De Rottefalle

(Trochferwiisd fan Rottefalle)

De Rottefalle is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeastlik fan Drachten.

De Rottefalle
Doarpstsjerke fan De Rottefalle
Doarpstsjerke fan De Rottefalle
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 1.410 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,43 km², wêrfan:
- lân: 5,74 km²
- wetter: 0,69 km²
Befolkingsticht. 245 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 6° 06' E
Lokaasje De Rottefalle (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje De Rottefalle (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side fan De Rottefalle
Kaart
De Rottefalle (Fryslân)
De Rottefalle

De Rottefalle hat 1.410 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De Rottefalle is yn de 17e iuw ûntstien as feankoloanje. De Rottefalle hat syn namme te danken oan in Jan Rateller, ek wol Jan Rot neamd. Hy liet ferskiedene fearten grave, wêrûnde ’t Vallata. Skippers neamden it “de Rot syn fal”.

 
Standermûne De Rot

De plaknamme waard foar it earst yn in keapkontrakt fan 1618 neamd. Doe stiene der^neffens in kaart út 1617 al wat hûzen. De bewenners libben der fral fan it stekken fan turf en oan de Lits en de Brouwersgrêft waarden mear wentes boud. Yn 1730 waard ek in standermûne boud. Utsûnderik wie dat de mûne in reiten kape hie. Plannen om de mûne op in oar plak te restaurearjen waarden net útfierd en yn 1921 waaide de mûne om. Sa kaam der in ein oan de lêste noch besteande Fryske standermûne.

Mei't De Rottefalle yn 1724 in eigen tsjerke krige waard de buorskip in echt doarp.

Oant 1943 lei de Rottefalle yn trije gemeenten: Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Yn 1953 waard it útroppen ta 'foarbylddoarp' (mei Kerkhoven yn Noard-Brabân), neidat de Rykslânboufoarljochtingstsjinst mei demonstraasje proeffjildsjes, foarbyldperselen en foarbyldbedriuwen de agraryske bedriuwsfiering besocht hie te ferbetterjen. Yn 1956 waarden ek ferbetteringsplannen foar de omkriten fan it doarp opset.[3] As foarbylddoarp foar de ruilferkaveling wurdt Rottevalle neamd yn de Kanon fan Fryslân.

Op it begraafplak stiet ien fan de goed sechstich klokkestuollen yn Fryslân.

Yn 2017 waard it nije MFA It Werflân iepene. Doarpskrantsje It Slûske ferskynt sânris yn 't jier. De feestkommisje organisearret om de trije jier in skoalle- en doarpsfeest. It Hagehiem is it sportkompleks fan 'e Rottefalle.

  De Wikipedy hat ek in side Doarpstsjerke (De Rottefalle). (of eardere herfoarme tsjerke)
  De Wikipedy hat ek in side Protestanske tsjerke fan De Rottefalle. (of eardere grifformearde tsjerke)
  De Wikipedy hat ek in side Minnistetsjerke (De Rottefalle).
 
Fermanje

It doarp hat in soad buertferienings.

(De list is yn 2023 bywurke. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

 
It Werflân

Sûnt augustus 2016 binne de kristlike en iepenbiere basisskoalle 'De Finne' en 'Yn 'e Mande' as gearwurkingsskoalle tegearre gien. De skoalle is ûnderbrocht yn it yn 2017 iepene multyfunksjonele gebou 'It Werflân', dêr't ek it doarpshûs, it pjutteboartersplak en de jongereinsoas yn sitte.

 
It Wapen fan Smellingerlân, De Rottefalle

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2012 2021
Ynwenners 952 939 986 997 1.031 1.320 1.380 1.362 1.405

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Buslinen fan ferfierder Qbuzz:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Rottevalle.

  Smellingerlân  
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
  ·   ·