Rinne Oost (It Hearrenfean, 7 septimber 1974) is in Fryske hurdfytster. Hy fytst sûnt 2009 by de Nederlânske seleksje foar oanpast hurdfytsen. mar wennet yn it Oeriselske Borne

Rinne Oost
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 7 septimber 1974
berteplak It Hearrenfean
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Tandem
P.S. Londen 2012
debút 2006
wichtige prestaasjes
Brûns Paralympyske Simmerspullen 2012 Londen

Oost dy't sûnt syn berte wat dôf is, krige op 22 jierige leeftyd te meitsjen mei in slûpjendewei slimmer wurdende blinnens. Hy sporte al fan jongs ôf oan mar syn blinens twong him te stopjen mei guon sporten. tidens n refalidaasje yn in refalidaasjesintrum foar blinen kaam Oost yn oanrekking mei it tandemfytsen, en sûnt 2006 docht hy mei oan wedstriden. yn 2007 moast Oost tydlik stopje mei hurdfytsen fanwege in slimme blessuerre mar yn 2009 koe hy wer op 'e fyts stappe. Ein 2009 melde hy him by de nasjonale seleksje earst mei foarrider Timo Fransen en hjoed de dei is Patrick Bos de fêste foarrider fan Oost. yn 2012 kwalifisearre Oost him tidens it WK baanhurdfytsen yn Los Angeles foar de Paralympyske Simmerspullen 2012 yn Londen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: