Rommert Pollema

Rommert Pollema (Nijlân, 19 april 1890 - Ljouwert, 9 febrewaris 1965) wie in jurist en politikus.

R. Pollema

Libben en wurkBewurkje

Rommert wie de soan fan de haadmaster fan Nijlân. Syn heit Hendrik Pollema wie ek lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân en lid fan de Twadde Keamer foar de AR. Nei it Stêdlik Gymnasium yn Snits Hy promovearre yn 1914 oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Wie abbekaat en prokureur yn Ljouwert.

Fan 1928 oant syn dea yn 1965 siet er yn de Earste Keamer foar de CHU. Syn terrein wie foaral it finansiële belied. Ek makke er him sterk foar de belangen fan de provinsje Fryslân. Yn it earste jier fan de Twadde Wrâldoarloch wiisde er iepenlik it nazy-rezjym ôf. Letter hold er him mear op in ôfstân en hold er him ôfsidich fan aktyf fersetswurk.

Hy wie foarsitter fan it Fryske Wetterskipsbûn. Om 1924 hinne (haad)redakteur fan De Banier (Land en Volk) en de C.H. Nederlander sûnt 1945.

Yn 1949 kearde er him fanwege steatsrjochtlike beswieren tsjin de sûvereiniteitsoerdracht oan Yndonesië. Hy stoar yn 1965 yn de âldens fan 74 jier oan leukemy .

PriveelibbenBewurkje

Pollema wie troud mei in dochter fan Hylke Michiel Tromp, boargemaster fan Wymbritseradiel. It houlik bleau sûnder bern.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: