Saco van Teyens (1797-1857)
Saco van Teyens (Beetstersweach, 12 april 1797 - dêre, 1 febrewaris 1857) wie in Nederlânsk bestjoerder en rjochter.
Saco van Teyens (1797-1857) | ||
politikus | ||
Hantekening Van Teyens | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Beetstersweach | |
stjerplak | Beetstersweach | |
etnisiteit | Frysk | |
Plakferfangend frederjochter yn Beetstersweach | ||
amtsperioade | 1830-1831 | |
Frederjochter yn Beetstersweach | ||
amtsperioade | 1831-1835 | |
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1835-1851 | |
Grytman fan Opsterlân | ||
amtsperioade | 1839-1853 | |
Amtner iepenbier ministearje kantongerjocht Beetstersweach | ||
amtsperioade | 1850-1856 | |
Boargemaster fan Opsterlân | ||
amtsperioade | 1851-1853 |
Biografy
bewurkje seksjeVan Teyens wie in soan fan Benedictus van Teyens, gritenijsekretaris fan Opsterlân en ûntfanger fan de Opsterlandse Veencompagnie, en Froukjen Alberts, waans kokenfaam er yn 1795 oan boaske.[1] Dat houlik soe ferbân hâlde mei it wankjende útstjerren fan de famylje Van Teyens. Saco, syn suster Etta Arnolda en broer Oene wiene de lêste telgen fan dat laach. Leden fan dat eigenerfde geslacht wiene benammen aktyf as gritenijsekretaris.
Van Teyens studearre earst yn Ljouwert en fan 1815 ôf rjochten yn Grins. Yn 1823 promovearre er oan de universiteit fan Grins.[2] Nei syn stúdzje gie er werom nei Beetstersweach en wenne er mei syn suster yn it Van Teyenshûs dat letter part fan it pân Bordena waard.[3] Yn 'e mande mei syn broer en suster ferkocht er in protte lân yn Fryslân en it Grinslânske Westerkertier.[1] Yn 1828 wie der in boelskieding tusken Van Teyens en syn broer en suster. Dêrby krige er de Fockensstate dy't earder fan de famylje Fockens wie. Nei it ferstjerren fan syn mem yn 1853 bewenne er dy state.[4] Hy liet de state tusken 1853 en 1857 ferbouwe; alinne de wapenseal bleau ûnferoare.[5] Nei alle gedachten liet er ek de fan Lucas Pieters Roodbaard ûntwurpen tún fernije troch Gerrit Vlaskamp.[6]
Yn 1830 waard er plakferfangend frederjochter op De Sweach foar't er yn 1831 echt frederjochter waard.[7] Dêrneist waard er yn 1833 Steatelid en yn 1835 grytman fan Opsterlân. De funksje fan grytman soe yn 1851 feroarje yn boargemaster. Van Teyens kaam yn 1830 ek foar as kaptein by de mobile skutterij en letter as kolonel by de rêstende skutterij.[8]
Van Teyens bleau syn libben lang frijfeint. Hy stoar yn 1857; der waard sein dat er himsels tekoart dien hie. Hy waard beïerdige yn it famyljegrêf by de Herfoarme tsjerke fan Beetstersweach.[1] Mei't er gjin testamint opmakke hie, fererfe syn fermogen op syn broer en suster. Dy brochten in part fan it Van Teyensfermogen ûnder yn de stichting Van Teyens Fundatie. Dy stichting bestiet noch hieltyd en hat in eigen Fundaasjegebou út 1858 oan it Kerkepad Oost.[9] De Fockensstate waard yn 1863 troch Oene ferhierd oan Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten. De ferhier waard fuortset troch Marcus van Heloma (1847-1922), erfgenamt fan de state. Van Heloma liet de Fockensstate yn 1879 ferfange troch it hjoeddeiske eklektyske gebou.[5] Fierwei it grutste part fan de erfenis waard troch Oene neilitten oan syn dokter Joachimus Lunsingh Tonckens.[10] Der soene noch lange tiid prosedueres fierd wurde oer it testamint fan Oene van Teyens en de erfenis fan de lêste trije Van Teyens, dêr't ûnder oaren de Coendersboarch by wie. De saak rûn lang om let fêst yn 1967 foar Europeeske Kommisje foar de rjochten fan de mins.[11]
-
It pân Bordena oan de Haadstrjitte yn Beetstersweach. It eardere Van Teyenshûs lofts, waard yn 1980 fernijd.
-
De Fockensstate foar 1879 nei de ferbouwing troch Van Teyens.
Bibliografy
bewurkje seksje- Disputatio juridica inauguralis, de causis excusationum a tutelis, quid de illis a priori legibus possit et debeat definiri, quid judicis arbitrio in facto sit relinquendum. Groningae [1823] (proefskrift).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|