Russyske roebel

Papierjild 5.000 roebel
Offisjeel teken fan de Russyske roebel

De Russyske roebel is de munt fan de Russyske Federaasje. 100 kopeken binne ien roebel. De roebel wie ek de munt fan de Sowjetuny (1917-1991). De ôfkoarting fan de hjoeddeiske roebel is RUB (ISO 4217). Op 1 jannewaris 1998 waard nei in desennium fan hyperynflaasje in nije roebel ynfierd: 1 nije roebel komt oerien mei 1000 âlde roebels. De ôfkoarting fan de âlde roebel wie RUR.

Munten en bankbiljettenBewurkje

Ien roebel is ferdield yn hûndert kopeken. Der binne munten fan 1, 5, 10, 50 kopeken, en fan 1, 2, 5, en 10 roebel. Yn de tiid fan de Sowjetuny wienen der ek munten fan 2, 3, 15 en 20 kopeken. Bankbiljetten binne der fan 10, 50, 100, 500, 1000 en 5000 roebel.

SymboalBewurkje

Sûnt desimber 2013 hat de roebel in offisjeel teken, geodkard troch Bank Rossii. Fan 2014 ôf soe it teken op muntjild ferskine.

Keppeling om utensBewurkje