Aventoerefilm

(Trochferwiisd fan Romantyske aventoerefilm)

In aventoerefilm is in filmsjenre wêryn't de protagonist(en) koartsein spannende aventoeren belibje. Dit is in frij breed sjenre, dat nau besibbe is mei it sjenre fan 'e aksjefilm, en teffens reitsflakken hat mei sjenres as de western, de piratefilm, de rampefilm en it histoarysk drama. It ferskil mei aksjefilms is dat aventoerefilms in bredere opset hawwe, mei opienfolgings fan aksjesênes dy't net direkt mei-inoar te krijen hawwe (se fine plak op ferskillende lokaasjes, mei ferskillende tsjinstanners, wylst yn in aksjefilm de protagonist de hiele film troch mei deselde groep tsjinstanners te krijen hat, op faak min ofte mear deselde lokaasje, lykas ien en deselde stêd). Boppedat binne aventoerefilms pleatst op eksoatyske lokaasjes en/of yn histoaryske tiidrekken.

In plotelemint dat him yn aventoerefilms gauris foardocht, is in heldhaftige reis of syktocht nei it ien of oar, lykas in ferlern kontinint, in ferburgen skat of in fermist persoan. Faak binne de senario's fan sokke films adaptearre foarmen fan besteande ferhalen oer histoaryske of fiktive helden. Soms wurde aventoerefilms kombinearre mei oare sjenres, lykas westerns, ridderfilms, piratefilms, science fiction, fantasy, horror of oarlochsfilms. It kin ek wêze dat in aventoerefilm kombinearre wurde mei in komeedzjefilm ta in aventoerekomeedzje, of mei in romantyske film ta in romantyske aventoerefilm.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.