Richard Burton (akteur)
Richard Burton (Ponthrydyfen (Wales), 10 novimber 1925 - Genêve (Switserlân), 5 augustus 1984) wie in Welsk filmakteur.
Richard Burton (akteur) | ||
akteur | ||
Richard Burton (1953) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Richard Burton | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 10 novimber 1925 | |
berteplak | Ponthrydyfen | |
stoarn | 5 augustus 1984 | |
stjerplak | Genêve | |
reg. identiteit | Welsk | |
jierren aktyf | 1943-1984 |
Biografy
bewurkje seksjeBurton waard berne as Richard Walter Jenkins yn it doarpke Pontrhydyfen ûnder Port Talbot. Hy kaam ýt in mynwurkershushâlding dêr't Welsk sprutsen waard. Syn mem stoar doe't er twa wie nei de berte fan har tretjinde bern. Doe waard benammen syn 19 jier âldere broer fan grut belang foar him. Letter waard er as bern oannaam troch syn ûnderwizer Philip H. Burton, dy't ek syn akteartalint ûntduts en oanmoedige.
Hy studearre yn Oxforden tsjinne fan 1944–1947 as navigator by de RAF. Hy hie in soad niget oan sport, spile in it studinteteater en stie rillegau op de planken yn de Old Vic. Hy gou as foarneam fertolker fan stikken fan Shakespeare. Mei 19 jier makke er syn debút yn de Londenske Westendteaters. Yn 1949 briek er troch yn it Globeteater mei it stik The Lady's Not For Burning neist Sir John Gielgud. Teffens ferskynde Burton doe ek al in Ingelske films. Yn 1952 feruile Burton Ingelân foar Hollywood, dêr't er yn de film My cousin Rachel de haadrol krige en Olivia de Havilland as tsjinspylster hie.
Burton wie ferslaafd oan alkohol en koe min sliepe. Nei syn earste houlik mei Sybil Williams hat er twaris troud west mei Elizabeth Taylor; mei har makke er ek syn bêste films, sa as Who's Afraid of Virginia Woolf? nei it toanielstik mei deselde namme fan Edward Albee.
Letter troude Burton noch mei Suzy Hunt, de eardere frou fan James Hunt, en as lêste mei Sally Hay, in grimeuse dy't letter skriuwster waard. Op fakânsje yn syn hûs yn Switserlân is Burton hommels ferstoarn oan in harsenblieding. Hy is ek yn Switserlân te hôf kaam.
Burton is sânris nominearre foar in Oscar (û.o. foar syn rol yn Who's Afraid of Virginia Woolf?), mar hat nea ien krigen.
Richard Burton wie ek te hearren op it muzykalbum Jeff Wayne's Musical Version of The War of the Worlds, dat yn 1978 ferskynde. Burton hie de rol fan sjoernalist op Jeff Wayne syn album dat basearre wie op it boek fan H.G. Wells.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1949 | The Last Days of Dolwyn | Gareth | |
Now Barabbas | Paddy | ||
1950 | Waterfront | Ben Satterthwaite | |
The Woman with No Name | Nick Chamerd | ||
1951 | Green Grow the Rushes | Robert "Bob" Hammond | |
1952 | My Cousin Rachel | Philip Ashley | |
1953 | The Desert Rats | "Tammy" MacRoberts | |
The Robe | Marcellus Gallio | ||
1954 | Thursday's Children | Verteller | |
1955 | Prince of Players | Edwin Booth | |
The Rains of Ranchipur | Rama Safti | ||
1956 | Alexander the Great | Aleksander de Grutte | |
1957 | Sea Wife | Biscuit | |
Bitter Victory | Jimmy Leith | ||
1959 | Look Back in Anger | Jimmy Porter | |
1960 | Ice Palace | Zeb Kennedy | |
The Bramble Bush | Guy Montford | ||
1962 | Dylan Thomas | Ferteller | |
The Longest Day | David Campbell | ||
1963 | Cleopatra | Mark Antony | |
The V.I.P.s | Paul Andros | ||
1964 | Zulu | ferteller | |
Becket | Thomas Becket | ||
The Night of the Iguana | T. Laurence Shannon | ||
1965 | What's New Pussycat? | Clive Donner | |
The Sandpiper | Edward Hewitt | ||
The Spy Who Came in from the Cold | Alec Leamas | ||
1966 | Who's Afraid of Virginia Woolf? | George | |
Florence: Days of Destruction | Ferteller | ||
1967 | The Taming of the Shrew | Petruchio | |
Doctor Faustus | Doctor Faustus | ||
The Comedians | Brown | ||
1968 | Boom! | Chris Flanders | |
Where Eagles Dare | Jonathan Smith | ||
Candy | McPhisto | ||
1969 | Staircase | Harry C. Leeds | |
Anne of the Thousand Days | Hindrik VIII fan Ingelân | ||
1971 | Raid on Rommel | Alex Foster | |
Villain | Vic Dakin | ||
1972 | Under Milk Wood | Earste stim | |
The Assassination of Trotsky | Leon Trotsky | ||
Hammersmith Is Out | Hammersmith | ||
Bluebeard | Baron Kurt von Sepper | ||
1973 | Battle of Sutjeska | Josip Broz Tito | |
Massacre in Rome | Herbert Kappler | ||
1974 | The Voyage | Cesare Braggi | |
The Klansman | Breck Stancill | ||
1977 | Exorcist II: The Heretic | Philip Lamont | |
Equus | Martin Dysart | ||
1978 | The Medusa Touch | John Morlar | |
The Wild Geese | Allan Faulkner | ||
Absolution | Goddard | ||
1979 | Breakthrough | Rolf Steiner | |
1981 | Circle of Two | Ashley St. Clair | |
Lovespell | Mark fan Cornwall | ||
1983 | Wagner | Richard Wagner | |
1984 | Nineteen Eighty-Four | O'Brien |
Toaniel
bewurkje seksje- Measure for Measure (1944)
- Druid's Rest (1944)
- Castle Anna (1948)
- The Lady's Not For Burning (1949)
- The Lady's Not For Burning (1950)
- A Phoenix Too Frequent (1950)
- The Boy With A Cart (1950)
- Legend of Lovers (1951)
- The Tempest (1951)
- Henry V (1951)
- Henry IV (1951)
- Montserrat (1952)
- The Tempest (1953)
- King John (1953)
- Hamlet (1953)
- Coriolanus (1953)
- Hamlet (1953)
- Twelfth Night (1953)
- Henry V (1955)
- Othello (1956)
- Sea Wife (1957)
- Time Remembered (1957)
- Camelot (1960)
- Hamlet (1964)
- A Poetry Reading (1964)
- Doctor Faustus (1966)
- Equus (1970)
- Camelot (1980)
- Private Lives (1983)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Offisjele Richard Burton Webstee
- Burton yn de pub mei syn heit en broer yn Pontrhydyfen
- Richard Burton yn de Dick Cavett Show, July 1980
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Richard Burton fan Wikimedia Commons. |