Soldier's Quest-trilogy.

Richard A. Knaak
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Allen Knaak
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 maaie 1961
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Dragonlance-rige
Dragonrealm-rige
A Soldier's Quest-trilogy
útjouwer Ace Books
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
www.richardaknaak.com

Libben bewurkje seksje

Knaak waard yn 1961 berne yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as de soan fan James Richard Knaak en Anna Maria Trappen. Hy is fan Dútsk etnysk komôf. Knaak studearre earst skiekunde en letter retoarika oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign, en behelle yn 1984 in bachelorstitel. Neitiid wurke er as magazynarbeider en administratyf meiwurker, foar't er him yn 1988 foltiids op syn skriuwkarriêre stoarte.

Troch it lêzen fan 'e roman Storm over Warlock, fan skriuwster Andre Norton, waard Knaak in grut fan fan science fiction en fantasy. Hy skreau yn 1986 syn earste koarte ferhaal, dat er yn 1987 publisearre wist te krijen. Yn 1988 kaam syn earste roman út, mei as titel The Legend of Huma. Dat wie it earste diel fan 'e populêre Dragonlance-rige, dêr't noch tsien oare dielen fan folgje soene. Syn twadde boek, Firedrake, dat yn 1989 útjûn waard, wie it earste diel fan 'e allike populêre Dragonrealm-rige, dêr't Knaak neitiid noch achttjin oare dielen fan skriuwe soe. Yn 2001 sette er útein mei in trêde searje, de Diablo-rige, basearre op it kompjûterspultsje mei deselde namme, dy't twa trilogyen kaam te omfiemjen. Boppedat hat er sûnt 2001 ek al mear as tsien boeken skreaun dy't basearre binne op it kompjûterspultsje Warcraft.

Knaak hat fierders noch ferskate op harsels steande romans op syn namme stean, wêrûnder de kontemporêne fantasyboeken Frostwing, King of the Grey en Dutchman en ek de heroyske fantasyroman The Janus Mask. Yn 2006 publisearre er fierders by útjouwerij Ace Books de trilogy A Soldier's Quest, besteande út The God in the Moon, The Eye of Charon en The Silent Enemy, dy't spilet yn 'e klassike fantasywrâld fan Conan de Barbaar, dy't betocht is troch Robert E. Howard. Knaak hat twa huzen, ien yn Illinois en ien yn Arkansas, ferdielt syn tiid oer dy beide steaten.

Wurk bewurkje seksje

Dragonlance
  • Dragonlance-rige
    • 1988 – The Legend of Huma
    • 1990 – Kaz the Minotaur
    • 1996 – Land of the Minotaurs
    • 1999 – Reavers of the Blood Sea
    • 2000 – The Citadel
  • Minotaur Wars-trilogy
    • 2003 – Night of Blood
    • 2004 – Tides of Blood
    • 2005 – Empire of Blood
    • 2023 – Honor and Empire: The Minotaur Tales (ferhalebondel)
  • Ogre Titans-trilogy
    • 2007 – The Black Talon
    • 2008 – The Fire Rose
    • 2009 – The Gargoyle King
Dragonrealm
  • Dragonrealm-rige
    • 1989 – Firedrake
    • 1989 – Ice Dragon
    • 1990 – Wolfhelm
    • 1990 – Shadow Steed
    • 1993 – The Crystal Dragon
    • 1994 – Dragon Crown
    • 1997 – The Horse King
  • Origins of Dragonrealm-trilogy
    • 1991 – The Shrouded Realm
    • 1991 – Children of the Drake
    • 1992 – Dragon Tome
  • Legends of the Dragonrealm-rige
    • 2012 – Shade
    • 2017 – Cut from the Same Shadow and Other Tales (ferhalebondel)
    • 2018 – Knights of the Frost
    • 2021 – Sword of Ghosts
    • 2023 – Dragon of the Depths
  • Dragonrealm: The Turning War
    • 2013 – Dragon Masters
    • 2014 – The Gryphon Mage
    • 2015 – The Horned Blade
  • oare Dragonrealm-boeken
    • 2002 – Past Dancer
    • 2002 – Dragon Master
    • 2003 – Skins
    • 2003 – A Wolf in the Fold
    • 2003 – Storm Lord
    • 2004 – The Still Lands
    • 2012 – Game of Ghosts
    • 2012 – The Turning War
Diablo
  • Diablo-rige
    • 2001 – Legacy of Blood
    • 2002 – The Kingdom of Shadow
    • 2006 – Moon of the Spider
  • The Sin War-rige
    • 2006 – Birthright
    • 2007 – Scales of the Serpent
    • 2007 – The Veiled Prophet
Warcraft
  • ûnderdiel fan 'e Warcraft-rige
    • 2001 – Day of the Dragon
    • 2008 – Night of the Dragon
  • Warcraft: War of the Ancients-trilogy
    • 2004 – The Well of Eternity
    • 2004 – The Demon Soul
    • 2005 – The Sundering
  • Warcraft: The Sunwell-trilogy
    • 2005 – Dragon Hunt
    • 2006 – Shadows of Ice
    • 2007 – Ghostlands
  • op harsels steande Warcraft-romans
    • 2010 – Stormrage
    • 2011 – Wolfheart
  • Dawn of the Aspects-rige
    • 2013 – Dawn of the Aspects, Part 1
    • 2013 – Dawn of the Aspects, Part 2
    • 2013 – Dawn of the Aspects, Part 3
    • 2013 – Dawn of the Aspects, Part 4
    • 2013 – Dawn of the Aspects, Part 5
Rex Draconis
  • Rex Draconis-trilogy
    • 2017 – Under the Dragon Moon
    • 2018 – Lords of the Dragon Moon
    • 2019 – Shadows of the Dragon Moon
  • 2020 – Rex Draconis: Of Dragon's Blood
  • 2022 – Rex Draconis: War of the Dragon Moon
oare wurken
  • City of Shadows-trilogy
    • 1993 – King of the Grey
    • 1995 – Frostwing
    • 1996 – Dutchman
  • 1995 – The Janus Mask
  • 1999 – Ruby Flames
  • A Soldier's Quest-trilogy (op harsels steand binnen de Age of Conan-wrâld)
    • 2006 – The God in the Moon
    • 2006 – The Eye of Charon
    • 2006 – The Silent Enemy
  • 2009 – Beastmaster: Myth
  • Knight in Shadow-trilogy
    • 2011 – Dragon Mound
  • Called to Battle-rige
    • 2015 – Face Value
  • Black City-rige
    • 2016 – Black City Saint
    • 2017 – Black City Demon
    • 2019 – Black City Dragon
    • 2023 – Black City Tales (ferhalebondel)
    • 2023 – Black City Angel
  • 2021 – Rogues Gallery

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.