Richard L. Coe (folút: Richard Livingston Coe; New York, 8 novimber 1914Washington, D.C., 12 novimber 1995) wie in Amerikaansk sjoernalist, dy't benammen bekend waard as teäterkritikus en filmkritikus foar de foaroansteande krante The Washington Post.

Richard L. Coe
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Livingston Coe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 novimber 1914
berteplak New York (New York)
stoarn 12 novimber 1995
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as teäterkritikus, filmkritikus
jierren aktyf 19381979

Libben en karriêre bewurkje seksje

Coe waard yn 1914 berne yn New York. As opslûpen jonge learde er oan 'e koarskoalle fan 'e Katedraal fan Sint-Jehannes de Godlike yn Manhattan, en letter soed er gauris sizze dat dat wie dêr't syn belangstelling foar teäter begûn. Yn 1938 studearre Coe ôf oan 'e George Washington Universiteit yn Washington, D.C., wêrnei't er fuortendaliks wurk fûn by de krante The Washington Post as redakteur en assistint-teäterkritikus. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch naam er tsjinst by de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften as legersjoernalist en redakteur fan 'e legerkrante Stars and Stripes, mei as stânplak Kaïro, yn Egypte.

Karriêre bewurkje seksje

Nei de oarloch kearde Coe yn 1946 werom by The Washington Post as teäterkritikus. Yn dy hoedanichheid ûntjoech er him yn 'e folgjende jierren ta ien fan 'e liedende en ynfloedrykste Amerikaanske kritisy bûten New York. Hy stie bekend om syn mylde resinsjes, sasear sels, dat it wol foarkaam dat toanielstikken yn Washington, D.C. opfierd waarden spesjaal om in resinsje fan Coe te krijen, dy't dan troch de regisseur as in soarte fan hânlieding brûkt waard om 'e swierrichheden yn 'e produksje glêd te striken foar't it stik yn New York op Broadway op 'e planken brocht waard, dêr't de kritisy flaters net sa maklik ferjoegen.

Behalven as teäterkritikus wie Coe foar The Washington Post ek jierrenlang aktyf as filmkritikus. Fierders skreau er oer ûnderwerpen dy't mear yn it algemien mei teäter te krijen hiene. Sa kante er him yn 'e iere 1950-er jierren oan tsjin rasiale segregaasje yn it National Theatre, de wichtichste skouboarch fan Washington, D.C., en agearre er om in wet tsjin berne-arbeid oanpast te krijen, sadat it bern net langer ferbean wêze soe om yn toanielstikken te spyljen.

Fierders wie Coe in entûsjast stiper fan 'e iepening fan nije teätergebouwen yn 'e Amerikaanske haadstêd, lykas de Arena Stage en it Kennedy Sintrum foar de Poadiumkeunsten. Behalven foar The Washington Post skreau Coe ek foar oare publikaasjes, lykwas The New York Times en The New Republic, en teffens wied er geregeldwei as kommentator oangeande teäter en film op 'e Amerikaanske radio en tillefyzje te hearren en te sjen. Yn 1963 waard Coe troch it Directors Guild of America, it Amerikaanske fakbûn fan regisseurs, útroppen ta kritikus fan it jier. Hy gie yn 1979, doe't er 65 jier wie, mei pinsjoen. Doe krige er fan The Washington Post de titel "emearitus-kritikus" ta parte. Yn 1980 waard er útroppen ta Washingtonster fan it jier. Datselde jiers ferneamde it New Playwrights' Theater yn Washington, D.C. (no it Cherry Lane Theatre) in priis nei him.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 1946 troude Coe mei Christine Sadler, in bekende sjoernaliste út Washington, D.C., dy't letter oan it haad fan 'e haadstedske redaksje fan Amerikaanske frouljustydskrift McCall's kaam te stean en ek de skriuwster wie fan it biografyske wurk America's First Ladies. Hja kaam yn 1983 te ferstjerren.

Ferstjerren bewurkje seksje

Coe ferstoar op 12 novimber 1995 oan kanker, nei't er tolve jier widner west hie. Hy waard 81 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.