Romeinen yn Fryslân

De Romeinske generaal Drusus

It tiidrek Romeinen yn Fryslân leit tusken 12 f.Kr. oant sa'n 400 n.Kr. Yn 12 f.Kr. begûn de Romeinske generaal Drusus in kampanje yn Germaanje. By dy fjildtocht moete er de Friezen. Dy Friezen joegen harren sûnder tsjinstân oer. Se leveren sels soldaten doe't Drusus op it waad yn swierrichheden kaam. Drusus lei de Frisii in ridlike skatting fan kowehûden op. Wat oars hawwe hja foar it neiste net hân.

Status fan de FriezenBewurkje

De status fan de Friezen yn it Romeinske ryk is hjoed-de-dei lykwols net dúdlik. Ut ferskate fynsten docht bliken dat de Friezen in bân hân hawwe mei it ryk. Der binne sânentritich brûnzen goadebyldsjes fûn, munten, soldateskuon en wapens. En de Friezen betellen, neffens de ôfspraak mei Drusus, skatting. Mar it is net wis oft de Frisii as part fan it ryk beskôge waarden. De munten betsjutte mooglik allinnich dat der hannel wie tusken Friezen en Romeinen.

It liket der mear op dat de Romeinen harren grinzen fan macht oan it ferkennen wienen. Doe't yn 47 it beslút naam waard om de Ryn ta ryksgrins te meitsjen, waarden de Frisiavones dêrmei ál yn it ryk opnaam, mar de Frisii nét. Yn hjoeddeisk Fryslân binne oant no ta dan ek gjin forten fûn, al wize fynsten yn Winsum wol op de oanwêzigens fan Romeinske soldaten bûten de ryksgrins. Sokke forten waarden nammentlik boud troch de Romeinen as se in folk ferslein hienen en se bliuwe woenen. Mooglik hie Drusus kampen ynrjochte op de fierste punten fan syn tocht, oan de Iems en de Weser yn it gebiet fan de Sjauken en hawwe sy ek yn de omkriten fan Winsum west. Nei alle wierskyn waard it gebiet fan de Frisii troch him frijlitten.

De Fryske OpstânBewurkje

Yn 28 nei Kristus stelde Olennius dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske kij hawwe mochten, mar dy fan de oerokse. Dat wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich oan 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat, koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging hellen de Romeinen earst de kij by harren wei, doe it lân en doe de froulju en bern. Dat soarge foar in opstân. De soldaten dy't de skatting ophelje moasten, waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it fort Flevum, dêr't er troch de Frisii belegere waard. Lapronius, de gûverneur fan Neder-Germaanje, besocht om de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan Boppe-Germaanje. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij oplizze.

De swetteBewurkje

 
Romeinske wachttoer oan de grins

De opstân besoarge de Frisii in bêste reputaasje by oare Germaanske folken. Sy loeken harren net folle mear oan fan de Romeinen. Kloften Friezen besetten lânbougrûn dy't troch Rome foar soldaten ornearre wie. Ek woenen se net út de nije delsettings wei gean dy't se krekt stifte hienen. Yn 47 nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch Korbulo, mar allinnich foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er wol besocht hat om de Frisii yn it ryk op te nimmen. Hy boude in fort op Fryske grûn en yntrodusearre in bestjoer neffens Romeinske styl. Wêr't it fort (wierskynlik in kastellum) krekt lein hat, is net bekend. Korbulo waard troch keizer Klaudius lykwols weromroppen en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.

Yn 54 nei Kristus feroveren de Friezen, op inisjatyf fan Ferritus en Maloriks, in buffergebiet by de Ryn lâns. Doe't de Romeinske generaal Dubius Avitus dermei drige om legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer Nearo stjoerd. Dy delegaasje frege goedkarring om it gebiet yn besit te nimmen. Nearo wegere dat en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.

De Bataafske opstânBewurkje

 
Rembrands ferzje fan de opstân dy't de Friezen en Julius Civilis fan de Bataven begûnen tsjin de Romeinen.

Yn 68 nei Kristus gie it gebiet definityf ferlern foar de Romeinen. By it begjin fan it Fjouwerkeizersjier waard Julius Sivilis by de Friezen yn feilichheid brocht. De Friezen stipen de dêrop folgjende opstân fan de Bataven. Sy ferneatigen twa forten oan de see en krigen in part fan de Romeinske Ryn-flottylje (lytse float) yn hannen. Dêrnei leveren se helptroepen dy't op it lêst yn de omkriten fan Keulen troch Keulenaars fermoarde waarden.

Fan dy tiid ôf geane de Romeinen en de Friezen nofliker mei-elkoar om. By in lettere oanfal fan de Sjauken, yn de 2de iuw, kamen de Friezen net mear yn opstân. Yn Brittanje binne grêfskriften fûn út it begjin fan de tredde iuw dy't ferwize nei de Kuneus Frisiorum Finoviensium, Kuneus Frisiavonum Ferkovisensium en de Kuneus Frisionum Aballavensium, ôfdielings fan de helptroepen dy't Friezen stjoerd hawwe, al is it net dúdlik oft dat Frisii of Frisiavones wienen.

Ynfal troch de SjaukenBewurkje

Yn it tiidrek 172-174 binne de Sjauken, it buorfolk fan de Friezen, op oarlochspaad en hâlde plondertochten yn Gallia Belgica (it hjoeddeiske Flaanderen). Arras wurdt platbaarnd, de stêden Bavay, Thérouanne en Doarnik wurde foar it grutste part fernield. Mar ek de Friezen hawwe ûnder dy kriichsoprisping fan de Sjauken te lijen, want der is sprake fan in ynfal yn harren gebiet. Yn in part fan Frisia (yn it hoeddeiske Fryslân en Grinslân) waarden doe inkelde jildskatten begroeven. In strafekspedysje troch de Romeinske keizer Marcus Didius Julianus makket in ein oan dy plonderings. [1] By de Noardseekust en it Kanaal lâns lit er forten bouwen (Litis Saxonicum).

It weromlûkenBewurkje

Fan likernôch it jier 250 ôf begûnen de oanfallen fan de Germanen op de oare kant fan de Ryn ta te nimmen. Oan de ein fan de tredde iuw waard it sa slim dat feitlik in grut kustgebiet en in grut grinsgebiet frijjûn waarden as oarlochsgebiet: ynfallers waarden talitten, mar waarden dan opfongen troch ienheden fan hynstemannen. It lân oan de kust waard ek fan minder belang troch de seestiging. Yn de fjirde iuw waard nochris besocht om de grins mei nije forten te fersterkjen, mar dy koenen ek net stânhâlde. Troch boppedat noch ynterne swierrichheden teagen de Romeinen by de grins mei de Friezen wei.

Argeologyske fynstenBewurkje

Wat de fynsten oanbelanget dy't wize op Romeinske bewenning, is de provinsje Fryslân suterich tabedield, útsein mei Romeinske munten en keapwaar dy't oeral wol fûn wurde. Allinnich by Winsum binne nochal wat spoaren fûn út de 1e iuw dy't wize op de oanwêzigens fan Romeinen en rjocht dogge oan ferûnderstellings dat de Romeinen dêr in wachtpost hân hawwe dêr't sy kowehûdebelêsting ynbarden. Wol binne der twa skriftlike boarnen fûn dy't eat sizze oer de Romeinske tiid. De earste is it Skriuwplankje fan Tolsum. En twads is der de Hludana-stien, dy't by ôfgravings fan in terp yn Bitgum yn 1888 fûn is. Dy ûnthjitstien is wijd oan de goadinne Hludane. Der wurdt in ferbân lein tusken dy goadinne en de fiskerij. Troch de Latynske ynskripsje is te sjen dat de stien stammet út it begjin fan ús jiertelling. Skriftlike boarnen oer it eigen gebiet út de Romeinske tiid binne tige seldsum.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • G. Dockum en E.J. van Ginkel, Romeins Nederland, Utert-1993
  • Egge Knol, Professor Van Giffen en het geheim van de wierden, Veendam-Grins-2005.

Primêre boarne:

Fuotnoat:

  1. Marco Mostert (2009), In de marge van de beschaving, de geschiedenis van Nederland, side 70, Amsterdam.