Ripperda
Ripperda is de namme fan in âld aadlike laach fan haadlingen út East-Fryslân en de Ommelannen. Leden fan de famylje hawwe in wichtige rol spile yn de skiednis fan Jeropa as soldaten, politiken en diplomaten.
Oarsprong
bewurkje seksjeDe oarsprong fan it laach is net hielendal wis. De namme fan it laach Ripperda komt nei alle gedachten fan de manlike foarnamme Rippert (Rupert), lykas oare Fryske laachnammen eins patronymika binne. In oare mooglikheid is de namsôflieding fan: reit das pferd da, yn ferbân mei it hynder yn it wapen fan de Ripperda’s. Ek bestiet der in soarte fan ‘famyljetradysje’ dat in protte leden fan it laach op it hynder ferstoarnen, de saneamde Ripperda-dea.
It laach is oarspronklik út East-Fryslân wei kaam en fêstige har al foar de 14e iuw yn de Ommelannen. De famylje hie in wichtige rol yn it bestjoer fan dy kriten. Yn de 16e, 17e, en 18e iuw hienen leden fan it laach ek belangrike funksjes yn de Nederlannen en Westfalen. De famylje wie yn dy tiid ien fan de wichtichste famyljes fan dizze regio. Dat kaam ûnder oare troch houliken mei oare wichtige famyljes. Se makken diel út fan de Ridderskippen fan Oerisel, Drinte, Sutfen, Múnster en Minden. It laach is nau besibbe mei meardere treftige, aadlike lagen yn Nederlân en Dútslân, lykas Van Ewsum, Van Pallandt, Rengers, Clant, Von Inn- und Knyphausen, Van Twickel, Van Baer, De Vos van Steenwijk, Von Schele, Von Múnchhausen, Stael von Holstein, Von Múnster en Von Oldenburg.
Stamheit
bewurkje seksjeIt âldste argyfstik dat ferwiisd oan de famylje Ripperda komt fan 1057. Mar de formele stamheid fan de Ripperda’s is Uniko I Ripperda, dy’t tusken de jierren 1375 en 1398 yn fiif ferskate oarkonden foarkomt as haadling en proast fan Farmsum. Yn manlike line komt it hjoeddeistige geslacht fan him ôf.
Ryksbaronnen
bewurkje seksjeAl yn 1474 waard Uniko II Ripperda en syn neikommelingen troch keizer Frederik III fan it Hillige Roomske Ryk as ryksonmiddelbare haadling en frijhear (baron) mei muntrjocht erkend. Op 3 septimber 1676, Leopold I fan it Hillige Roomske Ryk erkende it aadlik wêzen en befêstige de titel baron foar alle leden fan it hûs Ripperda.
De famylje tsjintwurdich
bewurkje seksjeDe Nederlânske stagen fan Eastenwytwerd, Winsum, Farmsum, Vorden en Weldam rekkenen foar 1800 fuort. De Dútske staach fan Petkum stoar om 1739 hinne út, de Nederlânsk-Eastenrykske staach fan Boksbergen yn 1920 en de laach fan Ellerbuarch yn Dútslân koart nei de Twadde Wrâldkriich. Inkeld de Ellerbuarchske staach yn Denemark en de Dútsk-Nederlânske sydstaach Von Ripperda-Cosyn (Cosijn von Ripperda) hawwe noch inkelde stamhâlders.
Ta beslút libje tal fan ôfstammelingen fan in bûtenechtlike staach yn Dútslân en de Feriene Steaten. De Ripperda’s dy’t yn de 19e en de 20e iuw foarkomme yn Grinslân en op oare plakken yn Nederlân binne ferneamd nei de pleats Ripperda, troch de nammejouwing fan Napoleon. Dizze pleats is boud op rêsten fan de eardere Ripperdaborch by Winsum. It giet hjir dus net om leden fan it âld-aadlike laach.
Telgen
bewurkje seksje- Unico Ripperda
- Johan Ripperda tot Weldam
- Willem Ripperda
- Occa Johanna Ripperda (1619-1686)
- Wigbolt Ripperda
- Joachim Ripperda
- Adolph Hendrik Ripperda (1625-1702), hear fan Beurse en drost fan de hearlikheid Bredevoort
- Pieter Hieronymus Ripperda (1667-1655), hear fan Beurse, Petkum en Heerjansdam, hofrjochter yn East-Fryslân.
- Unico Ripperda (1647-1709)
- Wilhelm Ludolph von Ripperda
- Johan Willem Ripperda
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|