Running joke

(Trochferwiisd fan Running gag)

In running joke (Ingelsk foar "rinnende grap") of running gag is in narratologyske technyk dy't in protte brûkt wurdt yn komeedzjesearjes op 'e tillefyzje, mar dy't ek wol foarkomt yn films, literêre wurken, fideospultsjes, strips, kluchten, ensfh. It giet hjirby om in grap dy't hieltyd weromkomt, soms yn persiis deselde foarm, mar soms ek yn ûnderskate fariaasjes. Neigeraden dat it publyk went oan 'e running joke, begjint it út te sjen nei it weromkearen derfan. In running joke kin sawol ferbaal wêze (in útspraak) as fisueel (in sitewaasje). Fisuele running jokes skaaie faak in hiel ein út nei slapstick.

It kin wêze dat de humor fan in running joke folslein fuortkomt út hoe faak oft de grap werhelle wurdt, mar ornaris is de ûnderlizzende sitewaasje of útspraak ek al grappich op himsels. In triviale útspraak kin net samar in running joke wurde troch werhelle te wurden. Wol is it mooglik dat de útspraak op himsels net grappich is, mar syn grappichheid ûntliend oan 'e ûnfoechsumens yn ferhâlding ta de kontekst wêryn't er foarkomt. In technyk dy't mei de running joke te krijen hat is de bait and switch ("lokies en omwikseling"), wêrby't mei opsetsin by it publyk de ferwachting wekke wurdt dat de running joke wer weromkomme sil, om dy dan op it lêste stuit om te ruiljen foar wat oars.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.