Sûzdal

Sûzdal (Russysk: Суздаль) is in stêd yn de regio Vladimir yn Ruslân. De stêd leit oan de rivier de Kamenka, in sydrivier fan de Nerl op 26 kilometer noardlik fan de stêd Vladimir. Sûzdal makket mei in grut tal monuminten diel út fan de Gouden Ring fan Ruslân en stiet bekend om it, neffens it tal ynwenners rekkene, ûnwierskynlik grutte tal tsjerken en kleasters op it grûngebiet. Nettsjinsteande dy rykdom oan tsjerklike gebouwen waarden der yn de Sovjettiid dochs noch fyftjin tsjerken ôfbrutsen. De stêd hie yn 2018 in ynwennertal fan 9.618.

Sûzdal
Суздаль 342.jpg '
Flagge Wapen
Flag of Suzdal (Vladimir oblast).png Coat of Arms of Suzdal.png
Sifers
Ynwennertal 9.618 (2018)
Oerflak 15 km²
Befolkingstichtens 641 / km²
Stêdekloft
Hichte 115 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Vladimiri Oblast.png Vladimir
Oar
Stifting 1024
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side Sûzdalk

Sûnt 1992 stiet it kremlyn fan Sûzdal mei de Marije-Berte-katedraal, it Euthimiuskleaster mei noch fiif oare monuminten út de omkriten ynskreaun yn it register fan wrâlderfgoed fan UNESCO ûnder namme Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal.

SkiednisBewurkje

Neffens argeologysk ûndersyk wie der al yn de 10e iuw in delsetting yn de bocht fan de rivier Kamenka, dêr't letter de stêd Sûzdal ûnstie. Yn de kroniken wurdt Sûzdal foar it earst yn 1024 yn it ramt fan in opstân nei in mislearre rispinge troch droechte neamd as in stêd. Om de swierrichheden op te lossen kaam prins Jaroslav Vladimirovitsj nei Sûzdal. Grutfoarst Joeri Dolgorûki makke nei de dea fan syn broer Mstislav I fan Sûzdal oan it begjin fan de 12e iuw de haadstêd fan it prinsdom Rostov-Sûzdal, yn in tiid dat de tsjintwurdige haadstêd Moskou noch neat foarstelde. Yn 1157 brocht prins Andrei Bogoljûbski it bestjoerlik sintrum oer fan Sûzdal nei Vladimir. Sûnt it midden fan de 13e iuw is Sûzdal de haadstêd fan in ûnôfhinklike foarstendom. Oan it begjin fan de 14e iuw wurdt it plak de haadstêd fan it foarstendom Sûzdal-Novgorod, oant it yn 1392 ûnderdiel wurdt fan it Grutfoarstendom Moskou.

Yn 1445 fûn by de muorren fan it Euthimiuskleaster de Slach by Sûzdal plak. Alhoewol't de slach wat troepegrutte net al te grut wie, wiene de gefolgen wol grut. De Tataren namen namen grutfoarst Vasili II finzen en Sûzdal waard plondere. Om him wer frij te krijen waard Moskou twongen in grutte lospriis te beteljen. Sûzdal wie fanôf 1565 ien fan de opritsjnina-stêden.

Fanôf de 16e iuw sette it kleasterlibben in grut stimpel op de stêd. Njonken it grutter meitsjen fan besteande kleasters, waarden der nije stifte. De stêd waard ien fan de grutste sintra fan it russyske kleasterlibben. Fan de eartiids 11 kleasters binne der fiif bewarre bleaun. De earste helte fan de 17e iuw brocht de ekonomyske delgong fan de stêd en ek it ynwennertal naam ôf. De iene ramp folge op de oare ramp: yn 1608-1610 en yn 1612 waard Sûzdal oanfallen troch Poalsk-Litouske troepen en yn 1634 foelen de Krim-Tataren de stêd oan; in brân yn 1644 brocht grutte skea oan in part fan it oan it kremlyn grinzgjende stedsgebiet en yn de jierren 1654-1655 feroarsake de pest de dea fan hast de helte fan de befolking. Yn dy tiid telde Sûzdal noch mar 2.467 ynwenners.

De twadde helte fan de 17e iuw brocht bettere tiden en it tal ynwenners naam wer ta (yn 1681 6.145). Mei fanwegen it feit dat Sûzdal gjin ferbining krige mei it spoar gyng de yndustrialisaasje yn de 19e iuw oan de stêd foarby. Dêr is it oan mei te tankjen dat de houten gebouwen bewarre bleaune en dat de âlde tsjerken net slachtoffer waarden fan grutte ferbouwings. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny waarden likernôch 15 tsjerken ôfbrutsen.

Yn 1967 waard in plan ûntwikkele om fan Sûzdal in iepenloft museum te meitsjen. Oan it begjin fan de jierren 1970 waard in grut toeristekompleks krekt bûten Sûzdal yn it doarp Korovniki boud, der waarden eksposysjes ûntwikkele en der fûn restauraasje fan gebouwen plak. Yn 1965 kaam de Moskouse sjoernalist Joeri Bitsjkov (1913-2016) op it idee in toeristyske rûte op te setten, dêr't in ring fan russyske stêden diel fan útmakken, dy't bekend waard as de Gouden Ring fan Ruslân.

De stêd Sûzdal krige yn de jierren 1970 en 1980 ferskate ûnderskiedings foar it behâld fan it erfskip en de ûntwikkeling fan it toerisme. Yn 1992 waarden de wite stiennen monuminten fan Sûzdal tafoege oan it wrâlderfskip.

BefolkingsûntwikkelingBewurkje

Demografyske ûntwikkeling fan Sûzdal fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 6.412 6.567 9.012 10.179 11.529 12.063 11.357 10.535 9.618

Museum houten ArsjitektuerBewurkje

It museum fan houten arsjitektuer oan de kant fan de Kamenka krekt wat bûten Sûzdal besit 17 houten gebouwen. De tsjerken, hûzen en mûnen jouwe in ympresje fan it lanlike libben yn Ruslân. De meast opfallende gebouwen binne de Transfiguraasjetsjerke (Преображенская церковь) út 1756 en de Opstanningstsjerke (Воскресенская церковь) út 1776.

Monuminten (kar-út)Bewurkje

De measte tsjerken en kleasters fan Sûzdal datearje út de 17e en 18e iuw. Ien gebou stamt noch út de tiid foar de ynfallen fan de Mongoalen en dat is de Bertekatedraal yn it kremlyn. De katedraal ferlear troch grutte ferbouwings lykwols it oarspronklike oansjen. Fral it Foarbea- en it Ferlosser-Euthimiuskleaster binne it besjen wurdich. Tichteby Sûzdal, in it doarp Kideksja, stiet de Boris- en Glebtsjerke (Церковь Бориса и Глеба), ek in UNESCO-monumint.

Ofbyld Namme Russyske namme Boujier
  Kremlyn Кремль 1635
  Oerdekte merk Торговые ряды 1806
  Katedraal fan de Berte fan de Mem Gods Богородице-Рождественский собор 1222-1225
  Untsliepenistsjerke Успенская церковь 1719
  Opstanningstsjerke Воскресенская церковь 1720
  Lazarustsjerke en Antipastsjerke Лазаревская церковь / Антипиевская церковь 1667 / 1745
  Boris- en Glebtsjerke Борисоглебская церковь 1749
  Elíatsjerke Ильинская церковь 1744
  Foarbeakleaster Покровский монастырь 1364
  Aleksandrovski kleaster Александровский монастырь 1240 (?)
  Ferlosser-Euthimiuskleaster Спасо-Евфимиев монастырь 1352
  Transfiguraasjekatedraal Спасо-Преображенский собор 1511-1594
  Kleedôflizzingskatedraal Собор Положения риз Пресвятой Богородицы 13e iuw
  Yntocht yn Jeruzalimtsjerke Входо-Иерусалимская церковь 1702-1707
  Konstantyn- en Helenatsjerke Царево-константиновская церковь 1707
  Transfiguraasjetsjerke (Museum) Входо-Иерусалимская церковь 1756
  Opstanningstsjerke (Museum) Воскресенская церковь 1776
  Sint-Nikolaastsjerke (Museum) Николаевская церковь 1776

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Суздаль