Rottekleaster (falle)

In rottekleaster is in falle om rotten te fangen.

Rottekleasters waarden eartiids faak op nôtsouders setten. Sa’n kleaster wie in lange platte houten tichte bak. Dy bak wie opdield yn ferskate gongen en romten mei ien iepening, yn elke romte paste ien rôt. It wiene prachtige sliep- en nestelplakken foar rotten. De bisten krigen genôch fretten en sieten dêr waarm. Op fêste tiden waard it kleaster mei in skûf ticht dien en nei bûten brocht. Yn in stik lân kaam de skûf faak wer iepen. De rotten stoden mei faasje nei bûten, mar dan stie har libben op it spul. Foar dat iepen gat sieten in stikmannich wache hûnen dy't der foar soargen dat de rotten dan net fuort kamen.

Yn 'e figuerlike sin wurdt de beneaming "rottekleaster" yn it Frysk ek brûkt om in almeast gruteftich, mar yn elts gefal ferfallen gebou oan te tsjutten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Rattenklooster.