Richard Virenque
Richard Virenque (Kasablanka, 19 novimber 1969) is in earder Frânsk hurdfytser. Virenque wûn sân kear it berchklassemint yn de Omgong fan Frankryk.
Richard Virenque | ||
sporter | ||
Richard Virenque (1993) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Richard Virenque | |
bynamme | Richard Liuwehert | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 19 novimber 1969 | |
berteplak | Kasablanka | |
lingte | 1.79 m | |
gewicht | 65 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
O.S. | Atlanta 1996, Sydney 2000, Atene 2004 | |
debút | 1991 | |
karriêre-ein | 2004 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x brûns Wrâldkampioenskippen 1994 |
Karriêre
bewurkje seksjeRichard Virenque begûn syn profkarriêre yn 1991 by de Frânske ploech RMO dy't er yn 1993 ferruile foar Festina. In jier nei syn debút yn 'e Omgong fan Frankryk 1992 droech er as jongste dielnimmer ien dei de giele trui, en in meardere dagen de boltsjestrui. Yn 1994 wûn hy de 12e etappe yn de Omgong fan Frankryk, en naam de boltsjestrui mei nei hûs.
Yn de trije jier dy't folgen wûn er de boltsjestrui en ekn ien etappe. Boppedat waard er yn 1996 tredde en yn 1997 twadde, wêrmei't er de earste Frânsman sûnt Laurent Fignon yn 1989 dy't op it poadium fan de Omgong fan Frankryk stie.
Yn 1998 rûn de karriêre fan Virenque barst op as gefolch fan de Festina-affêre. Omdat Virenque nea posityf test wie op doping waard er net skorst troch it Ynternasjonale Hurdfytsuny UCI. It jier der op yn 1999 wûn er wer de boltsjestrui. Koart nei de Omgong fan Frankryk 2000 bekende Virenque dochs noch yn syn Festina tiid doping brûkt te hawwen. Hy waard hjirfoar dochs noch 9 moanne skorst.
Nei 't syn skorsing ôfrûn wie tekene hy in kontrakt by it Belgyske Domo-Farm Frites. Yn 2003 en 2004 wist er wer de boltsjestrui te feroverjen. Beide jierren wûn er ek in etappe, mar yn it klassemint soe er gjin rol fan betsjutting mear spylje. Wêrnei 't er tsjin de ein fan it seizoen 2004 punt efter syn karriêre sette.
Njonken de oerwinningen yn de Omgong fan Frankryk besteane de measte fan Virenques oerwinningen út kriteariums. Hy wûn lykwols ek in etappe yn de Omgong fan Itaalje 1999, de klimmerstrofee[1] yn 1994, de Omgong fan Piëmont yn 1996 en yn totaal fjouwer etappes yn de Dauphiné Libéré. Virenque die ek noch trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1996, 2000 en 2004).
Nei it hurdfytsen
bewurkje seksjeNei syn karriêre begûn Virenque tegearre mei syn frou mei de ferkeap fan sieraden, ûnder de namme Le Sept. Yn augustus 2006 rekke hy slimferwûne by in falpartij by in fytstocht yn de buert fan Grenoble. Virenque waard ek aktyf as ûnder mear kommentator by wedstriden by de Frânske Eurosport. Yn de Omgong fan Frankryk is hy gasthear fan Carrefour, de sponsor fan de boltsjestrui, yn it Village Départ (startlokaasje) en oan de Einstreek.
Dielname oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1992 - 25e;
- 1993 - 19e;
- 1994 - 5e; winner 12e etappe
- 1995 - 9e; winner 15e etappe
- 1996 - 3e;
- 1997 - 3e; winner 14e etappe
- 1998 - net finisht;
- 1999 - 8ste;
- 2000 - 6e; winner 16e etappe
- 2002 - 16e; winner 14e etappe
- 2003 - 16e; winner 7e etappe
- 2004 - 15e; winner 10e etappe
Dielname oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksje- 1999 - 14e; winner 13e etappe
Ploegen
bewurkje seksje- 1991-1992 - RMO
- 1993-1998 - Festina
- 1999-2000 - Polti
- 2001-2002 - Domo-Farm Frites
- 2003-2004 - Quick-step
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|