Robin McLaurin Williams (Chicago, 21 july 1951Paradise Cay, 11 augustus 2014) wie in Amerikaansk akteur.

Robin Williams
akteur
Williams, 4 desimber 2011
Williams, 4 desimber 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robin McLaurin Williams
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 july 1951
berteplak Chicago
stoarn 11 augustus 2014
stjerplak Paradise Cay
jierren aktyf 19762014

Hy begûn syn karriêre mids jierren 70 as stand-up comedian yn San Francisco en Los Angeles. Williams stie bekend om syn protte imitaasjes en de ferskate stimkes dy't er brûkte by syn optredens. Syn alderearste tf-rol waard dy fan alien Mork yn de rige Mork & Mindy. Foar syn byrol yn Good Will Hunting krige er yn 1998 in Academy Award, nei 't er dêrfoar trije kear earder nominearre wie. Dêrneist krige er mear as fjirtich oare aktearprizen takend, wêrûnder Golden Globes foar Mork & Mindy, Good Morning, Fjetnam, The Fisher King, Aladdin, Mrs. Doubtfire en Emmy Awards foar Carol, Carl, Whoopi and Robin en ABC Presents: A Royal Gala en Saturn Awards foar Aladdin en One Photo Photo.

Dit artikel is in stobbe oer akteur.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppelings om utens bewurkje seksje